Sotsjy

(Trochferwiisd fan Sotsji)

Sotsjy (Russysk: Сочи) is in Russyske stêd yn it suden fan kraj Krasnodar justjes benoarden de grins mei de Geörgyske regio Abchaazje[1] oan de Swarte See yn de Noardlike Kaukasus. It is it wichtichste baaiplak fan Ruslân en wurdt ek wol de 'Russyske riviêra' neamd. De agglomeraasje Grut-Sotsjy hat in lingte fan 147 kilometer en wurdt wol de 'op ien nei langste stêd yn de wrâld' neamd, al bestiet Grut-Sotsjy feitlik út mear as ien plak. De agglomeraasje rint fan de rivier de Sjepsy oant de rivier de Psou, dat ek de grins mei Abchaazje is.

Sotsjy
Сочи
RIAN archive 308905 Panorama of Sochi.jpg
Sifers
Ynwennertal 343.334 (2010)
Oerflak 3505 km²
Befolkingsticht. 1373 / km²
Hichte 30 m
Polityk
Lân Ruslân
Federaal distrikt Súd
Oar
Stifting 1838
1917 (stedsstatus)
Tiidsône MSK UTC+4
Simmertiid UTC
Offisjele webside
Offisjeel webstee
De Noard-Kaukasus mei Sotsjy, 1994

SportBewurkje

It Ynternasjonaal Olympysk Komitee hat yn july 2007 de Olympyske Winterspullen fan febrewaris 2014 tawiisd oan Sotsjy. Sotsjy is fan 2014 ôf foar sân jier gasthear F1 Grand Prix Ruslân. Foar it wrâldkampioenskip fuotbal yn 2018 sil it stadion fan Sotsjy ien fan de wedstrydplakken wurde.

BefolkingsûntjouwingBewurkje

 
Sicht op de Swarte See by Sotsjy (Prokoedin-Gorski: 1915)

Berne yn SotsjyBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. de jure part fan Geörgje, mar de facto ûnôfhinklik