Sverdlovsk (oblast)
De oblast Sverdlovsk (Russysk: Свердловская область; Sverdlovskaja oblast) is in oblast yn 'e Russyske Federaasje. Oars as de haadstêd Jekaterineburch hold de oblast de namme út de tiid fan de Sovjet-Uny. It is de oblast mei it heechste ynwennertal fan it Aziatyske diel fan Ruslân.
Sverdlovsk oblast
Свердловская область | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | Oblast |
lân | Ruslân |
federaal distrikt | Oeral |
ekonomyske regio | Oeral |
haadplak | Jekaterineburch |
grutste plak | Jekaterineburch |
taal | Russysk |
Etnyske groepen | Russen (90,6 %), Tataren (3,5 %) Oekraïners (0,9%), Basjkieren (0,8%) (stân: 2010) |
sifers | |
ynwennertal | 4.264.340 (2022) |
oerflak | 194.226 km² |
befolkingstichtens | 21,96 ynw. / km² |
oar | |
stifting | 1934 |
tiidsône | UTC +5 |
koördinaten | 58° 42' N 61° 20' E |
webside | www.midural.ru |
Geografy
bewurkje seksjeDe oblast grinzget oan de oblasten Koergan, Tsjeljabinsk en Tjûmen, de kraj Perm, de autonome republiken Komy en Basjkortostan en oan it autonome distrikt Chanto-Mansje.
De oblast leit foar in grut part oan de eastlike hellings fan de Oeral en giet op it West-Sybearyske leechlân oer. De heechste bergen binne de Konzjakovski Kamen (1569 meter) en Denezjkin Kamen (1492 meter). It midden fan de oeral is mei hichten fan 300 oant 500 meter mear heuveleftich sûnder berchtoppen.
Wichtige rivieren binde de Tavda en de Toera, dy't alletwa útmûnje op de Ob, en de Tsjûsovaja en de Ufa, dy't útmûnje op de Kama.
It klimaat is in lânklimaat mei kâlde winters en koarte, waarme simmers. De trochsneed temperatuer ferskilt winterdeis fan -15 °C oant -20 °C mei ekstremen oan -35 °C; yn it ferline waarden ek temperatueren leger as -45 °C metten. Simmerdeis is de trochsneedtemperatuer oant 19 °C, útsjitters nei boppe de 30 °C binne net seldsum.
Skiednis
bewurkje seksjeIt gebiet waard tsjin it ein fan de 16e iuw troch Ruslân kolonisearre. Yn 1598 waard Verchoturje as ien fan de earste stêden oan de oare kant fan de Oeral stifte. De stifting fan de haadstêd Jekaterineburch folge yn 1723. Sûnt 1708 hearde it gebiet by it nije gûvernemint Sibearje. Tusken 1781 en 1919 foel it gebiet fan de hjoeddeiske oblast yn it gûvernemint Perm. Op 15 july ûntstie it gûvernemint Jekaterineburch út de eastlik fan de Oeral lizzende dielen fan it gûvernemint Perm. Tusken 1923 en 1934 lei de oblast yn it yn 1923 stifte oblast Oeral. Yn 1934 waard de oblast Sverdlovsk stifte en dy bestiet sûnt sûnder fierdere grinsferoarings noch jimmeroan.
Ekonomy
bewurkje seksjeDe oblast is ryk oan boaiemskatten lykas goud, platina en in soad oare metalen. Mynbou, masjinebou en metaalferwurking binne de belangrykste ekonomyske sektoaren.
Bestjoersyndieling en stêden
bewurkje seksjeDe oblast is yn 68 stedsdistrikten en fiif rajons ûnderferdield. Njonken de haadstêd Jekaterineburch binne der noch trije oare grutte stêden mei mear as 100.000 ynwenners (2022): Nizjni Tagil, Kamensk-Uralski en Pervo-oeralsk. Meiïnoar binne der yn de oblast 47 stêden en 27 plakken mei in stedsk karakter.
Stêd | Namme | Wapen | Ynwenners | Lokaasje |
---|---|---|---|---|
Jekaterineburch | Екатеринбург | 1.493.600 (2022) | 56° 50' N 60° 35' E | |
Nizjni Tagil | Нижний Тагил | 344.656 (2021) | 57° 55' N 59° 58' E | |
Kamensk-Oeralski | Каменск-Уральский | 163.990 (2021) | 56° 24' N 61° 56' E | |
Pervo-oeralsk | Первоуральск | 119.365 (2021) | 56° 55' N 59° 57' E | |
Serov | Серов | 95.141 (2021) | 59° 35' N 60° 34' E | |
Novo-oeralsk | Новоуральск | 79.638 (2022) | 57° 15' N 60° 05' E | |
Asbest | Асбест | 62.285 (2021) | 57° 00' N 61° 27' E | |
Polevskoi | Полевской | 60.012 (2021) | 56° 27' N 60° 11' E | |
Revda | Ревда | 60.761 (2022) | 56° 48' N 59° 55' E | |
Verchnjaja Pysjma | Верхняя Пышма | 74.262 (2022) | 56° 58' N 60° 35' E | |
Krasnotûrjinsk | Краснотурьинск | 55.910 (2021) | 59° 46' N 60° 12' E | |
Berjosovski | Берёзовский | 60.334 (2021) | 56° 54' N 60° 48' E. | |
Lesnoi | Лесной | 49.259 (2021) | 58° 38' N 47° 00' E |
Befolkingsferrin
bewurkje seksjeJier | 1926 | 1939 | 1959 | 1970 | 1979 | 1989 | 2002 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 1.716.000 | 2.511.309 | 4.044.416 | 4.319.74 | 4.454.508 | 4.706.763 | 4.486.214 | 4.264.340 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Oblast Swerdlowsk
|