Tambov
Tambov (Russysk: Тамбов; eartiids Tanbov,Танбов) is it bestjoerlike, ekonomyske en kulturele sintrum fan de oblast Tambov yn de Russyske Federaasje. De stêd leit 460 kilometer súdlik fan de haadstêd Moskou oan it kanaal fan de Tsna yn it sintrale diel fan it Oka-Donflakte.
Tambov | |
---|---|
Panorama | |
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Ruslân |
Oblast | Tambov |
Sifers | |
Ynwennertal | 287.407 (2022) |
Oerflak | 130 km² (sintrum) |
Befolkingstichtens | 2.975,84 ynw./km² |
Hichte | 154 m |
Oar | |
Stifting | 1636 |
Simmertiid | (UTC+3) |
Koördinaten | 52° 43' N 41° 27' E |
Webside | cityadm.tambov.ru |
Skiednis
bewurkje seksjeDe stêd waard yn 1636 stifte as ûnderdiel fan de súdlike grinzen om it Ryk tsjin Tataren te beskermjen. Mei de útwreiding fan de ryksgrinzen ferlear de stêd as fêsting syn betsjutting en waard Tambov in hannels- en bestjoerssintrum fan in fierder agrarysk gebiet. Sûnt 1796 is Tambov de haadstêd fan in selsstannich gûvernemint.
Yndustrialisaasje fan betsjutting fûn pas nei de Oktoberrevolúsje plak. Yn augustus 1920 wie de stêd it sintrum fan in opstân ûnder lieding fan Aleksander Stepanovitsj Antonov tsjin it bolsjewistyske bewâld, dy't moannen letter troch de bolsjewiken mei in soad geweld delslein waard.
Yn de Twadde Wrâldkriich wie by Tambov in kamp (Kamp 788) foar kriichsfinzenen, fral út Elzas-Loataringen en Lúksemboarch, dy't faak twongen waarden te tsjinjen yn de Wehrmacht. Fan harren kaam in tredde part om en de lêste finzenen waarden yn 1955 nei hûs stjoerd.
Befolkingsferrin
bewurkje seksjeJier | 1897 | 1926 | 1939 | 1959 | 1970 | 1979 | 1989 | 2002 | 2010 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 48.015 | 62.000 | 123.207 | 172.171 | 229.791 | 270.073 | 304.600 | 293.658 | 280.161 | 287.407 |
It besjen wurdich
bewurkje seksjeUt de tiid fan de stifting fan de stêd datearret de yn 1694 boude Transfiguraasjekatedraal. Ek binne doe en yn de 18e iuw ferskillende kleasters (lykas it Kazankleaster en it Himelfeartkleaster) en tsjerken boud. It neamen wurdich binne de Kazantsjerke en de Lazarustsjerke.
Yn de binnenstêd steane monuminten út ferskillende tiden, dy't meiïnoar dochs in harmonysk gehiel foarmje. Under dy gebouwen is de ier 20-iuwske filla fan de hannelsman Michail Asejev. Tambov hat fierder in grut operahûs.
Op it tsjerkhôf fan Kamp 788 lizze 24.000 kriichsfinzenen út de Twadde Wrâldkriich. It tsjerkhôf is yn 1998 renovearre. Midden op it terrein stiet in 4,5 meter heech houten krús.
Musea
bewurkje seksjeTambov hat meardere musea. De Keunstgalery mei tûzenen keunstwurken fan Russyske en Europeeske keunstners hat ynternasjonale bekendheid.
Ofbylden
bewurkje seksje-
Kazankleaster
-
Stedskantoar
-
Kriichsmonumint
-
Roomsk-katolike tsjerke
-
Protestantske tsjerke
-
Art-deco bioskoop
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|