Geisha
In geisha (Japansk: 芸者, útspr.: [ɡeːɕa], likernôch: "gee-sja") is in froulike artyst yn Japan, dy't tradisjonele Japanske keunstfoarmen beoefenet, lykas muzyk, sang, dûns en de teeseremoanje. Sa'nent ûnderskiedt har troch it dragen fan siden kimono's en de opfallende oshiroi-make-up dy't gesicht wyt en de lippen read makket. It wurd 'geisha' is opboud út twa kanji: 芸 (gei), dat "keunst" betsjut, en 者 (sha), dat "persoan" of "dogger", "beoefener" betsjut. Oerset betsjut it wurd dus eins letterlik "keunstneresse". Synonimen binne geiko (芸子) en geigi (芸妓). It gebrûk fan 'e term geiko is beheind ta westlik Japan, en betsjut letterlik "keunst-frou", dus ek "keunstneresse". Der bestiet yn 'e Westerske wrâld in dreech út te rûgjen misferstân dat geisha's prostituees binne. Dat is feroarsake troch it feit dat geisha's foarhinne yn Japan as de meast begearlike froulju beskôge waarden, mei as gefolch dat prostituees (oiran) harrensels begûnen te klaaien en op te meitsjen as geisha's.
- Dizze side giet oer de Japanske froulike artyst. Foar oare betsjuttings, sjoch: Geisha (betsjuttingsside).
Besibbe termen
bewurkje seksjeFamkes dy't foar geisha leare, steane bekend as maiko (舞妓), wat letterlik oerset wurde kin as "dûns-frou", dus "dûnseresse". Yn guon dielen fan Japan, wêrûnder Tokio, wurde sokke learling-geisha's ynstee hangyoku (半玉) neamd, "heal-juwiel". Dat is in ferwizing nei ien fan 'e oantsjuttings foar it lean fan geisha's: "juwiellejild". Foar't in learlinge formeel maiko wurdt, moat se twa stadia trochrinne: shikomi (仕込みさん), "tarieding" of "training", en minarai (見習い), "learen troch te sjen". Foarhinne wurken en wennen alle geisha's yn in hanamachi (花街), letterlik "blommestêd", in spesifike buert dy't bedoeld wie foar alderhanne foarmen fan fermaak, fan restaurants oant bordelen. Hoewol't geisha's tsjintwurdich net altyd mear yn in hanamachi wenje, moatte se noch altyd allegearre ferbûn wêze oan in okiya (置屋), in geishahûs. Sokke okiya steane ornaris ûnder lieding fan in âldere frou dy't foarhinne ek geisha west hat.
Skiednis
bewurkje seksjeYn 'e iere skiednis fan Japan wiene saburuko ("tsjinstfammen") foar it meastepart omdoarmjende famkes en jonge froulju dy't op 'e flecht wiene foar oarloch. Guon fan harren beaen seksuele tsjinsten oan yn ruil foar jild, wylst oaren, mei in bettere oplieding, in wurkpaad as artysten begûnen. De assosjaasje fan prostitúsje en teäter hie sadwaande yn Japan in lange skiednis. Yn 'e sechstjinde iuw ûntstiene der foar it earst rôze buerten (yūkaku), dy't troch in ringmuorre skaat waarden fan 'e rest fan 'e stêd. Bûten de muorre wie prostitúsje ferbean, mar yn 'e yūkaku wie it tastien en krigen de prostituees (yūjo, "boartersfroulju") sels formele fergunnings, wêrby't se yn ferskate klassen yndield waarden.
De heechste oansleine prosituees, koertisanes dy't de klanten fan 'e heechste maatskiplike klassen betsjinnen, waarden tayuu (útspr. mei 3 wurdlidden: "ta-jû-û') neamd. Dy ferlienden net inkeld seksuële tsjinsten, mar fermakken harren klanten ek op oare manearen, bgl. mei dûns en striptease. Dat foarme net allinnich it begjin fan 'e kabuki, in tradisjonele Japanske foarm fan teäter, mar ek fan 'e geisha's. Meitiid ûntjoegen de sjykste bordelen har stadichoan ta teäters, dêr't de tayuu songen, dûnsen en muzykynstruminten bespilen. Guon fan harren ûntjoegen har ta ferneamde dichteressen en kalligrafisten. Troch in proses fan oanhâldende spesjalisaasje ûntstie der úteinlik in skieding tusken artysten en prostituees. Dat barde earne healwei de achttjinde iuw. De earste frou dy't harsels in geisha neamd, wie, ynsafier bekend, de prostituee Kikuya út Tokio, yn 1750. Hja wie ek in talintearre sjongster en feardich shamisen-spylster, en har súkses wie fan grutte ynfloed op it ûntstean fan 'e geisha as selsstannige maatskiplike klasse.
Dat fûn plak tusken 1760 en 1780, yn in tiid dat der ek manlike geisha bestiene, dy't faak mei de froulike geisha gearlibben yn ien en deselde oriya. Tsjin 1800 wie it berop fan geisha lykwols frijwol útslutend in oangelegenheid fan froulju wurden. Yn 'e njoggentjinde iuw wie it geisha strang ferbean om yn ruil foar jild seksuële omgong te hawwen. Dat ferbod waard net ynfierd, sa't men yn 'e Westerske kultuer ferwachtsje soe, om 'e ear fan 'e geisha's te beskermjen, mar ynstee om 'e wurkgelegenheid fan 'e oiran, de prostituees, te beskermjen, dy't doedestiden yn Japan yn heech oansjen stiene. Tsjin 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw wiene de oiran, benammen troch de yntroduksje fan Fiktoriaanske ideeën út it bûtenlân, út 'e geunst rekke, wylst yn tsjinstelling dêrta de geisha's krekt yn oansjen stige wiene. Fan likernôch 1830 ôf waarden sy beskôge as it ljochtsjend foarbyld foar oare Japanske froulju wat moade en styl oanbelange. In soad moadetrends dy't oant hjoed de dei ta gongber binne yn Japan, begûnen by de geisha's.
Yn 'e 1930-er jierren wiene der wol 80.000 geisha's yn Japan. Under de Twadde Wrâldoarloch waarden lykwols yn 1944 alle hanamachi sletten, om't de stêden net mear feilich wiene fanwegen Amerikaanske bombardeminten. De measte geisha's waarden neitiid yn fabriken te wurk steld foar de oarlochsynset. Yn it nei-oarlochske Japan kearde mar in lyts diel fan 'e geisha's yn harren oarspronklike berop werom. It wie yn 'e tiid fan 'e besetting fan Japan dat it misferstân dat geisha's prostituees wiene yn 'e Westerske wrâld postfette. Dat kaam troch de kontakten dy't Amerikaanske soldaten hiene mei as geisha's ferklaaide prostituees. Yn deselde snuorje krigen de geisha's harren hjoeddeistich foarkommen: hja wiene langer net mear de trendsetters fan moade en styl, mar de bewarsters fan âlde tradysjes dy't út 'e graasje rekke wiene en drigen wei te wurden. Tsjintwurdich binne geisha's op 'e Japanske strjitten in seldsum gesicht wurden.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|