Azerbeidzjanen
De Azerbeidzjanen (Azery: Azərbaycanlılar) binne in Turksk folk of etnyske kloft dy't har oarsprong hat yn de Kaukasus en Sintraal-Aazje. In grut part is dêr altyd wenjen bleaun, benammen yn Azerbeidzjan, mar in protte binne ferspraat nei oare parten fan de wrâld. De Azerbeidzjanen hienen earder wichtige minderheden yn lannen as Iran, Geörgje, Ruslân, Turkije, Oekraïne, Kazakstan, Oezbekistan en Turkmenistan. Nei skatting wenje oer de hiele wrâld 35 oant 40 miljoen Azerbeidzjanen. Harren taal makket ûnderdiel út fan Ogoezyske of súdwestlike groep fan de Turkske talen. De Azerbeidzjanen hawwe meastepart it islamityske Sjiïsme as religy.
Harren oarspronklike thúslân lei yn Sintraal-Aazje fermoedlik en yn it súdeasten fan Mongoalje. Der wurdt ûnderskied makke tusken de "wiere" Azerbeidzjanen en de neisieten fan de tenearsten Persysk, letter Turkssprekkende, oarspronklike bewenners fan Azerbeidzjan.
Yn Nederlân wenje sa'n 18.000 Azerbeidzjanen.[1]
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Dit artikel is in stobbe oer folkekunde.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |