Barnaûl (Russysk: Барнау́л) is in stêd yn de Russyske Federaasje. De stêd is de haadstêd fan de kraj Altaj en leit oan de Ob, de langste rivier fan it lân.

Barnaûl
Барнау́л
Flagge Wapen
Polityk
Lân Ruslân
Kraj Altai
Sifers
Ynwennertal 631.124 (2022)
Oerflak 322,01 km²
Befolkingstichtens 1.949,59 ynw./km²
Hichte 180 m
Oar
Stifting 1730
stêd sûnt 1771
Simmertiid (UTC+7) MSK+4
Koördinaten 55° 09' N 61° 24' E
Webside www.barnaul.org

Skiednis bewurkje seksje

Barnaûl heart by de âldere stêden fan Sibearje. De stêd waard yn 1730 stifte as in kozakkefort.

Offisjeel wurdt it jier 1730 beskôge as it stiftingsjier fan de stêd, mar it jier 1739 is dokumintearre dat de ûndernimmer Akinfi Demidov in koperranerij oan de mûning fan de Barnaûlka yn de Ob bouwe liet, dêr't de stêd omhinne groeide. De koperranerij stie tichteby de rivier sadat it transport fan de masines en it ferfier fan it koper makkelik wie. Dêrnjonken wie tichteby ek bosk dat brânstof levere. Sa ûnstie it earste yndustriële sintrum fan Sibearje.

 
Koperranerij Barnaûl, healwei de 19e iuw

Doe't in pear jier letter sulvererts yn it Altaiberchtme fûn waard, ûnstie yn Barnaûl in ranerij foar sulver. Yn dy tiid levere de regio 90% fan al it sulver yn Ruslân. Op 1 maaie liet Katarina de Grutte de yndustry fan Barnaûl ûnteigenje en hja nasjonalisearre de stêd as sulversintrum fan it ryk.

Sûnt 1771 wie de stêd de twadde mynstêd fan Ruslân. De stêd hie dêrmei spesjale privileezjes, lykas it rjocht om sels jild út te jaan. De ôfskaffing fan it liifeigendom en it útputten fan de natuerlike helpboarnen laten yn 1893 ta it sluten fan de sulverranerij.

Sûnt it begjin fan de 20e iuw ûtwikkele de stêd him as kommersjeel sintrum. Yn 1902 waard foar de hannel in ferbining troch it Altaiberchtme nei Mongoalje iepene. De ekonomy krige in fiedere oantrún troch de oansluting op it spoar Turkestan-Sibearje.

In grutte stedsbrân ferneatige de stêd yn 1917. De weropbou, dy't troch de Russyske boargerkriich net eine, fûn plak as in túnstêd mei in soad grien.

 
Stedsdûma fan Barnaûl

Yn de jierren 1920-1940 ûntwikkele Barnaûl him neffens de prosessen fan yndustrialisaasje en kollektivaasje. In soad ynwenners fan doarpen ferhûzen nei de stêd, dy't in sintrum waard fan de agro-yndustry. Yn 1932 waard de grutste tekstylfabryk fan West-Sibearje yn Bernaûl boud. Doe't de kraj Altai yn 1937 stifte waard, waard Barnaûl oanwiisd as de haadstêd fan it distrikt.

Nei de Dútske ynvaazje yn 1941 ferhûzen likernôch 100 bedriuwen út Moskou, Leningrad, Odessa, Charkov en oare troch de Dútsers bedrige stêden nei de Barnaûl. Likernôch de helte fan de patroanen dy't it Reade Leger brûkte, waard yn in masinefabryk yn Barnaûl produsearre.

Nei de kriich groeide de stêd fierder en yn noardlike en noardwestlike rjochting waarden nije stedswiken oanlein. Healwei de jierren 1990 waard ek Barnaûl slim rekke troch de ekonomyske tebekslach. Fan in yndustriëel sintrum ûntwikkele de stêd him nei sektoren as de hannel, tsjinsten, bou en foedselyndustry.

Under Vladimir Pûtin is de Russyske ekonomy bot groeid, itjinge ek te sjen is oan it grutte tal nijbouprojekten yn Barnaûl. Yn dy tiid waarden de houten gebouwen mei ien ferdjipping yn it sintrum ferfongen troch hege wengebouwen en winkelsintra. Troch in weryndieling yn 2003 wreide it grûngebiet fan de stêd út.

Befolkingsûntwikkeling bewurkje seksje

Untjouwing ynwennertal Rûbtsovsk (1840-2022)
Jier 1835 1879 1897 1916 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2010 2012 2021
Befolking 9.100 13.529 21.073 71.200 148.162 305.046 439.134 533.263 601.811 600.749 612.401 621.669 631.124

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Барнаул