Himelfeartkleaster (Tambov)

It Himelfeartkleaster is in russysk-otterdoks nonnekleaster yn Tambov yn Ruslân. It kleaster is in monumint fan regionaal belang.

Himelfeartkleaster

Вознесенский монастырь

Katedraal
Katedraal
Lokaasje
lân Ruslân
oblast Tambov
plak Tambov
koördinaten 52° 43' N 41° 27' E
Kleastergegevens
oprjochting 1690
Ynformaasje bou
boujier 19e-21e iuw
monumintale status Regionaal monumint
monumintnûmer 681421293910005
Kaart
Himelfeartkleaster (Tambov)
Himelfeartkleaster
 
It kleaster foar de Oktoberrevolúsje.

It Himelfeartkleaster waard yn 1690 oan 'e noardlike kant fan 'e stêd troch biskop Pitirim stifte. De earste abdis fan it kleaster waard de biskop syn suster, Katarina. In brân brocht yn 1724 skea oan it kleaster en it duorre twintich jier lang dat it kleaster wer aktyf waard.

Plannen om it kleaster yn 1764 yn it ramt fan de sekularisaasje te sluten gyngen net troch. It kleaster stie doe al bekend om it ambachtlike wurk dat de nonnen leveren. In 1791-1798 waard de stiennen Himelfearttsjerke boud en yn 'e jierren 1816-1820 folge de bou fan 'e Tsjerke fan it Ikoan fan de Mem Gods 'Freugde foar elts dy't fertriet hat'. Yn 1891 folge de stifting fan in kleastergebou foar âlde nonnen oan 'e Moskovskaja Ulitsa mei in hûstsjerke, dy't wijd waard oan Antonius fan 'e Grotten. Dy tiid wie in bloeitiid foar it kleaster en der waarden noch mear gebouwen byboud.

Sûnt 1918 sette de delgong fan it kleaster útein. De bolsjewistyske autoriteiten lieten yn 1925 de Himelfeartkatedraal slute en de weardefolle saken plonderje. Yn 1927 krige de katedraal in funksje foar kulturele en edukative saken. Ek waarden de klokken út de toer helle. Letter waard de Himelfeartkatedraal ôfbrutsen. Ek de tsjerke fan de Mem Gods waard yn 1929 foar de earetsjinst sletten en oerdroegen oan it regionale argyf.

Op 5 desimber 1979 waard it kleaster as monumint fan lokaal belang troch de autoriteiten erkend. Yn 1988 waard it kleaster yn it ramt fan it 1000-jierrich jubileum fan 'e doop fan Ruslân oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke weromjûn. Sûnt 22 desimber 1992 wennet der wer in mienskip fan nonnen.

Kleastergebouwen

bewurkje seksje
 
Tsjerke fan de Mem Gods.
  • De Mem Gods-tsjerke waard yn 1820 ynwijd. Sûnt 1929 waard de tsjerke brûkt foar de opslach fan 'e argiven fan 'e regio. Op 6 novimber 1990 waard de tsjerke wer yn gebrûk nommen en op 29 septimber folge it setten fan it krús op 'e restaurearre koepel fan 'e tsjerke. De tsjerke is in monumint fan skiednis en kultuer fan regionaal belang.
  • De Jehannes fan Kronstadttsjerke is in dooptsjerke, dy't yn 'e jierren 1997-1998 boud waard.
  • De yn 'e Sovjet-tiid ôfbrutsen Himelfeartkatedraal waard yn 'e jierren 2007-2014 ferfongen troch in nije katedraal fan in oar ûntwerp mei in 70 meter hege klokketoer fan fiif ferdjippings.
  • De kapel boppe it grêf fan 'e non Miropi waard yn 1998 boud.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Вознесенский монастырь (Тамбов)