Novgorod (oblast)
De oblast Novgorod (Russysk: Новгоро́дская о́бласть, Novgorodskaja oblast) is in oblast yn de Russyske Federaasje yn it noardwesten fan it Europeeske diel fan it lân. De oblast makket diel út fan it Noardwestlik Federaal Distrikt.
Novgorod oblast | |
---|---|
![]() | |
flagge | wapen |
![]() |
![]() |
sifers | |
soarte gebiet | Oblast |
ynwennertal | 586.129 (2022) |
oerflak | 54.501 km² |
befolkingstichtens | 10,75 ynw. / km² |
polityk | |
lân | ![]() |
federaal distrikt | Noardwestlike Federaal distrikt |
ekonomyske regio | Noardwêst |
haadplak | Veliki Novgorod |
grutste plak | Veliki Novgorod |
taal | Russysk |
oar | |
stifting | 5 july 1944 |
tiidsône | UTC +3 |
koördinaten | 58° 26' N 32° 23' E |
Haadstêd fan de oblast is Veliki Novgorod .
De oblast waard mei in beslút fan it presidium fan de USSR fan 5 july 1944 foarme. It folget yn histoarysk opsicht it yn 1727 stifte gûvernemint Novgorod op.
Geografy bewurkje seksje
It oerflak fan de oblast is 54.500 km². Dêrmei is it de sechde fan de sân regio's fan it Noardwestlik Federaal Distrikt. De lingte fan west nei east is 385 km en fan noard nei súd 278 km. Oan it westen en súdwesten grinzget de oblast oan de Pskov, yn it suden en súdeasten oan de Tver, yn it noarden en noardwesten oan de Leningrad en yn it noardeasten oan de Vologda. De grutste rivieren binne de Volchhov, de Mologa, de Msta, de Lovat, de Sias en de Sjelon.
It westlike diel fan de oblast bestiet út leechlân om de Ilmenmar, wylst it eastlike diel mei útrinnners fan de Waldajheuvels heger leit.
Yndieling bewurkje seksje
De oblast Novgorod is te ferdielen yn 21 rajons en trije stedsregio's. Under de 21 rajons falle meiïnoar 177 gemeenten en 19 lytsere stêden.
De stedsregio's binne:
Grutste plakken bewurkje seksje
Nr. | Namme | Russyske namme |
---|---|---|
1 | Veliki Novgorod | Великий Новгород |
2 | Borovitsji | Боровичи |
3 | Staraja Rûssa | Старая Русса |
4 | Valdaj | Валдай |
5 | Tsjûdovo | Чудово |
6 | Pestovo | Пестово |
7 | Okoelovka | Окуловка |
8 | Malaja Visjera | Малая Вишера |
9 | Soltsy | Сольцы |
10 | Pankovka | Панковка |
11 | Kresttsy | Крестцы |
12 | Parfino | Парфино |
13 | Chvojnaja | Хвойная |
14 | Demjansk | Демянск |
15 | Proletari | Пролетарий |
16 | Cholm | Холм |
15 | Pankovka | Панковка |
Befolkingsûntwikkeling bewurkje seksje
Jier | 1926 | 1939 | 1959 | 1970 | 1979 | 1989 | 2002 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners[1] | 1.092.000 | 1.153.000 | 736.000 | 722.000 | 722.000 | 753.000 | 694.400 | 586.129 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|