Paramount+
Paramount+ (útspr. as "Paramountplus") is in Amerikaanske streamingtsjinst foar ynteraktive tillefyzje oer it ynternet, dêr't jin in abonnemint foar nimme moatte om der gebrûk fan te meitsjen. De tsjinst is eigendom fan Paramount Global en makket ûnderdiel út fan 'e difyzje Paramount Streaming. Paramount+ waard yn 2014 oprjochte as CBS All Access en krige yn 2021 syn hjoeddeistige namme.
Paramount+ | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
type | privaat | |
sektor | streaming media | |
haadkertier | New York (New York) | |
oprjochte | 2014 | |
eigner | Paramount Global | |
mem | Paramount Streaming | |
offisjele webside | ||
www.paramountplus.com |
Ynhâld
bewurkje seksjeDe ynhâld fan Paramount+ komt foar it meastepart út 'e fûnskatalogussen fan 'e tillefyzjestudio's CBS Media Ventures (de CBS Studios ynbegrepen) en Paramount Media Networks (foarh. Viacom Media Networks en ViacomCBS Domestic Media Networks), en út dy fan filmstudio Paramount Pictures. Der wurdt ek orizjinele ynhâld foar de streamingtsjinst produsearre, sawol tillefyzjesearjes as films. Fierders kinne beskate sporteveneminten live streamd wurde, en yn 'e Feriene Steaten jildt itselde foar pleatslike tillefyzjestjoerders dy't liëarre binne oan it lanlike tillefyzjenetwurk CBS.
Skiednis
bewurkje seksjeParamount+ waard op 28 oktober 2014 yn 'e Feriene Steaten oprjochte ûnder de namme CBS All Access. Yn 't earstoan wie it bedriuw benammen rjochte op it live streamen fan CBS-programmearring fan pleatslike tillefyzjestjoerders en it on-demand streamen fan materiaal út 'e fûnskatalogus fan it tillefyzjenetwurk. Fan 2016 ôf begûn de tsjinst syn ynhâld út te wreidzjen mei orizjinele searjes (d.w.s. searjes dy't noch net op 'e tillefyzje west hiene), lykas it njoggentjinde seizoen fan 'e Amerikaanske ferzje fan it realityprogramma Big Brother, mar ek nije dramasearjes, lykas The Good Fight en Star Trek: Discovery. Om dyselde snuorje hinne begûn CBS All Access ek om utens troch te kringen, yn Kanada en Austraalje. Yn it lêste lân waard gearwurke mei it koartby troch CBS oankochte tillefyzjenetwurk Network 10, en kaam de streamingtsjinst sadwaande 10 All Access te hjitten.
Yn novimber 2019 fusearre CBS wer mei Viacom ta ViacomCBS (no Paramount Global). Yn 2020 waarden plannen oankundige om ynhâld ôfkomstich fan Viacom Media Networks (no Paramount Media Networks), lykas Comedy Central, MTV en Nickelodeon, en fan filmstudio Paramount Pictures te yntegrearjen yn CBS All Access. Ek waard it doel steld om dy streamingtsjinst úteinlik wrâldwiid beskikber te meitsjen mei in grut oandiel foar orizjinele programmearring. Yn septimber 2020 waard buorkundich makke dat CBS All Access yn it ramt fan al dy feroarings omneamd wurde soe ta Paramount+, nei de filmstudio. Dy omneaming krige syn beslach op 4 maart 2021.
Beskikberens
bewurkje seksjeYn Nederlân is Paramount+ (fia SkyShowtime) beskikber sûnt 25 oktober 2022.
Anno 2023 is Paramount+ as ûnôfhinklike streamingtsjinst beskiber yn Austraalje, Dútslân, Eastenryk, it Feriene Keninkryk, de Feriene Steaten (mei útsûndering fan Porto Riko), Frankryk, Ierlân, Itaalje, Kanada, Switserlân en hiel Latynsk-Amearika. Fia oare oanbieders is Paramount+ ek beskikber yn Algerije, de Arabyske Golfsteaten, Egypte, Estlân, Yndia, Irak, Jemen, it Karibysk Gebiet (útsein Kuba), Letlân, Litouwen, Marokko, Mauretaanje, Nij-Seelân, Súd-Koreä en Tsjaad. Yn wer oare gebieten is Paramount+ beskikber fia SkyShowtime, in joint venture fan Paramount Global mei Comcast, sadat der ek put wurde kin út 'e fûnskatalogussen fan 'e Sky Studios en fan NBCUniversal. SkyShowtime is beskikber yn Albaanje, Andorra, Bosnje, Bulgarije, Denemark, Finlân, Hongarije, Kosovo, Kroaasje, Montenegro, Nederlân, Noard-Masedoanje, Noarwegen, Poalen, Portegal, Roemeenje, Servje, Sloveenje, Slowakije, Spanje, Sweden en Tsjechje.
It is de bedoeling dat Paramount+ yn 2023 ek beskikber komme sil yn Hongkong, Israel, Taiwan, Turkije, Súdeast-Aazje en beskate lannen yn Afrika dêr't it no noch net is.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |