De Gouden Gids is (fan oarsprong) in database yn boekfoarm, dêr't konsuminten de adressen en tillefoannûmers fan bedriuwen yn fine kinne. Dy binne dêryn kategorisearre yn sa'n 1.900 rubriken nei bedriuwstûke, ynstee fan dat se der op alfabetyske folchoarder yn opnommen binne. Bedriuwen moatte betelje foar in fermelding, en in opname yn 'e Gouden Gids kin dan ek sjoen wurde as in foarm fan reklame.

De Gouden Gids.

Yn in protte lannen besteane soartgelikense gidsen mei soartgelikense nammen, lykas de Gouden Gids yn Flaanderen, de Pages d'Or ("Gouden Siden") yn Walloanje, de Pages Jaunes ("Giele Siden") yn Frankryk, de Gelbe Seiten ("Giele Siden") yn Dútslân en Eastenryk, en de Yellow Pages ("Giele Siden") yn 'e Feriene Steaten, Kanada, it Feriene Keninkryk en Austraalje. Dy nammen binne ôflaat fan it feit dat de kontaktgegevens fan kommersjele bedriuwen op giel papier printe wurdt, wylst foar de adressen en tillefoannûmers fan net-kommersjele organisaasjes wyt papier brûkt is.

Skiednis bewurkje seksje

Yn Nederlân ferskynde de Gouden Gids yn 1965 foar it earst by Utjouwerij Hiber, ûnder de namme fan 'e Gele Gids. Fia de slachsin Gele Gids… Gouden Gids! waard dy titel jierren letter stadichoan feroare yn 'e hjoeddeistige namme. It boek waard yn Nederlân publisearre yn 26 ferskillende ferzjes, dy't allegear rjochte wiene op in beskate regio of stêdekloft en dêr't fergees hûs-oan-hûs ferspraat waarden. Fan 'e njoggentiger jierren oant 2005 wie de Gouden Gids ek op cd-rom beskikber. Fanôf 2004 koene ek kontaktgegevens fan partikulieren yn 'e Gouden Gids opnommen wurde. Dat diel fan 'e gids waard de Nationale Telefoongids, of ek wol de Witte Gids neamd, mar it wie fan 2006 ôf inkeld noch op it ynternet te rieplachtsjen.

Yn 2005 naam VNU de World Directories oer fan ITT, wêrnei't dy ymprint yn 2007 omneamd waard ta Truvo. De Nederlânske difyzje fan Truvo waard yn 2008 ferkocht oan European Directories, de útjouwer fan û.m. De Telefoongids, de grutte konkurrint fan 'e Gouden Gids. Dêrnei waard de Gouden Gids ûnderdiel fan De Telefoongids. Yn 2018 waard bekend dat de papierren ferzje fan De Telefoongids net mear ferskine soe. De Gouden Gids is sadwaande no inkeld noch op it ynternet te rieplachtsjen en fia sms-service 5511.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.