De kraj Altai (Russysk: Алтайский край; Altaiski krai), net te betiizgjen mei de lytsere autonome republyk Altai yn it súdeasten, is in bestjoersienheid yn it suden fan Sibearje yn de Russyske Federaasje.

Kraj Altai
Алтайский край
flagge wapen
polityk
soarte gebiet autonome republyk
lân Ruslân
federaal distrikt Sibearje
ekonomyske regio West-Sibearje
haadplak Barnaûl
grutste plak Barnaûl
Etnyske mienskippen Russen, Dútsers, Oekraïners
sifers
ynwennertal 2.268.179 (2022)
oerflak 167.996 km²
befolkingstichtens 13,5 ynw. / km²
oar
stifting 28 septimber 1937
tiidsône UTC+7 MSK+4
koördinaten 52° 46' N 82° 37' E
webside www.altairegion.ru
 
Altaiberchtme mei de Altai-rivier
 
Fysysk-geografyske kaart fan de kraj Altaj

De kraj leit yn it suden fan Sibearje oan de bopperin fan de Ob. Yn it suden dielt de kraj de lânsgrins mei Kazachstan, fierder grinzget de kraj oan de autonome republyk Altai, de oblast Novosibirsk en de oblast Kemerovo. It gebiet is fan west nei east likernôch 600 km, fan noard nei súd likernôch 400 km. De ofstân fan de haadstêd Barnaûl nei Moskou is himelsbreed 2.940 km.

It easten en it suden is bercheftich, it noarden en westen net in soad reliëf. Yn de kraj lizze de westlike útrinners fan it Altaiberchtme, dy't nei it westen yn it Westsibearyske Leechlân oergeane. Hast alle natuerlike sônes fan Ruslân binne fertsjintwurdige yn de kraj: steppes, bosksteppes, taiga en bergen.

It gebiet hat likernôch 17.000 rivieren en rivierkes. De Ob, de Bija, de Katûn, de Tsjûmisj, de Alei en de Tsjarysj binne de grutste rivieren. Troch it gearrinnen fan de Bija en de Katûn by Biisk ûnstiet de Ob, dy't mei in lingte fan 493 km de belangrykste rivier is. It streamgebiet fan de Ob beslacht 70% fan it grûngebiet fan de kraj. Fan de 13.000 marren en markes is de Kûlûndamar de grutste mei in oerflak fan 728 km².

Fan de oarspronklike biodiversiteit is yn de kraj net in soad bewarre bleaun. It oerflak fan de beskerme natoergebieten is minder as 5% fan de kraj, dat is in stik leger dan de trochsnit yn Ruslân en net foldwaande om it lânskips- en ekologyske lykwicht yn de biosfear te hanthavenjen. Yn de jierren 1950-1960 sette it oanmeitsjen fan de noch ûngerepte natoer fan it westlike steppelânskip útein. Meiïnoar waard 2,9 miljoen hektare omploege om plak te meitsjen foar 78 grutte steatsbuorkerijen. Yn dy tiid kamen likernôch 350.000 minsken út oare dielen fan Ruslân om mei te wurken oan dat grutskalige projekt. Om de diversiteit fan flora en fauna te bewarjen wurdt der wurke oan in grut netwurk fan natoergebieten.

Yn de twadde helte fan de 17e iuw begûn de Russyske kolonisaasje fan it gebiet. De kraj Altai is op 28 septimber 1937 oprjochte.

Om 1900 hinne waarden meardere Dútske doarpen yn it gebiet stifte en yn de Twadde Wrâldkriich waarden in soad Wolga-Dútsers nei dat gebiet ferballe. Yn 1991 waard yn it noardeasten fan de kraj tichteby de grins fan Kazachstan it Dútsk nasjonaal rajon (Немецкий национальный район; Nemetski natsionalny rajon) op 'e nij ynsteld. Dêrmei woe de oerheid de Dútsktalige mienskip fan Ruslân in alternatyf jaan foar de emigraasje nei Dútslân. Lang om let binne dochs in soad leden fan de Dútske mienskip emigrearre nei Dútslân. De emigranten waarden wer ferfongen troch etnyske Dútsers út Kazachstan en Kirgyzje, mar dy hiene har fakentiden folle mear mei oare etnyske groepen fermongen en praten gjin Dútsk mear. Yn de tiid fan de stifting fan it Dútske rajon foarmen de Dútsers de mearderheid, mar troch de emigraasje binne Russen de grutste befolkingsgroep.

De kraj is ryk oan grûnskatten lykas sâlt, kobalt, izererts, brúnkoal, nikkel en mangaan. Altai is ferneamd fanwegen syn ôfsettings fan jaspis, porfier, moarmer, granyt, oker en fanwegen de mineraalboarnen en natuerlike terapeutyske modder.

Belangrike sektoaren binne de metaalferwurking, de gemyske en de libbensmiddelenyndustry. It gebiet hat de potinsje om ek toerisme te befoarderjen.

Stêden en bestjoerlike yndieling

bewurkje seksje

Barnaûl is de haadstêd fan de kraj. Oare grutte plakken binne Bijsk en Rûbtsovsk.

De kraj is ûnderferdield yn 60 rajons en 12 stêden en plakken fan it stedske type. Meiïnoar binne der yn de kraj 12 stêden en seis plakken fan it stedske type.

 
Barnaûl
 
Yndustry yn Zarinsk
 
Kamen-na-Obi
Wapen Namme Russyske namme Ynwennertal 2021/2022* Oerflak Lokaasje
  Aleisk Алейск 28.434 43,9 52° 30' N 82° 47' E
Barnaûl* Барнаул 695.540 939,5 53° 20' N 83° 42' E
  Belokoericha Белокуриха 15.128 92,3 52° 00' N 84° 59' E
  Biisk Бийск 208.077 291,67 52° 31' N 85° 10' E
  Jarovoje Яровое 17.939 44,38 52° 56' N 78° 35' E
  Kamen-na-Obi Камень-на-Оби 40.294 48,79 53° 47' N 81° 20' E
  Novoaltaisk Новоалтайск 74.586 72,2 53° 24' N 83° 56' E
  Rûbtsovsk Рубцовск 139.565 84 51° 31' N 81° 13' E
  Sibirski (ZATO) Сибирский (ЗАТО) 12.272 6,08 53° 33' N 83° 50' E
  Slavgorod Славгород 28.757 53,32 53° 00' N 78° 39' E
  Zarinsk Заринск 45.405 291,67 53° 42' N 84° 55' E
  Zmeinogorsk Змеиногорск 10.187 34,05 51° 10' N 82° 10' E

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Алтайский край

  • Ynwennertallen binne ôfkomstich fan it Russysktalige lemma, oproppen op 3 septimber 2022

Dielgebieten fan Ruslân  
Republyk AdygeäAltaiBasjkortostanBoerjaasjeChakasjeDagestan • (Donjetsk) • IngûsjeesjeKabardino-BalkaarjeKalmukjeKaratsjai-TsjerkjesjeKareeljeKomi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • TsjûvasjeTûva
Kraj AltaiChabarovskKamtsjatkaKrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropolTransbaikal
Oblast AmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblast Joadske Autonome Oblast
Autonoom distrikt Chanto-MansjeJamalo-NenetsjeNenetsjeTsjûkotka
Federale stêd MoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne
  ·   ·