Azerbeidzjaansk
Azerbeidzjaansk of Azeary (Azerbeidzjaansk: Azərbaycan dili) is ien fan de Turkske talen en de offisjele taal fan Azerbeidzjan. It is ek ien fan de offisjele talen fan 'e autonome republyk Dagestan yn Ruslân. Der binne sa'n 45-50 miljoen Azerbeidzjaansksprekkers. Bûten Azerbeidzjan wurdt de taal sprutsen troch Azerbeidzjaanske minderheden yn lannen fan it Midden-Easten, Sintraal-Aazje en de Kaukasus, lykas Iran, Georgje, Ruslân, Turkije, Irak, Syrje, de Oekraïne, Kazachstan, Oezbekistan en Turkmenistan. It Azerbeidzjaansk wurdt ek sprutsen troch in soad ymmigranten yn oare lannen, lykas Frankryk, it Feriene Keninkryk, Dútslân, de Feriene Steaten, Kanada, en Austraalje. It is in agglutinearjende taal mei fokaalharmony. Hiel faak wurdt it Azerbeidzjaansk as foarbyld neamd as der sprutsen wurdt oer agglutinearjende talen.
Azerbeidzjaansk | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Azeary | |
eigen namme | Azərbaycan dili | |
lânseigen yn | Azerbeidzjan, Dagestan (Ruslân) | |
tal sprekkers | 45,000,000-50,000,000[1][2][3][4][5][6] | |
skrift | Latynsk alfabet yn Azerbeidzjan Arabysk alfabet yn Iran Sirillysk alfabet yn Ruslân | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | Altaysk
| |
dialekten | 39 | |
taalstatus | ||
offisjele status | offisjele taal | |
taalkoades | ||
ISO 639-1 | az | |
ISO 639-2 | aze | |
ISO 639-3 | aze |
Besibbe talen
bewurkje seksjeIt Azerbeidzjaansk makket diel út fan de famylje fan Turkske talen, dy't ek sprutsen wurde yn in grut part fan Sintraal-Aazje, en dy't sa'n grutte ûnderlinge sibskip hawwe, dat se foar it meastepart ûnderling fersteanber binne. De Turkske talen wurden op harren beurt rekkene ta de Altayske talen, dy't hegerop gearkomme mei de Oeralyske talen, alteast, neffens guon akademisy lykas de Eastenrykske taalkundige Hermann F. Kvergić. It grutte tal oerienkomsten yn 'e wurdskat tusken dy groepen talen, lykas it Altayske Turksk en it Oeralyske Finsk, spilet hjirby in grutte rol.
Skrift
bewurkje seksjeIt Azerbeidzjaansk wurdt skreaun mei it Latynsk alfabet yn Azerbeidzjan, mei it Arabysk alfabet yn Iran en mei it Syrillysk alfabet yn Ruslân.
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksje- Wikiwurdboek-side - Azerbeidzjaansk
Literatuer
bewurkje seksje- Dr. Phil. Hermann F. Kvergić La Psychologie de Quelques Éléments des Langues Turques (Wenen 1935)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|