Chabarovsk (kraj)

De kraj Chabarovsk (Russysk: Хабаровский край, Khabarovsky kraj, IPA: [xɐˈbarəfskʲɪj kraj]) is in dielgebiet fan Ruslân en leit yn it Russyske Fiere Easten en is part fan it Federaal distrikt Fiere Easten. De haadstêd is Chabarovsk, de grutste stêd yn it Russyske Fiere Easten, dêr't likernôch de helte fan de totale befolking fan de kraj wennet. De kraj Chabarovsk is it fjirde grutste dielgebiet neffens oerflak en hat in befolking fan 1.298.978 (2022).

Chabarovsk-kraj
Хабаровский край
Chabarovsk-kraj yn Ruslân
flagge wapen
sifers
soarte gebiet kraj
ynwennertal 1.298.978 (rûzing 2022)
oerflak 787.633 km2
befolkingstichtens 1,7/km2
polityk
lân flagge fan Ruslân Ruslân
federaal distrikt Fiere Easten
ekonomyske regio Fiere Easten
haadplak Chabarovsk
grutste plak Chabarovsk
bestjoer Dûma fan Chabarovsk-kraj
gûverneur Mikhail Degtjarev (waarnimmend)
oar
offisjele taal Russysk
stifting 20 oktober 1938
tiidsône UTC +10
koördinaten 54° 48' NB, 136° 50' EL
nûmerboerd 27
webside http://www.khabkrai.ru/
Regearingsgebou fan de kraj yn Chabarovsk
Komsomolsk oan de Amoer

De befolking bestiet foar it grutste part út etnyske Russen en lânseigen folken fan de Tûngûzyske folken.

De kraj Chabarovsk leit yn it Russyske Fiere Easten en grinzget oan de oblast Magadan yn it noarden, oan de republyk Sacha en de oblast Amoer yn it westen, oan de Joadske Autonome Oblast, de Sineeske provinsje Heilongjiang en it Kustterritoarium yn it suden en de See fan Ochotsk en de Tataresont yn it easten. It is mei in oerflak fan 785.730 km² it op trije nei grutste gewest yn Ruslân.

De fegetaasje fan de kraj bestiet út toendra en taigabosk yn it noarden, út sompich wâld yn de sintrale flakte en bluisterich bosk yn it suden. De wichtichste rivieren yn de kraj binne de Amoer, Amgûn, Oeda en Tûgoer. Berchtmen yn de kraj binne it Boerejaberchtme, it Badzjalberchtme mei de heechste pyk de 2.221 meter hege Gora Ulûn, de Jam-Alin, de Dûsse-Alin, de Sichote-Alin, it Dzjûgdzjoerberchtme, it Kondjor-massyf, en parten fan it Sûntar-Chajataberchtme, dêr't de berch Berill it heechste punt fan de kraj fan is. Der binne ferskate skiereilannen oan de kust fan de kraj. Eilannen foar de kust fan de kraj binne ûnder oaren de Sjantar-eilannen. It eilân Sachalin, it grutste eilân fan Ruslân, foarmet mei de eilannen fan de Koerilen de oblast Sachalin.

It klimaat fan de kraj Chabarovsk hat in sterk lânklimaat. Yn it noarden is der subarktysk klimaat mei mylde wiete simmers. Yn it suden, benammen it gebiet fierder fan de kust ôf, sa as yn de haadstêd Chabarovsk, is der in lânklimaat mei hjitte en fochtige simmers, en kâlde lange winters dêr't de deitemperatuer amper boppe 0 °C komt. Dat komt troch de ynfloed fan de Eastaziatyske moesson yn de simmer en de kâlde Sibearyske luchtstream yn de winter. De twadgrutte stêd fan de kraj, Komsomolsk oan de Amoer hat sels noch grutte temperatuerferskillen.

Neffens ferskate Sineeske en Koreaanske boarnen wennen yn it súdlike part fan de kraj ien fan de fiif Sjiwei-stammen. De Bo-Sjiwei en de Swartwetter Mohe-stammen holden harren ta yn it westen en easten fan it Boerajaberchtme en de Lytse Hingan.

De Russyske ekspedysjelieder Vassili Pojarkov farde de rivier de Amoer del om nei Jakûtsk werom te kearen oer de See fan Ochotsk en de rivier de Aldan. Yn 1649-1650 besetten de Kozakken ûnder lieding fan Jerofej Chabarov de ouwers fan de Amoer, mar dy kamen wjerstân fan de Sinezen temjitte. De Kozakken moasten harren forten, dy't se oan de Amoer boud hiene, ferlitte. By it Ferdrach fan Nertsjinsk yn 1689 moast Ruslân him út it gebiet om de rivier hinne lûke.

Alhoewol't it de Russen ferbean waard de Amoer te befarren, wie der yn it Ferdrach fan Nertsjinsk neat besprutsen oer de ûnderrin fan de Amoer. It gebiet tusken de rivier de Oeda en it berchtme fan de Grutte Hingan, dus yn it gebiet om de ûnderrin fan de Amoer hinne, hie gjin fêste grinzen en dus koe de Sineesk-Russyske grins maklik ferskood wurde.

Yn de njoggentjinde iuw hold de Russyske generaal en diplomaat Nikolaj Moeravjov-Amoerski der in hurdere line op nei oangeande de relaasje mei Sina. Hy easke it gebiet om de ûnderrin fan de Amoer op foar Ruslân. Yn 1852 ferfear in Russyske ekspedysje ûnder lieding fan Moeravjov nei de Amoer. Yn 1857 setten Russyse Kozakken en lânwurklu harren nei wenjen yn de delling fan de Amoer. Yn 1858, by it Ferdrach fan Aigun erkende Sina it bekken fan de ûnderrin fan de Amoer oant de rivier de Ussoeri ta. Dy rivier waard de grins tusken it Russyske Keizerryk en it Sineeske Keizerryk ûnder de Qing-dynasty. Dat joech Ruslân frije tagong ta de Grutte Oseaan. De Sineesk-Russyske grins waard by de Konvinsje fan Peking yn 1860 krekter fêstlein doe't it Ussoeri-territoarium, dy't troch beide Ruslân en Sina bestjoerd waarden, folslein Russysk waard.

De kraj Chabarovsk waard op 20 oktober 1938 doe't de kraj Fiere Easten yn twaen spjalte waard tusken de krajs Chabarovsk en Primorje. De oblast Kamtsjatka, dy't ûnder de kraj Fiere Easten foel, kaam ûnder it foech fan de kraj Chabarovsk, tegearre mei de autonome distrikten (okrûgs) fan Tsjûkotka en Korjaakje. Yn 1947 waard it noardlike part fan Sachalin mei it súdlike part gearfoege en foarmje de oblast Sachalin. Yn 1948 waarden guon súdwestlike parten fan de kraj Chabarovsk ôfskaat en foarmje de oblast Amoer. Yn 1953 waard de oblast Magadan foarme út it noardlik part fan de kraj Chabarovsk en dy krige ek it foech oer Tsjûkotka, dy't doe noch ûnder Kamtsjatka foel. Yn 1956 krige de kraj Chabarovsk syn hjoeddeistige foarm doe't de oblast Kamtsjatka syn eigen bestjoer krige en Korjaakje waard dêr part fan waard.

 
Chabarovskbrêge oer de Amoer hinne

De kraj Chabarovsk is it meast yndustriële gebiet fan it Russyske Fiere Easten. Ien fan de grutste yndustryen is it militêr-yndustrieel kompleks yn Komsomolsk oan de Amoer. Ek is der yn de kraj in soad metaalferwurking yn de grutte stêden, fierders noch houtyndustry, fiskerij en mynbou, dêr't goud, koper en tin wûn wurde. De grûnstofwinning fan de grûnstoffen, dêr't de regio ryk oan is, is lykwols net folslein ûntwikkele. Komsomolsk oan de Amoer is it izer- en stielsintrum fan it Russyske Fiere Easten. In piiplieding rint fan it noarden fan Sachalin nei de raffinaderijen yn Chabarovsk. Yn de delling fan de Amoer is lânbou en wurde benammen weet en soaja ferboud. De haadstêd Chabarovsk leit oan de Transsibearyske Spoarline dêr't er oer de Amoer hinne rint.

Bestjoersyndieling en grutte plakken

bewurkje seksje
 
Amoersk
 
Nikolajevsk oan de Amoer

De kraj bestiet út 17 rajons en 2 stedsdistrikten. De stedsdistrikten besteane út de twa grutste stêden Cabarovsk en Komsomolsk oan de Amoer. Meiïnoar binne der 7 stêden en 19 plakken mei in stedsk karakter.

Grutste stêden Russysk Ynwenners* Wapen Lokaasje
Chabarovsk Хабаровск 613.480 (2022)   48° 29' N 135° 05' E
Komsomolsk oan de Amoer Комсомольск-на-Амуре 239.386 (2022)   50° 33' N 137° 00' E.
Amoersk Амурск 56.478 (2020)   50° 14' N 136° 54' E
Sovetskaja-Gavan Советская Гавань 36.780 (2022)   48° 58' N 140° 17' E
Nikolajevsk oan de Amoer Николаевск-на-Амуре 17.458 (2022)   58° 09' N 140° 44' E

Neffens de folkstelling fan 2010 hie de kraj Chabarovsk 1.343.869 ynwenners, dêr't 91,8% fan de befolking út etnyske Russen, 2,1% Oekraïners, 0,8% Nanai, 0,6% Tataren, 0,6% Koreanen en 0,4% Wytrussen bestiet.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Khabarovsk Krai


Dielgebieten fan Ruslân  
Republyk AdygeäAltaiBasjkortostanBoerjaasjeChakasjeDagestan • (Donjetsk) • IngûsjeesjeKabardino-BalkaarjeKalmukjeKaratsjai-TsjerkjesjeKareeljeKomi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • TsjûvasjeTûva
Kraj AltaiChabarovskKamtsjatkaKrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropolTransbaikal
Oblast AmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblast Joadske Autonome Oblast
Autonoom distrikt Chanto-MansjeJamalo-NenetsjeNenetsjeTsjûkotka
Federale stêd MoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne
  ·   ·