Krimbrêge
De Krimbrêge (Russysk: Крымский мост, Oekraynsk: міст через Керченську протоку) is in ferbining oer it wetter tusken it skiereilân De Krim en de Russyske Federaasje. De brêge foarmet in 16,9 kilometer lange autodyk en in 18,1 kilometer lange spoarbrêge. It is de langste brêge fan Europa.
De brêge ferbynt it eastlike diel fan 'e Krim, it skiereilân Kertsj, mei it Russyske skiereilân Taman.
Bou
bewurkje seksjeOer de bou fan in ferbining waard al langer ûnderhannele tusken Ruslân en de Oekraïne. Yn 2010 ûndertekenen Ruslân en de Oekraïne in oerienkomst om oer de Strjitte fan Kertsj in brêge te bouwen.[1]
It duorre lykwols nei de anneksaasje fan 'e Krim troch Ruslân dat de plannen omset waarden yn 'e bou fan 'e Krimbrêge. De Russen hellen it inisjatyf doe folslein nei harren ta en yn trije jier tiid bouden hja de brêge tsjin in kostpriis fan likernôch 3,7 miljard USD.
Op 15 maaie 2018 waard de brêge yn oanwêzigens fan presidint Vladimir Pûtin iepene mei in kolonne oranje Kamaz-frachtweinen. De brêge gie op 16 maaie 2018 ek foar it gewoane ferkear iepen. Mei de nije brêge ferstevige Ruslân de kontrôle op 'e Krim.
Nei in healjier ûnstie op 25 novimber 2018 yn 'e Strjitte fan Kertsj in konflikt tusken Ruslân en de Oekraine, nei't trije Oekraynske marineskippen, twa kannonearboaten en in sleepboat, yn 'e rjochting fan 'e Strjitte fan Kertsj farden. Troepen fan 'e Russyske marine holden de skippen oan en leine se oan it ket, wylst de 24 Oekraynske bemanningsleden arrestearre waarden. De trochfeart bleau dêrnei in pear dagen ticht, mei't in grutte Russyske tanker dwers foar de farrjochting ûnder de brêge foar anker lei.
In ferdrach út 2003 tusken Ruslân en de Oekraïne regele in ûnbeheinde trochgong fan de Oekraïne en Ruslân ta de Strjitte fan Kertsj en de See fan Azov.[2]
Doelwyt
bewurkje seksjeNei de Russyske ynfaazje fan 'e Oekraïne waard de Krimbrêge in doelwyt fan Oekraynske oanfallen op de brêge.
Op 8 oktober 2022 fûn in swiere eksploazje op 'e brêge plak, wêrby in trein mei sân wagons branje op 'e brêge yn 'e brân fleach, wylst fan 'e autobaan in diel ynstoarte. Trije oerspannings stoarten fuorty yn en oer in streek fan 250 meter wie de autowei skansearre, wylst fiif minsken om it libben kamen. De Oekraïne beskuldige Ruslân sels efter de eksploazje te sitten en neamde it in gefolch fan in ynterne machtsstriid yn Moskou.[3]. Op 23 febrewaris 2023 makke it Russyske regear bekend dat de brêge wer iepen wie foar ferkear en op 5 maaie folge it berjocht dat de spoarbrêge wer iepen wie.
Op 17 july 2023 melde Moskou nije skea oan 'e brêge troch twa troch seedrones feroarsake eksploazjes, wêrby twa deaden foelen. In diel fan 'e brêge moast op 'e nij ôfsletten wurde. De Oekraïne naam no wol de ferantwurdlikens foar de oanslach op 'e brêge.[4]
De Russyske autoriteiten makken 12 augustus 2023 bekend dat Russyske militêren der yn slagge wiene om in Oekraynske raketoanfal op de brêge ôf te slaan. Gûverneur Sergej Aksjonov fan 'e Krim ûnderskreau dat trije raketten ûnderskept wiene.[5]
Ruslân melde begjin septimber 2023 dat der trije Oekraynske seedrones op wei nei de Krimbrêge ferneatige wiene. [6]
Ien fan 'e doelen fan it regear yn Kiëv is de Krim werom te feroverjen. De Oekraynske presidint Volodymyr Zelensky hat sein dat er nei de ferdriuwing fan 'e Russen út De Krim fan doel is de Krimbrêge ôf te brekken.[7]