Irkûtsk (oblast)

De oblast Irkûtsk (Russysk: Ирку́тская о́бласть, Irkûtskaja oblast) is in bestjoerlik dielgebiet yn de Russyske Federaasje. De oblast foarmet ûnderdiel fan it Federale Distrikt Sibearje. De haadstêd is Irkûtsk.

Irkûtsk oblast

Ирку́тская о́бласть

flagge wapen
polityk
soarte gebiet Oblast
lân Ruslân
federaal distrikt Sibearje
ekonomyske regio East-Sibearje
haadplak Irkûtsk
grutste plak Irkûtsk
taal Russysk
Etnyske groepen Russen 88%
Boerjaadjers 3,2%
Oekraïners 1,27%, Tataren 0,94%
Wyt-Russen 0,33% (Stân 2010)
sifers
ynwennertal 2.357.134 (2022)
oerflak 774 846 km²
befolkingstichtens 3,04 ynw./km²
oar
stifting 1937
tiidsône UTC+8, MSK+5
koördinaten 57° 22' N 106° 00' E
webside www.irkobl.ru
 
De Bailakmar by Chûzjir (Olchonski-rajon)

De oblast leit yn it suden fan Sibearje en grinzget oan de republiken Boerjaasje en Tûva yn it suden en súdwesten, oan de kraj Krasnojarksk yn it westen, de republyk Sacha yn it noardeasten en oan de kraj Transbaikal yn it easten.

Yn it súdeasten fan de oblast leit de Baikalmar. De Angara hat syn boarne yn de Baikalmar en streamt nei it noardwesten om yn de Jenisej út te mûnjen. Yn de rivier leit de Irkûtsk-daam. Twa oare grutte damen fierder de stream ôf binne by Bratsk en Ust-Ilimsk, dêr't grutte wetteropslachmarren lizze. In oare rivier dy't syn boarne yn de oblast hat is de Lena, dy't fan it noarden nei it easten nei de oanbuorjende republyk Sacha streamt.

It lânskip fan de oblast bestiet fral út de bergen en brede deltes fan it Sintraal Sibearyske Plato. It Primorskiberchtme en ut Baikalberchtme lizze oan de Baikalmar. Yn it noardeasten, dat diel útmakket fan 'e Transbaikal, lizze it Noard-Baikalplato en it Patomplato.

Eartiids wennen Boerjaten en lytse Turkske folken yn it gebiet, mar hjoeddedei foarmje de Russen de mearderheid. Nei Oeigoersk en Mongoalsk bewâld setten yn de 18e iuw de Russyske kolonisaasje yn. De stêd Irkûtsk spile in grutte rol by de ûntdekking en oermastering fan it útwrydske East-Sibearje en it Fiere Easten fan Ruslân.

Yn 1898 waard it spoar troch it gebiet oanlein as ûnderdiel fan it Trans-Sibearyske spoar.

De yndustrialisaasje fan de stêd sette yn de jierren 1930 útein, yn dy tiid binne in soad fabriken boud. Ek krige de stêd in universiteit.

Belangrike sektoaren yn de oblast binne mynbou (goud, koalen en izererts), de enerzjywinning troch de grutte wetterkrêftsintrales by Bratsk, Irkûtsk en Ust-Ilimsk, de gemyske yndustry en de aluminiumproduksje.

Bestjoersyndieling en grutte plakken

bewurkje seksje
 
Regearingsgebou fan de oblast yn Irkûtsk

De oblast is ûnderferdield yn 33 rajon's en 9 stedsdistrikten.

Op 16 april 2006 folge nei in referindum it beslút om it autonome distrikt fan de Ust-Ordynsker Boerjaten yn de oblast Irkûtsk te yntegrearjen. It út seis rajon's besteande en folslein troch de oblast Irkûtsk omfieme distrikt wie in selsstannich dielgebiet oant op 1 jannewaris 2008 de gearfoeging fan krêft waard.

De belangrykste stêden fan de oblast binne njonken Irkûtsk, Bratsk en Angarsk: Ust-Ilimsk, Usolje-Sibirskoje en Tsjeremchovo. Meiïnoar binne der 22 stêden en 52 plakken mei in stedsk karakter.

 
De wetterkrêftsintrale by Ust-Ilimsk
Grutste stêden Russysk Ynwenners* Wapen Lokaasje
Irkûtsk Иркутск 617.249 (2022)   52° 17' N 104° 18' E
Bratsk Братск 225.036 (2021)   56° 09' N 101° 37' E.
Angarsk Ангарск 224.630 (2020)   52° 34' N 103° 55' E
Ust-Ilimsk Усть-Илимск 80.419 (2020)   58° 00' N 102° 40' E
Usolje-Sibirskoje Усолье-Сибирское 76.047 (2020)   52° 45' N 103° 39' E
Tsjeremchovo Черемхово 50.154 (2020)   53° 09' N 103° 04' E

* Ynwennertallen binne ôfkomstich fan it Russysktalige lemma, oproppen op 31 july 2022

Russen foarmje in grutte mearderheid ûnder de befolking. Fierder foarmje Boerjaten, Oekraïners en Tataren de grutste minderheden yn de oblast (2022). Sûnt de ûntbining fan de Sovjet-Uny hawwe in soad Oekraïners en Tataren de oblast ferlitten en is it tal migranten út de Kaukasus en Sintraal-Aazje tanommen.

Befolkingsûntwikkeling

bewurkje seksje
Jier 1897 1959 1970 1979 1989 2000 2010 2020 2022
Ynwennertal* 514.267 1.976.453 2.313.410 2.559.522 2.830.641 2.644.022 2.428.750 2.391.193 2.357.134

* Ynwennertallen binne ôfkomstich fan it Russysktalige lemma, oproppen op 31 july 2022

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Oblast Irkutsk


Dielgebieten fan Ruslân  
Republyk AdygeäAltaiBasjkortostanBoerjaasjeChakasjeDagestan • (Donjetsk) • IngûsjeesjeKabardino-BalkaarjeKalmukjeKaratsjai-TsjerkjesjeKareeljeKomi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • TsjûvasjeTûva
Kraj AltaiChabarovskKamtsjatkaKrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropolTransbaikal
Oblast AmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblast Joadske Autonome Oblast
Autonoom distrikt Chanto-MansjeJamalo-NenetsjeNenetsjeTsjûkotka
Federale stêd MoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne
  ·   ·