De Altayske talen foarmje in talenkloft, dy't mei 250 miljoen sprekkers en 60 talen ta ien fan de gruttere taalfamyljes hearre. It omfiemet it Japansk, Koreaansk, Mongoals, Turksk, de Tûngûzyske talen út Sibearje en Sina, en Ainû, in taal dy't sprutsen wurdt yn it noarden fan Japan en yn it suden fan it Siberyske eilân Sakalin.