Disney Studios Australia
De Disney Studios Australia binne in studiokompleks yn Sydney, yn 'e Australyske steat Nij-Súd-Wales. It bedriuw waard yn 1998 oprjochte troch de Amerikaanske filmstudio 20th Century Fox en stie 24 jier lang bekend as Fox Studios Australia. Nei de oername fan 20th Century Fox troch The Walt Disney Company yn 2019 krige it studiokompleks yn 2022 syn hjoeddeistige namme. Yn 'e Disney Studios Australia binne in grut tal films en tillefyzjesearjes opnommen, wêrûnder de trije dielen fan 'e Star Wars-prequeltrilogy, The Matrix, Mad Max: Fury Road en Thor: Love and Thunder. Ek is der de produksje fersoarge fan tekenfilms en tekenfilmsearjes, lykas Star Wars: The Clone Wars en The Simpsons.
Disney Studios Australia | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Austraalje | |
type | privaat | |
sektor | tillefyzje- en filmyndustry | |
fêstige yn | Sydney (Nij-Súd-Wales) | |
oprjochte | 1998 | |
oprjochter | 20th Century Fox | |
eigner | The Walt Disney Company | |
mem | Walt Disney Studios Operations | |
offisjele webside | ||
www.disneystudiosaustralia.com | ||
kaart | ||
Lokaasje yn Sydney.
|
Skiednis
bewurkje seksjeDe Disney Studios Australia steane op it plak dêr't earder de Sydney Showground wie yn 'e wyk Moore Park. Dêr waard foarhinne 116 jier efterinoar de Keninklike Peaskeshow holden, it grutste evenemint fan Austraalje. Dat waard nei de edysje fan 1997 ferhuze nei in oar plak, sadat de Sydney Showground frijkaam.
De grûn waard oankocht troch News Corporation, it bedriuw fan 'e Australyske mediamagnaat Rupert Murdoch. Der ferriisde doe in nij, hypermodern film- en tillefyzjestudiokompleks, dat Fox Studios Australia kaam te hjitten. Fan novimber 1999 oant 2001 wie op it backlot fan it kompleks in ferdivedaasjepark fêstige, dat nei't it skynt basearre wie op Universal Studios Hollywood, Universal Studios Florida en Disney's Hollywood Studios. Dat kost $261 miljoen om te bouwen, mar it wie blykber gjin súkses.
Yn 2012 kundige Rupert Murdoch oan dat er besletten hie om News Corporation op te spjalten yn twa aparte bedriuwen. Dat krige yn 2013 syn beslach. Dêrby waarden alle belangen yn 'e tillefyzje- en filmyndustry ûnderbrocht by it nije 21st Century Fox, wylst alle útjouwerijen byinoarbrocht waarden yn it nije News Corp. Dy splitsing waard sa beävensearre dat 21st Century Fox foar de wet in fuortsetting wie fan 'e âlde News Corporation, wylst News Corp in folslein nij bedriuw wie. Fox Studios Australia kaam op dy manear yn 'e hannen fan 21st Century Fox, dat yn 2019 oernommen waard troch The Walt Disney Company. Nei't de stofwolken fan 'e mega-oername wat lizzen gien wiene, waard Fox Studios Australia op 10 oktober 2022 omneamd ta Disney Studios Australia.
Bestjoer
bewurkje seksjeDe Disney Studios Australia binne yn it bedriuwekonglomeraat fan Disney yndield by Walt Disney Studios Operations (foarhinne en no noch wol bekend as Disney Studio Services), in ôfdieling fan 'e difyzje Walt Disney Studios dy't oer it behear fan studiokompleksen giet. Behalven de Disney Studios Australia hat dy ôfdieling ek de Walt Disney Studios (Burbank), de Prospect Studios, KABC7 Studio B en de Golden Oak Ranch op 'e noed.
Fasiliteiten
bewurkje seksjeDe Disney Studios Australia steane op in perseel mei in oerflak fan 12,8 ha, dat foar it meastepart út backlot bestiet. It studiokompleks omfettet 8 soundstages, mei dêropta fasiliteiten foar preproduksje en postproduksje, kantoarromte, wurkplakken (foar de produksje fan dekôrstikken) en mear as 60 selsstannige bedriuwkes dy't tsjinsten leverje lykas ferhier fan ark en reau en swier materieel, transport, casting, postproduksjetsjinsten en special effects.
Produksjes
bewurkje seksjeFilms
bewurkje seksjeIn seleksje fan films dy't alteast foar in diel yn 'e Disney Studios Australia opnommen of produsearre binne:
Tillefyzje
bewurkje seksjeIn seleksje fan tillefyzjesearjes dy't alteast foar in diel yn 'e Disney Studios Australia opnommen of produsearre binne:
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |