It Maleisk heart ta de Austronesyske talen en is fan oarsprong de memmetaal fan de Maleizjers, de ynwenners fan it Maleisyske skiereilân, Súd-Filipinen, Súd-Tailân, Singapore en parten fan Sumatra.

Maleisk
algemien
eigen namme Bahasa Melayu هاس ملايو
lânseigen yn Yndoneezje, Maleizje, Singapore, Tailân, Filipinen, Myanmar,

Kambodja, Sry Lanka, Brûnei, Timor, Cocos Eilannen, Christmas Eilân

skrift it Latynske alfabet Arabysk skrift
taalbesibskip
taalfamylje Austronesysk
dialekten Maleiske dialekten
taalstatus
offisjele status Yndoneezje,
taalkoades
ISO 639-1 ms
ISO 639-2 may
ISO 639-3 zlm
Gebieten dêr't it Maleisk erkend is as offisjele taal
Oarspronklik taalgebiet fan it Maleisk

De taal wurdt sprutsen yn ûnder oare Brûnei, Maleizje en Yndoneezje. Yn dat lêste lân is Bahasa Yndoneezje in standerdisearre foarm fan ûnder oare it eardere pasar-Maleisk. Yn Singapore is it ien fan de fjouwer offisjele talen. Hjir en yn Brûnei wurdt it ienfâldichwei it Bahasa Melayu (Maleiske taal) neamd.

De offisjele standert foar it Maleisk, dy't oerienkommen is tusken Brûnei, Yndoneezje en Maleizje, is Bahasa Riau, de taal fan de Riouwarchipel, dêr't lang fan tocht is dat dêr de oarsprong fan de Maleiske taal lei.

Troch de lange histoaryske banden tusken Yndoneezje en Nederlân binne in protte Maleiske wurden yn it Nederlânsk en Frysk opnommen. Foarbylden binne amok (amuk), kras (keras), sarong (sarung), toko, bakkeleien (berkelahi), pikeren (pikir), pisang en kapok (kapuk).

Troch de Arabieren waard it Maleisk earder Jawy neamd. Dat wurd is in ferbastering fan de namme fan it eilân "Java". Dat waard wer troch de Maleizjers ûntliend en libbet yn distiid noch troch yn it saneamde Jawyskrift. It Jawyskrift is in foarm fan it Arabyske skrift dat foar it Maleisk oanpasse is. Ek yn Tailân wurdt de taal fan (Maleisktalige) moslims út it suden fan it lân Pattany en omkriten, sa neamd.

Omdat it Maleisk fan eartiids en ek noch fan hjoed brûke wurdt troch sprekkers fan ferskillende talen om mei elkoar te kommunisearjen hawwe op in protte plakken yn Yndoneezje en Maleizje mar ek dêrbûten alderlei regionale en net-regionale farianten ynfloed fan lokale taal of talen ûndergean. Sa wurdt der ûnderskied makke tusken diverse dialekten, farianten, besibbe talen en op Maleisk basearre Kreoalske talen, dêr't in oantal goed fan beskreaun is:

en in protte oaren.

Maleisk as taal yn Nederlân

bewurkje seksje

Indyske Nederlanners

bewurkje seksje

Maleisk dan benammen it Pasar Maleisk (ferienfâldige foarm fan Maleisk en de lingua franca fan de Yndonesyske archipel) wurdt sprutsen troch Yndyske Nederlanners ("Yndo's") fan de 1ste generaasje, mar it Maleisk of Pasar Maleisk wie nea de taal fan de Yndo's of de Yndo's fan de 1ste generaasje.

De Yndo's yn de nije republyk krigen trochdat sy de taal min of net behearsken, problemen mei it praten en learen fan de nije ienheidstaal: it Yndonesysk. It Pasar Maleisk wie de lingua franca v fan de Yndonesyske archipel. Fan eartiids waard it Maleisk yn Ynje neamd, fier foardat de wurden Yndoneezje/Yndonesysk ûntstie. It tsjintwurdige Yndonesysk, wat Bahasa Yndoneezje, neamd wurdt, is basearre op it Maleisk en hat him ferspraat fanút de eastkust fan Sumatra, mar is bewust en akademysk oanfolle, bysteld en ûntwikkele om ta in skikte ienheidstaal te kommen.

Molukkers sprekke ek Maleisk. Yn tsjinstelling ta de Yndo's sprekke alle generaasjes de taal. alhoewol't dat no stadichoan oan it feroaren is. In lyts part fan de tredde generaasje Molukkers ken de taal net mear.