Michelle Yeoh
Tan sri Michelle Yeoh (folút: Michelle Yeoh Choo-Kheng; Tradisjoneel Sineesk: 楊紫瓊; Ferienfâldige Sineesk: 杨紫琼; Mandarynske transliteraasje: Yáng Zǐqióng; Kantoneeske transliteraasje: Joeng4 Zi2-king4) (Ipoh, 6 augustus 1962) is in Maleizysk aktrise, model en dûnseresse fan etnysk Hokkineesk-Sineesk komôf, dy't yn har ierdere wurk wol de artystenamme Michelle Khan brûkt hat. Hja wie Miss Maleizje yn 1983 en krige bekendheid trochdat hja yn Hongkongske aksjefilms út 'e jierren njoggentich har eigen stunts die. Har grutste súkses as aktrise wie har rol yn 'e bekroande Sineesktalige film Crouching Tiger, Hidden Dragon. Yn it Westen rekke se benammen bekend troch har rol as Bond girl yn 'e James Bond-film Tomorrow Never Dies. Sûnt 2017 hie se in weromkearende rol yn 'e nije Star Trek-tillefyzjesearje Star Trek: Discovery. Yn 2023 wûn se de Oscar foar bêste aktrise foar har haadrol yn it absurdistyske komeedzjedrama Everything Everywhere All at Once.
Michelle Yeoh | ||
akteur | ||
Michelle Yeoh yn 2007. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Michelle Yeoh Choo-Kheng | |
nasjonaliteit | Maleizysk | |
berne | 6 augustus 1962 | |
berteplak | Ipoh (Maleizje) | |
etnisiteit | Sineesk | |
reg. identiteit | Hokkineesk | |
jierren aktyf | 1984 – no | |
prizen | Oscar 2023 | |
offisjele webside | ||
gjint |
Jonkheid en oplieding
bewurkje seksjeYeoh waard yn 1962 berne yn Ipoh, yn 'e Maleizyske dielsteat Perak, as de dochter fan Yeoh Kian Geik en dy syn frou Janet Yeoh. Har heit wie abbekaat en politikus fan 'e MCA, de partij fan 'e Sineeske etnyske minderheid yn Maleizje. Al ier wie Yeoh sljocht nei dûnsjen, en op har fjirde gie se op ballet. Doe't se fyftjin jier wie, emigrearre se mei har âldelju nei Ingelân, dêr't se op in kostskoalle kaam. Letter studearre se oan 'e Royal Academy of Dance, te Londen, mei as haadrjochting ballet. In rêchblessuere hold har ôf fan in karriêre as ballerina, dat se konsintrearre har úteinlik fral op goreografy. Se behelle in bachelortitel yn 'e poadiumkeunsten (creative arts), mei as byfak toaniel.
Karriêre
bewurkje seksjeYn 1983, doe't se 21 jier wie, wûn Yeoh de Miss Maleizje-skientmewedstryd, en datselde jiers fertsjintwurdige se Maleizje op 'e Miss World-wedstryd te Londen. Neitiid wurke se as fotomodel en makke se ek in reklamespotsje mei Jackie Chan, wêrmei't se de oandacht loek fan D&B Films, de Hongkongske filmproduksjemaatskippij fan Dickson Poon, mei wa't se letter trouwe soe. Sa sette se útein mei in karriêre as aktrise yn Sineesktalige aksje- en fjochtsportfilms, lykas Yes, Madam (1985) en Magnificent Warrior (1987). Dêrby foel se op om't se, oars as oare aktrises, almeast har eigen stunts die. Doe't se yn 1987 mei Poon troude, joech se har karriêre deroan, mar nei't it houlik yn 1992 op in skieding útrûn wie, makke Yeoh in comeback.
Yn 'e jierren njoggentich spile se yn grutte Hongkongske produksjes as Police Story 3: Super Cop (1992), The Heroic Trio (1993), Tai Chi Master (1994) en Wing Chun (1994). Dêrby hie se it probleem dat se gjin Kantoneesk spriek, wat de fiertaal is yn Hongkong; by Yeoh thús waard Hokkineesk sprutsen, in oare Sineeske taal, en fierders Ingelsk en Maleisk. De dialooch fan har films moast se sadwaande fonetysk út 'e holle leare.
Yn it Westen krige Yeoh bekendheid doe't se yn 1997 de Bond girl Lin Wai spile yn 'e James Bond-film Tomorrow Never Dies, wêrby't se de tsjinspylster fan Pierce Brosnan wie. Har grutste súkses hie Yeoh yn 2000 mei har rol as Yu Shu Lien yn 'e mei ûnderskate Oscars bekroande Kantoneesktalige wuxiafilm Crouching Tiger, Hidden Dragon. Sels sleepte se foar dy rol û.m. in nominaasje yn 'e wacht foar in BAFTA, de wichtichste Britske filmpriis. Yn 2005 spile se in haadrol as de geisha Mameha yn 'e histoaryske film Memoirs of a Geisha. Oare films wêryn't Yeoh de haadrol fertolke, wiene it Ingelsktalige The Mummy: Tomb of the Dragon Emperor (2008), mei Brendan Fraser en Jet Li, en de Sineeske fjochtsportfilm Reign of Assassins (2010).
Yn 2011 spile se Nobelpriiswinneresse Aung San Suu Kyi, yn 'e biografyske film The Lady, wêrfoar't se yn Birma ta persona non grata ferklearre en it lân útset waard. Datselde jiers wie se ek as stimaktrise belutsen by de tekenfilm Kung Fu Panda 2. Yeoh spile yn 2016 yn Crouching Tiger, Hidden Dragon: Sword of Destiny, it ferfolch op 'e súksesfilm út 2000. Oare films fan har út 'e twadde helte fan 'e 2010-er jierren wiene û.m. it komeedzjedrama Crazy Rich Asians (2018) en de krystfilm Last Christmas (2019). Yn 'e Amerikaanske superheldefilm Guardians of the Galaxy, Vol. 2 (2017) hie se in cameo.
Op 'e tillefyzje wie Yeoh yn 2015 yn in weromkearende rol te sjen as in Noardkoreaanske spionne yn 'e aksjesearje Strike Back: Legacy. In oare weromkearende rol hie se yn it twadde seizoen (2016) fan 'e histoaryske searje Marco Polo. Fan 2017 oant 2020 spile se de rol fan kaptein Philippa Georgiou yn sechstjin ôfleverings fan 'e science fiction-searje Star Trek: Discovery. Yn deselde rol wie se ek te sjen yn 'e ôflevering The Brightest Star fan 'e searje Star Trek: Short Treks, en der binne plannen om in nije Star Trek-searje om har hinne te meitsjen, hoewol't dêr anno 2023 noch gjin titel fan bekend is.
Yn 2021 spile Yeoh de rol fan Ying Nan yn 'e superheldefilm Shang-Chi and the Legend of the Ten Rings. Yn 2022 hie se as Evelyn Wang de haadrol yn it absurdistyske komeedzjedrama Everything Everywhere All at Once, wêrfoar't se yn 2023 de Oscar yn 'e kategory bêste aktrise wûn. Se wie ek as útfierend produsinte by dyselde film belutsen. As stimaktrise wie se behelle yn 'e animaasjefilms Minions: The Rise of Gru en Paws of Fury: The Legend of Hank, beide út 2022. Yeoh spile ek Airazor yn 'e fantasyfilm Transformers: Rise of the Beasts (2023) en dokter Karina Mogue yn 'e oankommende science fiction-film Avatar 3.
Erkenning
bewurkje seksjeYn 2007 waard oan Yeoh troch de doetiidske Frânske presidint Jacques Chirac de heechste Frânske ûnderskieding, it Légion d'Honneur, takend. Op 1 juny 2013 waard har de Maleiske Panglima Setia Mahkota (PSM) ferliend, in ûnderskieding dy't har it rjocht jout om it predikaat tan sri (ferlykber mei it Britske dame) foar har namme te dragen.
Priveelibben
bewurkje seksjeYeoh wie fan 1987 oant 1992 troud mei de Hongkongske ûndernimmer en filmprodusint Dickson Poon, en bemachtige sa de Hongkongske nasjonaliteit. Yn july 2008 fertelde se yn in fraachpetear op 'e Amerikaanske tillefyzjestjoerder CBS dat se doe ferloofd wie mei Jean Todt, in foaroansteand motorkoereur. Anno 2021 binne se noch altyd byinoar, mar hawwe se gjin plannen om te trouwen. Fierders is bekend dat Yeoh in boedist is. Ek is se belutsen by it Save China's Tigers-projekt, dat besiket om 'e slim bedrige Súdsineeske tiger fan it útstjerren te rêden.
Filmografy
bewurkje seksjeFilmografy as aktrise | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
films | |||
1984 | The Owl vs Bombo | mejuffer Yeung | |
1985 | Twinkle, Twinkle Lucky Stars | judoleararesse | cameo |
1985 | Yes, Madam | ynspekteur Ng | ek bekend as Police Assassins nom. foar de Hong Kong Film Award foar bêste nijynkommelinge |
1986 | Royal Warriors | ynspekteur Michelle Yip | ek bekend as Wong Ga Jin Si |
1987 | Magnificent Warriors | Fok Ming-Ming | ek bekend as Dynamite Fighters |
1987 | Easy Money | Michelle Yeung Ling | ek bekend as Tong Tian Da Dao |
1992 | Police Story 3: Super Cop | ynspekteur "Jessica" Yang Chien-Hua | |
1993 | The Heroic Trio | Ching / ûnsichtbere frou / nû. 3 | |
1993 | Butterfly and Sword | frouwe Ko | |
1993 | Executioners | Ching / San / Carol | |
1993 | Holy Weapon | Ching Sze / To Col Ching | |
1993 | Once a Cop | ynspekteur "Jessica" Yang Chien-Hua | |
1993 | Tai Chi Master | Siu Lin / Qiu Xue ("Autumn Snow") | |
1994 | Shaolin Popey 2 – Messy Temple | Ah King | ek bekend as Shao Lin Xiao Zi II: Xin Wu Long Yuan |
1994 | Wonder Seven | Fong Ying | ek bekend as 7 Jin Gong |
1994 | Wing Chun | Yim Wing-Chun | |
1996 | The Stunt Woman | Ah Kam | ek bekend as A Jin De Gu Shi |
1997 | The Soong Sisters | Soong Ai-ling | nom. foar de Hong Kong Film Award foar bêste byrol fan in aktrise |
1997 | Tomorrow Never Dies | Lin Wai | nom. foar de MTV Movie Award foar bêste gefjocht |
1999 | Moonlight Express | Sis Michelle | ek bekend as Sing Yuet Tung Wa |
2000 | Crouching Tiger, Hidden Dragon | Yu Shu Lien | nom. foar de BAFTA foar bêste aktrise nom. foar de Hong Kong Film Award foar bêste akrise nom. foar de Saturn Award foar bêste aktrise |
2002 | The Touch | Pak Yin Fay | |
2004 | Silver Hawk | Lulu Wong / The Silver Hawk | ek filmprodusinte en útfierend produsinte |
2005 | Memoirs of a Geisha | Mameha | |
2006 | Fearless | mejuffer Yang | allinne yn 'e director's cut |
2007 | Sunshine | Corazon | |
2007 | Far North | Saiva | |
2008 | The Children of Huang Shi | frou Wang | |
2008 | Babylon A.D. | suster Rebeka | |
2008 | The Mummy: Tomb of the Dragon Emperor | Zi Yuan | |
2008 | Purple Mountain | n.f.t. | dokumintêre |
2010 | True Legend | suster Yu | |
2010 | Reign of Assassins | Zeng Jing / Xi Yu (Drizzle) | ek bekend as Jianyu of Jianyu Jianghu nom foar de Asian Film Award foar bêste aktrise nom. foar de People's Choice Award foar bêste aktrise |
2011 | Kung Fu Panda 2 | wiersizzeresse | as stimaktrise |
2011 | The Lady | Aung San Suu Kyi | |
2012 | Pad Yatra: A Green Odyssey | n.f.t. | dokumintêre; útfierend produsinte |
2013 | Final Recipe | Julia Lee | |
2016 | Crouching Tiger, Hidden Dragon: Sword of Destiny | Yu Shu Lien | |
2016 | Mechanic: Resurrection | Mei | |
2016 | Morgan | dr. Lui Cheng | |
2017 | Guardians of the Galaxy Vol. 2 | Aleta Ogord | cameo |
2018 | Crazy Rich Asians | Eleanor Young | |
2018 | Master Z: The Ip Man Legacy | Tso Ngan Kwan | |
2019 | Last Christmas | Santa / Huang Qing Shin | |
2021 | Boss Level | Dai Feng | |
2021 | Gunpowder Milkshake | Florence | |
2021 | Shang-Chi and the Legend of the Ten Rings | Ying Nan | |
2022 | Everything Everywhere All at Once | Evelyn Wang | ek útfierend produsinte Oscar foar Bêste Aktrise |
2022 | Minions: The Rise of Gru | Master Chow | as stimaktrise |
2022 | Paws of Fury: The Legend of Hank | Yuki | as stimaktrise |
2022 | The School for Good and Evil | prof. Emma Anemone | |
2023 | Transformers: Rise of the Beasts | Airazor | as stimaktrise |
2023 | A Haunting in Venice | ... | |
2024 | Avatar 3 | dr. Karina Mogue | |
2024 | Wicked: Part One | Madame Morrible | |
2024 | The Tigre Apprentice | frou Lee | as stimaktrise |
2025 | Wicked: Part Two | Madame Morrible | |
2026 | Avatar 4 | dr. Karina Mogue | |
tillefyzje | |||
2015 | Strike Back: Legacy | Mei Foster / luitenant-kolonel Han Li Na | weromkearende rol, 9 ôfl. |
2016 | Marco Polo | Lotus | weromkearende rol, seizoen 2 (7 ôfl.) |
2017–2020 | Star Trek: Discovery | kaptein Philippa Georgiou keizerinne Philippa Georgiou (spegelhielal) |
weromkeardende rol, 16 ôfl. nom. foar de Saturn Award foar bêste gastrol yn in tillefyzjesearje |
2018 | Star Trek: Short Treks | luitenant Philippa Georgiou | 1 ôfl., The Brightest Star |
2023 | The Witcher: Blood Origen | Scían | weromkearende rol; 4 ôfl. |
2023 | Ark: The Animated Series | Mei-Yin Li | as stimaktrise |
2023 | American Born Chinese | Guanyin | fêste rol |
2023 | The Brothers Sun | Eileen | minysearje fan Netflix |
202? | Star Trek-Section 31-searje (noch sûnder titel) | Philippa Georgiou | |
fideospultsjes | |||
2003 | Crouching Tiger, Hidden Dragon | Yu Shu Lien | as stimaktrise |
2008 | The Mummy: Tomb of the Dragon Emperor | Zi Yuan | as stimaktrise |
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |