De oblast Orjol (Russysk: Орловская область; Orlovskaja oblast) is in oblast yn it wêst fan Ruslân.

Orjol oblast

Орловская область

flagge wapen
polityk
soarte gebiet Oblast
lân Ruslân
Federaal Distrikt Sintraal
Ekonomyske Regio Sintraal
haadplak Orjol
grutste plak Orjol
taal Russysk
sifers
ynwennertal 714.094 (2022)
oerflak 24.652 km²
befolkingstichtens 29 ynw. / km²
Etnyske groepen Russen (96 %)
Oekraïners (1 %)
stân 2002
oar
stifting 27 septimber 1937
tiidsône UTC +3
koördinaten 52° 58' N 36° 4' E
webside www.adm.orel.ru
 
De Oka yn Orjol oblast

De oblast leit yn it Federaasje Distrikt Sintraal. De oblast grinzget mei de klok mei fanôf it noarden oan de oblasten Kalûga, Tûla, Lipetsk, Koersk en lang om let yn wêst oan Brjansk.

Fan de noardlike grins oant de súdlike grins is de oblast 150 kilometer lang en fan it wêst nei it easten 20 kilometer. De oblast Orjol is ien fan de lytste oblasten fan de Russyske Federaasje. trochsnit

De belangrykste rivier fan de oblast is de Oka, in sydrivier fan de Wolga. Winterdeis binne de trochsnit timperatueren fan −8 oant −10 graden yn jannewaris en simmerdeis likernôch +18 oant +19 graden selsius.

De boaijem is fruchtber en de lânbou spilet in grutte rol yn de ekonomy.

De stêden Mtsensk, Livny en Novisil waarden al yn de 12e iuw stifte, mar de haadstêd Orjol pas yn 1566. Fan de 11e oant yn de 14e iuw hearde it gebiet earst by it Foarstendom Tsjernigov en dêrnei by it Foarstendom Brjansk. Sûnt de ynfallen fan de Mongoalen wie ek dit gebiet skatplichtich. Mei de Slach oan de Irpen yn 1321 feroare dat troch't it gebiet yn de ynfloedsfear fan it Gruthartochdom Litouwen kaam te lizzen. Yn tsjinstelling ta oare gebieten foel it lykwols net ûnder it direkte bestjoer fan Litouen. It duorre oant yn 1427, doe't it gebiet yn de Verchoski-foarstendommen ferdield wiene en ûnder it regintskip fan it Gruthartochdom Litouwen kaam.

Nei de Russysk-Litouske Kriich fan 1500-1503 waard it gebiet by it Grutfoarstendom Moskou foege. Sûnt bleau it by Ruslân.

 
Famylje yn tradisjonele klean (1904)

Orjol hearde by de sântjin regio's dy't by de hongersneed fan 1891-1892 troch in kombinaasje fan in droege hjerst, ierynfallende en strange froast en in droege maitiid en simmer swier troffen waarden.

Yn 1918 ûnstie ûnder lieding fan de boer Ivan Iljitsj Kljopov opstân tsjin de bolsjewiken. De stêd Livny waard ynnommen troch de rebellen, dy't in pear dagen letter troch bolsjewistyske fersterkings út Orjol ferslein waarden. Yn oktober 1919 waard der yn it gebiet slim fochten tusken de readen en de witen.

Yn de tiid fan de Grutte Terreur waarden der massa-eksekúsjes yn de oblast Orjol útfierd. In monumint yn Lipovtsjik waard op ien fan dy massagrêven oanlein en betinkt de slachtoffers út dy tiid.

De Dútske besetting fan de oblast yn de Twadde Wrâldkriich folge op 2 oktober 1941 mei de oermastering fan Kromy. In dei letter wiene de Dútsers yn Orjol en Mtsensk foel op 11 oktober. De Sovjet-troepen besochten yn febrewaris 1943 de kontrôle oer de oblast werom te krijen, mar slaggen dêr net yn. Yn 'e simmer fan 1943 waard de oblast befrijd, op 5 augustus kaam der yn Orjol in ein oan de Dútske besetting.

Befolkingsûntwikkeling

bewurkje seksje
Jier 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2021
Befolking 1.537.000 1.286.000 929.000 931.000 893.000 891.000 860.300 714.094

Bestjoer en stêden

bewurkje seksje

Yn de tsaristyske tiid foarme it grûngebiet fan de oblast de provinsje Orjol, earst yn it gûvernemint Kiëv, dêrnei yn it gûvernemint Belgorod. Yn 1778 waard it in ûnôfhinklik guvernemint.

Tusken 1928 en 1930 wie de Orjol Okrûg in bestjoerlike ienheid fan de Ekonomyske Regio Sintrale Swarte Ierde fan de Russyske Sosjalistyske Federative Sovjetrepublyk. Op 23 july 1930 waard it okrûg ûntbûn en it gebiet foel streekrjocht ûnder it Regionale Sintrum fan de Sintrale Regio fan Tsjernobyl. De measte rajons binne yn 1938 wer opnommen yn it tsjintwurdige oblast Orjol. Op 6 jannewaris 1954 waard de stêd Jelets mei njoggen rajons fanút de oblast Orjal by it nij stifte oblast Lipetsk yndield.

De oblast Orjol bestiet út 24 rajons en trije stedsdistrikten. Orjol is de haadstêd en de iennige stêd mei mear as 100.000 ynwenners. Oare grutte plakken binne de stêden Mtsensk en Livny. Meiïnoar hat de oblast sân stêden en 13 plakken mei in stedsk karakter.

List stêden/plakken mei in stedsk karakter (te ferlikenjen mei in flekke)

bewurkje seksje
 
Epifanytsjerke fan Orjol
Stêd (*) /Plak mei stedsk karakter Russysk Rajon /stedsdistrikt Ynwennertal Wapen Lokaasje
Bolchov* Болхов Bolchovski rajon 10.685   53° 27' N 36° 0' E
Chomûtowo Хомутово Novoderevenkovski rajon 4.002   52° 51' N 37° 26' E
Chotynets Хотынец Chotynets 4.002   52° 51' N 37° 26' E
Dmitrovsk* Дмитровск Dmitrovski rajon 4.947   52° 30' N 35° 08' E
Dolgoje Долгое Dolzjanski rajon 3.861   52° 03' N 37° 31' E
Glazûnovka Глазуновка Glazûnovka 5.193   52° 29' N 36° 19' E
Kolpny Колпны Kolpnjanski rajon 5.481   52° 13' N 37° 01' E
Kromy Кромы Kroskoi rajon 6.733   52° 41' N 35° 46' E
Livny* Ливны stedsdistrikt 47.019   52° 25' N 37° 36' E
Maloarchangelsk* Малоархангельск Maloarchangelski rajon 3.141   52° 24' N 36° 30' E
Mtsensk* Мценск stedsdistrikt 36.179   53° 16' N 36° 34' E
Narysjkino Нарышкино Uritski rajon 10.378   52° 58' N 35° 43' E
Novosil* Новосиль Novosilski rajon 3.087   52° 58' N 37° 03' E
Orjol* Орёл Stedsdistrikt 298.172   52° 58' N 36° 05' E
Pokrovskoje Покровское Pokrovski rajon 4.088   52° 36' N 36° 52' E
Sjablykino Шаблыкино Sjablykinsky rajon 2.828   52° 51' N 35° 11' E
Verchovje Верховье Verchovski rajon 6.868   52° 48' N 37° 14' E
Zalegosjtsj Залегощь Zalegosjtsjenski rajon 4.851   52° 54' N 36° 53' E
Zmijovka Змиёвка Sverdlovski rajon 5.592   52° 40' N 36° 22' E
Znamenka Знаменка Orlovski rajon 11.000   52° 53' N 35° 58' E

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Орловская область


Dielgebieten fan Ruslân  
Republyk AdygeäAltaiBasjkortostanBoerjaasjeChakasjeDagestan • (Donjetsk) • IngûsjeesjeKabardino-BalkaarjeKalmukjeKaratsjai-TsjerkjesjeKareeljeKomi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • TsjûvasjeTûva
Kraj AltaiChabarovskKamtsjatkaKrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropolTransbaikal
Oblast AmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblast Joadske Autonome Oblast
Autonoom distrikt Chanto-MansjeJamalo-NenetsjeNenetsjeTsjûkotka
Federale stêd MoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne
  ·   ·