Keizerryk Ruslân

(Trochferwiisd fan Russyske Keizerryk)
Keizerryk Ruslân

Russysk: Россійская Имперія

Flagge fan Wapen fan
Lokaasje fan
Taal Russysk
Haadstêd Sint-Petersburch (1721–1728) Moskou (1728–1730)
Sint Petersburg (1730–1917)
Steatsfoarm Monargy
Tal ynwenners 1900: 136.305.900 (rûzing)
Oerflak 1895: 22.800.000 km²
Tiidrek 1721-1917
Munt Rûbel

It Keizerryk Ruslân of it Russyske Ryk (Russysk: Российская империя, transliteraasje: Rossiiskaja Imperija) wie in steat dy't fan 1721 oant de Oktoberrevolúsje fan 1917 bestie. It wie de opfolger fan it Tsaardom Ruslân en de foarrinner fan de Sovjet-Uny.

Geografyske lizzing

bewurkje seksje

It Keizerryk Ruslân wie ien fan de grutste riken ea yn de skiednis. It striek him yn 1866 fan East-Europa oer Noard-Aazje út oant yn Noard-Amearika, dêr't de koloanje Russysk-Amearika (no Alaska) derta hearde. Oan it begjin fan de 19e iuw wie Ruslân it grutste lân fan 'e wrâld. Yn it ûnbidich grutte lân libben likernôch 150.000.000 minsken fan de Noardlike Iissee oant de Swarte See yn it suden en fan de Eastsee yn it westen oant de Stille Oseaan yn it easten. Oer it ryk hearske de tsaar; it wie ien fan de lêste absolute monargyen yn Europa.

It wie grutfoarst Ivan III (1462–1505) dy't it tariedende wurk die foar it lettere ryk. Hy lei it fûnemint fan Ruslân, ferboude it kremlyn fan Moskou en makke in ein oan de ferneatigjende en knoeiende macht fan de Gouden Horde oer Ruslân. De grutfoarst liet in steat nei, dy't trije kear sa grut wie.

De opkomst fan it Keizerryk Ruslân foel gear mei de delgong fan de oanbuorjende rivalen: it Sweedske Ryk, it Poalsk-Litouske Mienebest, Perzje en it Ottomaanske Ryk. Alhoewol't Peter de Grutte it ryk foar it earst proklamearre nei de Frede fan Nystad yn 1721, wolle guon histoarisi ha dat it feitlik mei de kroaning fan Peter as tsaar ta stân kaam. It Keizerryk Ruslân wie de natuerlike opfolger fan it Tsaardom Ruslân.

 
Peter de Grutte feroare de namme fan it Tsaardom Ruslân yn it Keizerryk Ruslân en waard de earste keizer. Hy fierde herfoarmings yn en makke fan it lân in machtige Europeeske steat.

Fan 1721 oant 1762 hearske it Hûs Romanov oer it ryk. De matrilineale staach fan patrilineale Dútske komôf, it Hûs Holstein-Gottorp-Romanov, hearske fan 1762 oant it ein fan it ryk yn 1917.

Tsaar Peter de Grutte (1682–1725) focht yn in grut tal oarloggen en boude it dochs al ûnbidich grutte lân út ta ien fan de machtigste Europeeske riken. Hy ferhûze de haadstêd fan Moskou nei de nije modelstêd Sint-Petersburch, dy't neffens Europeesk ûntwerp oanlein wie en sette in kulturele revolúsje yn, dy't de midsiuwske tradisjonele, sosjale en politike wizânsjes ferfong troch in mear modern, wittenskiplik, Europeesk-oriïntearre en rasjonalistyk systeem.

Katarina de Grutte hearske fan 1762–1796 yn de Gouden Iuw fan Ruslân. Hja wist it ryk troch oermastering, kolonisaasje en diplomasy fierder út te wreidzjen en bleau it moderniseringsbelied fan Peter de Grutte neffens West-Europeeske ideeën fuortsetten.

Under tsaar Aleksander I spile it Russyske Ryk de haadrol yn 1812-1814 by it ferslaan fan Napoleon en dy syn ambysjes om oer Europa te hearskjen. Ruslân wreide him yn dy tiid út nei it westen en suden.

Aleksander II (1855-1881) fierde ûnder syn bewâld in grut tal herfoarmings troch en de emansipaasje fan de 23 miljoen liifeigenen yn 1861 wie dêrfan wol de belangrykste. Syn polityk stie ek yn it ramt fan it opkommen foar de otterdokse kristenenm, dy't ûnder it rezjym fan it Ottomaanske Ryk te lijen hiene. It engaazjemint mei Súdeast-Europa brocht Ruslân yn 1914 by it útbrekken fan de Earste Wrâldkriich yn it kamp fan it Feriene Keninkryk, Frankryk en Servje tsjin it Dútske -, Eastenryksk-Hongaarske - en Ottomaanske Ryk.

De lêste tsaar fan it Keizerryk Ruslân wie Nikolaas II. De tsaar waard nei de Oktoberrevolúsje tegearre mei syn frou, bern en trou personiel op 17 july 1918 yn Jekaterineburch troch de bolsjewiken fermoarde. Nei de Fal fan de Sovjet-Uny ferklearre de Russysk-Otterdokse Tsjerke de hiele fermoarde keizerlike hûshâlding hillich.

Ekomonysk wie it ryk foar in grut part agrarysk mei in lege graad fan produktiviteit op grutte bedriuwen. De liifeigenen diene it wurk, dy't bûn wiene oan it lân yn in feodale struktuer. Yn 1861 waarden it liifeigendom ôfskaft, mar de boppelaach dy't it lân besiet hold it foar it sizzen. De yndustrialisaasje kaam stadich op gong troch bûtenlânske ynvestearrings yn it spoar en fabriken.

Steatsynrjochting

bewurkje seksje

It Keizerryk Ruslân funksjonearre as in absolute monargy op de ideologyske doktrines fan otterdoksy, autokrasy en nasjonaliteit oant de revolúsje fan 1905, doe't de konstitusjonele monargy yntrodusearre waard. Oan it keizerryk kaam mei de Febrewarisrevolúsje fan 1917 in ein, foar in grut part troch in grut tal flaters as gefolch fan Ruslân's dielname oan de Earste Wrâldkriich. De bolsjewiken fermoarden de keizerlike famylje yn 1918 en lieten in soad oanhingers fan it âlde rezjym fêstsette of eksekutearje. Ienris yn it besit fan de macht en it útskeakeljen fan oare politike rjochtings stiften se de Uny fan Sosjalistyske Sovjetrepubliken.

Tsjin it ein fan de 19e iuw wennen der 125.6 miljoen ûnderdanen (1897 sensus) yn it ryk en yn dy tiid hie it lân op Sjina en India nei de grutste befolking fan de wrâld. It lân wie multi-religieus, multi-etnysk en kende in grut ferskaat oan talen. Dat soarge ek foar in soad dissidinte eleminten, dy't troch de iuwen hinne wit hoe folle opstannen en oanslagen op 'e gong brochten. Yn de 19e iuw waarden se troch de keizerlike geheime plysje sekuer yn 'e rekken holden en tûzenen fan harren waarden ferballe nei Sibearje.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Russian Empire