De Transbaikal (Russysk: Забайка́лье, Zabajkalje), soms ek wol Transbaikaalje neamd of Daurje (Russysk: Даурия, Daurija) is in bercheftige lânstreek yn it suden fan Sibearje en it Fiere Easten fan Ruslân, dy't beëasten de grutte Baikalmar leit. De namme 'Transbaikal' ferwiist nei de geografyske lizzing, mei't "trans-" safolle betsjut as "oarekant fan". De namme "Daurje" ferwiist nei it lânseigen folk fan 'e Dauren.

Tsjita is de wichtichste (mar net de grutste) stêd yn 'e Transbaikal.
Net te betiizjen mei it Transbaikalterritoarium, in bestjoerlike ûnderferdieling fan Ruslân.

Geografy bewurkje seksje

De Transbaikal leit yn it súdeasten fan Sibearje oan 'e easkant fan 'e Baikalmar en westlik fan 'e bopperin fan 'e rivier de Amoer. Yn it noarden hearre it Patomskojeplato en it Noard-Baikalplato der noch ta, wylst it yn it suden trochrint oan 'e súdgrins fan Sibearje ta. De wichtichste rivieren yn it gebiet binne de Sjilka en de Ergûn, dy't beide sydstreamen fan 'e Amoer binne. It sintrum fan 'e Transbaikal wurdt dominearre troch it Jablonovyberchtme. De steppe en moerassen yn it suden hawwe in beskerme status as it Daurysk Natoerreservaat.

Fan east nei west mjit de Transbaikal mear as 1.000 km, en fan noard nei súd krapoan in gelikense ôfstân. It is in lânstreek mei dizenige ôffredings, mar it oerflak sil nei gedachten likernôch 750.000–800.000 km² berinne. Bestjoerlik omfettet de Transbaikal it territoarium Transbaikal, it meastepart fan 'e autonome republyk Boerjaasje en it noardeasten fan 'e provinsje Irkûtsk. It gebiet wurdt begrinzge troch it Sisbaikalske diel fan 'e provinsje Irkûtsk yn it westen, de autonome republyk Sacha yn it noarden, de provinsje Amoer yn it easten, Mantsjoerije (in diel fan Sina) yn it súdeasten en Mongoalje yn it suden.

 
It Daurysk Natoerreservaat.

Skiednis bewurkje seksje

Yn 'e Aldheid wiene de westlike Transbaikal en de iggen fan 'e Baikalmar it domein fan 'e Oermongoalske plaatgrêfkultuer. De earste Russyske ûntdekkingsreizgers berikten de Transbaikal yn 1640. Yn 1851 waard de Transbaikal in provinsje fan it Keizerryk Ruslân. De haadstêd wie earst Nertsjinsk, mar waard letter ferhuze nei Tsjita. Nei de Russyske Revolúsje fan 1917 wie de Transbaikal ûnder de Russyske Boargeroarloch fan 1920 oant 1922 diel fan 'e Fiereastlike Republyk.

 
It âldste gebou yn 'e Transbaikal is dizze tsjerke by Nertsjinsk, dy't datearret út 1712.

Neitiid foarme it meastepart fan 'e Transbaikal de provinsje Tsjita fan 'e Russyske Sosjalistyske Federative Sovjetrepublyk fan 'e Sovjet-Uny. In oar grut part foarme de Autonome Sosjalistyske Sovjetrepublyk Boerjaasje. Fierders wie der it Agin-Boerjatysk Autonoom Distrikt. It restant waard yndield by de provinsje Irkûtsk. Nei de fal fan 'e Sovjet-Uny yn 1991 bleau dat sa yn it nije Ruslân. Yn 2008 waarden Agin-Boerjaasje en de provinsje Tsjita fusearre ta it nije territoarium Transbaikal.

Demografy bewurkje seksje

Yn 'e Transbaikal wenje sa'n 2 miljoen minsken. De grutste stêd is Ulan-Ude, de haadstêd fan 'e autonome republyk Boerjaasje, mei likernôch 435.000 ynwenners, folge troch it ekonomysk wichtigere Tsjita, de haadstêd fan it territoarium Transbaikal, mei fan likernôch 350.000 ynwenners. De etnyske gearstalling fan 'e befolking fan 'e Transbaikal omfettet foar it meastepart Russen, mei as grutste lânseigen groep sa'n 450.000 Boerjaten, oanfolle troch etnyske Oekraïners en Wytrussen en lytsere lânseigen groepen as de Dauren en de Ewinken.

Klimaat bewurkje seksje

De Transbaikal hat in sterk lânklimaat, mei lange strange winters. De trochsneed temperatuer farriëarret der yn jannewaris fan –23 °C yn it suden oant –33 °C yn it noarden en súdeasten. De simmers binne waarm, mar yn it berchlân bliuwt it koel. De trochsneed temperatuer fariëarret fan 10 °C oant 20 °C yn 'e dellings oant 5 °C oant 7 °C yn berchtmen boppe de 2.500 m. Yn 'e dellings falt trochinoar yn it jier mar 300 mm delslach, mar op 'e toppen fan 'e bergen wol 1.000 mm.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.