De Onegamar (Russysk: Онежское Озеро, Onežskoje Ozjero, útspr.: [ɐ'nʲeʂskəjə 'ozʲɪrə]; Finsk: Äänisjärvi; Karelysk: Oniegu-järve; Wepsysk: Änižjärv), is in grut binnenwetter dat yn it noardwesten fan it Jeropeeske diel fan Ruslân leit, likernôch healwei tusken de eastpunt fan 'e Finske Golf en de súdpunt fan 'e Wite See. Mei in oerflak fan 9.700 km² is it de op ien nei grutste mar fan Jeropa (nei de Ladogamar) It djiptegemiddelde is 30 m, mei in djipste punt op 127 m ûnder it wetteroerflak. Op it breedste punt mjit de Onegamar 91½ km (fan west nei east), en op it langste punt 245 km (fan noard nei súd).

Onegamar
De Onegamar makket diel út fan it Wite-Seekanaal.
De Onegamar makket diel út fan it Wite-Seekanaal.
geografy
type wetter mar
lokaasje noardeastlik Jeropa
lân Ruslân
koördinaten 61° 41' N 35° 39' E
sifers
maks. lingte 245 km
maks. breedte 91½ km
oerflak 9.700 km²
djiptegemiddelde 30 m
djipste punt 127 m
wetterfolume 285 km³
kaart
Onegamar (Jeropeesk Ruslân)
Onegamar
Lokaasje fan 'e Onegamar yn Jeropeesk Ruslân.

De Onegamar wurdt oan 'e noardkant omsletten troch de autonome republyk Kareelje en oan 'e súdkant troch de provinsjes Leningrad en Vologda. Yn it noardwesten leit de stêd Petrozavodsk, de haadstêd fan Kareelje, oan 'e kust. Oan 'e noardkant hat de mar ferskate lange earms dy't djip yn it omlizzende lân trochkringe. Oan 'e westkant skiedt in brede lâningte de Onegamar fan in oar grut binnenwetter, de Ladogamar.

Yn 'e Onegamar lizze likernôch 1.650 foar it meastepart lytse eilantsjes, dy't konsintrearre binne yn it noardlike diel. Fierwei it grutste is it eilân Grut Klimenetski, mei 147 km², dat yn it middennoarden fan 'e mar leit. It dêr deun tsjinoan leine eilantsje Kizji is beboud mei in histoarysk kompleks fan 89 houtene otterdokse tsjerken en oare religieuze gebouwen datearjend út 'e fyftjinde oant de tweintichste iuw, dy't op 'e Wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO steane.

De Onegamar wurdt fet troch mar leafst 58 ûnderskate rivieren en rivierkes, en wetteret ôf fia de rivier de Svir, yn 'e rjochting fan 'e Ladogamar. Dêrwei giet it wetter fierder troch de rivier de Njeva, dy't te Sint-Petersburch útmûnet yn 'e Finske Golf. De Onegamar is befarber, en makket ûnderdiel út fan it Wite-Seekanaal, dat de Eastsee ferbynt mei de Wite See, dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Noardlike Iissee. It Onegakanaal, dat yn twa fazen yn 1818-1820 en 1845-1852 súdlik fan 'e mar oanlein is, ferbynt de rivieren de Svir en de Vytegra sûnder dat binnenfeartskippen wat feitliks in lytse binnensee is, hoege oer te stekken. Fral by stoarmeftich waar skeelde dat yn it ferline in slok op in boarrel.

 
It eilantsje Sosnovets, yn 'e Onegamar.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.