De kraj Krasnodar (Russysk: Краснодарский край, Krasnojarski kraj) is in kraj yn it súdwesten fan de Russyske Federaasje. it bestjoerlike sintrum is de stêd Krasnodar.

Kraj Krasnodar

Краснодарский край

flagge wapen
polityk
soarte gebiet kraj
lân Ruslân
federaal distrikt Súd
ekonomyske regio Noard-Kaukasus
haadplak Krasnodar
grutste plak Krasnodar
taal Russysk
Etnyske groepen Russen (86,54%)
Armeenjers (5,39%)
Oekraïners (1,6%) (stân: 2010)
sifers
ynwennertal 5.687.378 (2022)
oerflak 75.485 km²
befolkingstichtens 75,34 ynw. / km²
oar
stifting 13 septimber 1937
tiidsône UTC+3, MSK
koördinaten 45° 22' N 39° 26' E
webside admkrai.kuban.ru
 
Hjerst yn de Kaukasus

De kraj leit yn 'e Koeban, noardwestlik fan de Noard-Kaukasus en grinzget oan de oblast Rostov, de kraj Stavropol, de autonome republiken Karatsjaj-Tsjerkesje en Adygeä en de lânsgrins mei Abchaazje. Oer see grinzget it ek oan de Krim, dy't sûnt 2018 mei de Krimbrêge in fêste ferbining hat mei de kraj. De autonome republyk Adygeä wurdt hielendal omklamme toch it grûngebiet fan de kraj.

De kraj hat in totale grinslingte fan 1540 km, werfan't 740 km by de Swarte See lâns rint. De grutste ôfstân fan de kraj fan noard nei súd is 327 km, fan west nei east 360 km. It grûngebiet fan de kraj is 75.485 km².

 
Moerassipressen by Anapa

De rivier de Kûban snijt de kraj midstwa: it noardlike diel (2/3 part) is flak , wylst it súdlike diel (rûchwei 1/3 part) bercheftich is en foarme wurdt troch it westlike heechlân fan de Grutte Kaukasus. De heechste berch is de Tsachvoa mei in hichte fan 3345 m.

In diel fan it gebiet (oant de bergen en de kust fan de Swarte See súdlik fan Anapa) bestiet út steppelân. De republyk hat mear as 1,5 miljoen hektare oan boskareaal.

Fral yn de bercheftige gebieten wurde grûnstoffen fûn. De kraj hat foarrieden oalje, ierdgas, moarmer, kalkstien, sânstien en oare boumaterialen, izer, koper en wat goud.

Yn it grutste diel fan de kraj is it klimaat tuskenbeide kontinintaal.

In grut part fan de hjoeddeiske kraj waard lang befolke troch de Sirkassiërs, dy't oan de Swarte See hannel dreaune mei Genuezen en Griken. Der wiene ferskillende Grykske koloanjes oan 'e kust fan de Swarte See, dy't letter ûnderdiel fan it Bosporuskeninkryk foarmen. De kontakten mei de Genuezen en Griken droegen by oan de ûntwikkeling fan ambachten ûnder de ferskillende stammen. Ien fan de gruttere delsettings út dy tiid is de stêd Tûapse.

Yn de jierren 1243-1438 makke it gebiet diel út fan de Gouden Horde. Nei de delgong fan de Gouden Horde waard de Kûban ferdield tusken it Krimkanaat, it Osmaanske Ryk en Sirkaazje. De ferskillende Sirkassyske stammen ferienen harren ûnder prins Inal, dy't fan 1427 oant 1453 regearre. Nei it houlik fan in dochter fan de Sirkassyske prins Temrjûk Idar (Maria Temrjûkovna) mei Ivan de Grousume wiene de relaasjes tusken Sirkaazje en it Russyske Ryk tige freonlik.

It Osmaanske Ryk kontrolearre de regio en sultan Selim II besocht yn 1569 de Russen út de benedenrin fan de Wolga te ferjijen mei in ekspédysje nei Astrachan. Dy ekspedysje einige yn in ramp foar it Osmaanske Ryk, it slagge it leger net Astrachan yn te nimmen en Selim's leger kaam hast folslein om yn de steppe. In fredesferdrach brocht rêst tusken Ruslân en it Osmaanske Ryk, mar de Osmaanske bûnsmaten op de Krim gyngen troch mei de oanfallen op it tsaardom. Nei de Tiid fan Reboelje yn Ruslân kamen de Romanov's oan de macht (1613) en wylst West-Europa de Nije Wrâld kolonialisearre, wreide it tsaardom him oer lân nei it easten, noarden en suden út.

 
Plechtige tanktsjinst by de Opstanningskatedraal fan Jekaterinodar, it tsjintwurdige Krasnodar yn 1864 foar it ein fan de Kaukasuskriich

Under Katarina II folge yn april 1783 de anneksaasje fan it Krimkanaat. Der waarden Kozakken op de Krim stasjonearre, dy't dêr de Swarte See-troepen foarmen en der foar soargen dat it gebiet Russysk bleau en it oanbuorjende Sikaazje jimmeroan mear ûnder ynfloed fan Ruslân kaam te stean. Nei de ôfrin fan de Kaukasus Kriich waard it gebiet definityf ûnderdiel fan it Russyske Ryk. It grutste part fan de befolking fan Sirkaazje (likernôch 2 oant 2,8 miljoen) waard deportearre nei it Osmaanske Ryk, in oar diel krige de flakke gebieten tawiisd.

Foar de Oktoberrevolúsje wie it grutste part fan de kraj ûnderdiel fan de oblast Kûban (Кубанская область, Kûbanskaja oblast) yn it keizerryk Ruslân. Yn 1900 wennen der yn it gebiet likernôch 2 miljoen minsken. Nei de revolúsje rôpen de Kûban-kozakken de ûnôfhinklike Folksrepublyk Kûban út en nei't de bolsjewiken de macht krigen wie it gebiet ûnderdiel fan de kraj Noardelike Kaukasus en de kraj Azov-Swarte See, oant op 13 septimber 1937 de hjoeddeiske kraj Krasnodar stifte waard. Oant 1990 hearde ek de tsjintwurdige autonome republyk Adygeä by de kraj, dy't mei it hiele gebiet omsletten wurdt troch de kraj Krasnodar.

It gebiet waard yn de jierren 1932-1933 troch in tige slimme hongersneed troffen.

Neffens de folkstelling fan 2010 foarmje de Russen mei 88,3% (ynklusyf de Kozakken) de grutte mearderheid.

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
Jier 1926 1939 1950 1959 1970 1979 1989 2000 2010 2022
Ynwenners 2.934.000 2.889.000 2.994.000 3.407.600 4.103.100 4.339.200 4.620.800 4.638.102 5.226.647 5.687.378

(Yn de sifers is gjin rekken holden mei de ynwenners fan de autonome republyk Adegeä, dy't oant 1989 ûnderdiel foarme fan de kraj Krasnodar. Yn dat jier rekke de kraj njonken grûn ek ynwenners kwyt).

Bestjoerlike yndieling

bewurkje seksje
 
Krasnodar, Katarinakatedraal
 
Sotsji
 
Krimbrêge

De kraj wurdt ferdield yn 38 rajon's. Njonken Krasnodar binne der noch trije stêden mei mear as hûnderttûzen ynwenners (2022): it toeristeplak Sotsji, de belangrykste hafenstêd oan de Swarte See Novorossiejsk en Armavir. Meiïnoar binne der 26 stêden en 12 plakken fan it stedske type.

Stêden mei mear as 50.000 ynwenners (2022)
Wapen Namme Russysk Ynwenners Lokaasje
  Krasnodar Краснодар 974.319 45° 02' N 38° 59' E
  Sotsji Сочи 466.078 43° 35' N 39° 43' E
  Novorossiejsk Новороссийск 277.185 44° 43' N 37° 46' E
  Armavir Армавир 186.147 45° 00' N 41° 07' E
  Jeisk Ейск 83.216 46° 42' N 38° 16' E
  Kropotkin Кропоткин 76.295 45° 26' N 40° 34' E
  Tichoretsk Тихорецк 55.243 45° 51' N 40° 07' E
  Tûapse Туапсе 60.440 44° 06' N 39° 05' E
  Slavjansk oan de Kûban Славя́нск-на-Куба́ни 67.252 45° 15' N 38° 07' E
  Labinsk Лабинск 57.273 44° 38' N 40° 44' E
  Krymsk Крымск 58.292 44° 56' N 38° 00' E
  Timasjovsk Тимашёвск 58.292 45° 37' N 38° 56' E
  Beloretsjensk Белореченск 58.292 44° 46' N 39° 52' E
  Anapa Анапа 95.873 44° 53' N 37° 19' E
  Gelendzjik Геленджик 75.136 44° 33' N 38° 04' E
 
Haven Novorossiejsk

De organisaasje fan de Olympyske Winterspullen 2014 brocht it gebiet in soad ynvestearrings yn de ynfrastruktuer. De seehavens biede oer de See fan Azov en de Swarte See tagong ta de ynternasjonale bûtenlânske hannelsrûtes en ferwurkje mear as 35% fan de Russyske bûtenlânske hannel en trochfier fan de Russyske seehavens. Likernôch in tredde fan de Russyske oalje wurdt troch dy havens eksportearre.

Krasnodar, Sotsi en Anapa hawwe ynternasjonale lofthavens.

De foedingsyndustry hat in oandiel fan 42,8% fan de totale yndustry, dêrnei komt de elektrisiteitsyndustry (13,4%), de branjeyndustry (10,5%), de masinebou en metaalbewurking (9,4%) en boumaterialenyndustry (7,9%).

De kraj is de wichtichste lânbouregio fan de Russyske Federaasje. Neffens resultaten fan 2018 produsearre it gebiet mear as 10% fan de lânbouproduksje fan Ruslân. De lânbou bestiet fral út wynbou en de ferbou fan nôt en sinneblommen. De kraj is de grutste teeprodusint fan Ruslân. Wat de feehâlderij oanbelanget heart de kraj ta de trije liedende Russyske regio's fan de molkeproduksje.

Oan de kust fan de Swarte See en de See fan Azov, de bergen en de stepperegio's is in positive ûntwikkeling fan it toerisme. De bydrage fan it toerisme wie yn 2014 14,2% fan it BBP.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Краснодарский край

  • Ynwennertallen binne ôfkomstich fan it Russysktalige lemma, oproppen op 17 septimber 2022.

Dielgebieten fan Ruslân  
Republyk AdygeäAltaiBasjkortostanBoerjaasjeChakasjeDagestan • (Donjetsk) • IngûsjeesjeKabardino-BalkaarjeKalmukjeKaratsjai-TsjerkjesjeKareeljeKomi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • TsjûvasjeTûva
Kraj AltaiChabarovskKamtsjatkaKrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropolTransbaikal
Oblast AmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblast Joadske Autonome Oblast
Autonoom distrikt Chanto-MansjeJamalo-NenetsjeNenetsjeTsjûkotka
Federale stêd MoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne
  ·   ·