Tambov (oblast)

De oblast Tambov (Russysk: Тамбо́вская о́бласть, Tambovskaja oblast) is in federale bestjoersienheid fan de Russyske Federaasje.

Tambov oblast

Тамбо́вская о́бласть

Map of Russia - Tambov Oblast (2008-03).svg
flagge wapen
Flag of Tambov Oblast.svg Coat of arms of Tambov Oblast.svg
sifers
soarte gebiet Oblast
ynwennertal 980.984 (2022)
oerflak 34.462 km²
befolkingstichtens 28,47 ynw. / km²
polityk
lân Flag of Russia.svg Ruslân
federaal distrikt Sintraal
ekonomyske regio Sintraal-Tsjernozjom
haadplak Tambov
grutste plak Tambov
taal Russysk
Etnyske groepen Russen (97 %), Oekraïners (0,7 %)
Jezidi's (0,6%) (stân: 2020)
oar
stifting 27 septimber 1937
tiidsône UTC +3
koördinaten 52° 42' N 41° 42' E
webside regadm.tambov.ru

SkiednisBewurkje

Sûnt de 6e iuw nei Kristus ûnstie it Mordovinenfolk út lokale etnyske groepen fan Finsk-Oegryske komôf. De earste Russen ferskynden noch foar de Mongoalske tiid, mar de definitive kolonisaasje fûn yn de 17e iuw plak. Om de súdlike grinzen fan Ruslân te beskermjen waarden doe de befêstige stêden Kozlov (1635; sûnt 1932 omdoopt ta Mitsjoerinsk) en Tabov (1636) stifte. Dy stêden moasten de haadrûtes beweitsje om Nomadyske oerfallen tefoarren tekommen en makken in gaueftige kolonisaasje fan de krite mooglik.

Yn it ramt fan de bestjoerlike herfoarmings yn 1708 en 1719 fan Peter de Grutte waard it gebiet ûnderdiel fan it gûvernemint Azov. Yn 1779 waard Tambov in ûnderkeninkryk en yn 1796 it selstannige gûvernemint Tambov. Sûnder in soad feroarings bleau dat sa oant 1928.

Droechte en de wapene Sovjet-ynspekteurs dy't it iten foarderen, feroarsaken nei de revolúsje yn de regio in opstân tsjin de bolsjewiken. De opskuor yn it gûvernemint duorre fan 1920 oant 1921. Om de opstân te ûnderdrukken brûkten de bolsjewiken gemyske wapens tsjin de eigen befolking.

Op 27 septimber 1937 waard de oblast Tambov stifte út de oblasten Vornezj en Samara. Troch de foarming fan de oblast Penza rekke de oblast Tambov yn 1939 wer in diel fan it gebiet kwyt. Tusken 1954 en 1957 rekke de oblast tydlik noch it súdeastlike diel kwyt oan it doe stifte oblast Balasjov, mar dat diel waard nei de opheffing fan dat oblast wer by Tambov foege.

GeografyBewurkje

De oblast Tambov leit yn it súdlike diel fan it Russyske Leechlân en grinzget oan de oblasten Rjazan, Penza, Saratov, Voronezj (oblast)Voronezj and Lipetsk. It gebiet leit yn de bosksteppe en it gebiet bestiet foar likernôch 10% út bosk. Der binne likernôch 1400 rivieren en streamkes. Yn it Wolgabekken is de grutste rivier de Tsna, yn it Donbekken foarmje de Vorona, de Bitjûg, de Voronezj en de Savala de grutste rivieren.

BefolkingBewurkje

De befolking bestiet hast folslein út Russen. Yn de begjintiid fan de Sovjet-Uny ûnstiene der Wytrussyske en Oekraynske minderheden. Harren oantal is lykwols bot sakke. Dêrfoaroer is it tal jezidi's bot tanommen.

BefolkingsferrinBewurkje

Jier 1897 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2022
Ynwenners 2.684.030 2.726.478 1.877.900 1.549.001 1.511.938 1.393.491 1.322.372 1.178.443 980.984

Bestjoersyndieling en stêdenBewurkje

 
Tambov

De oblast is ferdield yn sân stedsdistrikten en yn 23 rajons. Grutste stêd is Tambov, folge troch Mitsjoerinsk, Rasskasowo, Morsjansk en Kotovsk. Meiïnoar hat de oblast acht stêden en tolve plakken mei in stedsk karakter.

Grutste stêden
Namme Russysk Ynwenners (2022) Wapen Lokaasje
Tambov Тамбов 287.407   52° 43' N 41° 26' E
Mitsjoerinsk Мичуринск 89.876   52° 53' N 40° 29' E
Rasskazovo Рассказово 42.293   52° 40' N 41° 53' E
Morsjansk Моршанск 37.477   53° 27' N 41° 48' E
Kotovsk Котовск 28.663   52° 35' N 41° 30' E
Uvarovo Уварово 22.916   51° 59' N 42° 16' E
Kisanov Кирса́нов 15.753   52° 39' N 42° 44' E

EkonomyBewurkje

De masjinebou, de gemyske yndustry en de libbensmiddelenyndustry foarmje wichtige pylders fan de ekonomy. De lânbou bestiet foaral út it hâlden fan fee en it ferbouwen fan feefoer.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Тамбовская область


 
Dielgebieten fan Ruslân

 

Republyk AdygeäAltaiBasjkortostanBoerjaasjeChakasjeDagestan • (Donjetsk) • IngûsjeesjeKabardino-BalkaarjeKalmukjeKaratsjai-TsjerkjesjeKareeljeKomi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • TsjûvasjeTûva
Kraj AltaiChabarovskKamtsjatkaKrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropolTransbaikal
Oblast AmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblast Joadske Autonome Oblast
Autonoom distrikt Chanto-MansjeJamalo-NenetsjeNenetsjeTsjûkotka
Federale stêd MoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne