The Matrix: Revolutions

film út 2003 fan The Wachowskis

The Matrix: Revolutions is in Amerikaanske post-apokalyptyske, dystopyske science fiction-aksjefilm út 2003 ûnder rezjy fan de Wachowski's, mei yn 'e haadrollen Keanu Reeves, Laurence Fishburne en Carrie-Anne Moss. De titel betsjut "De Matrys: Revolúsjes" of "De Matrys: Omdraaiïngs". De film is it trêde en ôfslutende diel fan 'e oarspronklike Matrix-filmtrilogy, dy't ta de subsjenres fan neo-noir en cyberpunk heart. As sadanich folget The Matrix: Revolutions op The Matrix Reloaded, dat in healjier earder útkaam, yn maart 2003. It ferhaal folget Neo, syn mentor Morpheus en syn minneresse Trinity as se besykje om sawol de simulearre reäliteit fan 'e Matrys as de echte wrâld te rêden fan 'e ûndergong, dêr't it trochdraaide softwareprogramma Smith op oanstjoerd. The Matrix: Revolutions krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. In fjirde Matrix-film kaam yn desimber 2021 út, ûnder de titel The Matrix: Resurrections.

The Matrix: Revolutions
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur de Wachowski's
produsint Joel Silver
senario de Wachowski's
kamerarezjy Bill Pope
muzyk Don Davis
filmstudio Village Roadshow Pictures
Silver Pictures
NPV Entertainment
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Keanu Reeves
Laurence Fishburne
Carrie-Anne Moss
byrollen Hugo Weaving
Jada Pinkett Smith
David Roberts
Mary Alice
Collin Chou
Harry Lennix
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 5 novimber 2003
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-aksjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 129 minuten
budget en resultaten
budget $150 miljoen
opbringst $427,3 miljoen
filmsearje
filmsearje The Matrix
● foarich diel The Matrix Reloaded
● folgjend diel The Matrix: Resurrections

Plot bewurkje seksje

(The Matrix: Revolutions giet fuortendaliks fierder op it punt dêr't de foarrige film einige. Sjoch foar wat foarôfgie: The Matrix Reloaded.)

Neo en Bane lizze allebeide komateus yn 'e sikeboech fan it skip de Hammer. Neo hat yn 'e echte wrâld mei syn gedachten in tal Skyldwachten (masines dy't bedoeld binne om mei de minsklike rebellen ôf te weven) útskeakele, wat bûten de simulearre reäliteit fan 'e Matrys hielendal net mooglik wêze moatte soe. It docht bliken dat er dêrfoar op 'e iene of oare wize dochs kontakt lein hat mei de Matrys, en dat syn geast no fêstsit tusken de Matrys en de echte wrâld yn. Hy befynt him yn in metrostasjon, dêr't er in 'gesin' fan softwareprogramma's moetet: in 'heit', in 'mem' en harren jonge 'dochter'.

De 'heit', Ramachandra, fertelt Neo dat it metrostasjon it domein is fan in programma dat himsels de Treinman neamt, dat oerstallige softwareprogramma's dy't wiske wurde sille út 'e Masinestêd de Matrys binnensmokkelet. Om't de lytse Sati, de 'dochter' fan Ramachandra en syn 'frou' Kamala, gjin doel tsjinnet, soe hja yn 'e Masinestêd wiske wurde. Dêrom hawwe har 'âlden' it Orakel om rie frege, dat harren yn kontakt brocht hat mei de Treinman. Ramachandra fertelt ek dat de Treinman net selsstannich wurket, mar trou is oan 'e Merovinger, mei wa't Neo al earder gedoente hân hat, en net op in oangename manear. As Neo letter besiket de metro te nimmen, wurdt de Treinman him oermânsk en twingt dy him om yn it metrostasjon efter te bliuwen.

Underwilens nimt Seraph, de liifwacht fan it Orakel, kontakt op mei Morpheus en Trinity om harren by syn masteresse te ûntbieden. It Orakel fertelt harren dat Neo harren help nedich is en leit harren de sitewaasje út. Se lit Seraph mei harren gean. Trijeresom kringe Morpheus, Trinity en Seraph in nachtklub binnen dy't eigendom is fan 'e Merovinger. Dyselde wol Neo wol gean litte, mar inkeld as hja him de eagen fan it Orakel bringe, mei't hja Seraph fan him 'stellen' hat. As Trinity har geduld ferliest en him in pistoal tsjin 'e holle oan set, warskôget syn frou Persephone de Merovinger dat it Trinity mienen is, mei't se wier fan Neo hâldt, ek al sille de liifwachten fan 'e Merovinger har deasjitte fuort nei't se de Merovinger ombrocht hat. Dêrop beslút de Merovinger aaien foar syn jild te kiezen en Neo gean te litten.

Ear't er weromkeart nei de echte wrâld bringt Neo in besyk oan it Orakel, dat no de lytse Sati op 'e noed hat. Hja fertelt him dat it selsstannich operearjende softwareprogramma agint Smith fan doel is om sawol de Matrys as de echte wrâld te ferneatigjen. Ek seit se tsjin him dat alles dat in begjin hat, ek in ein hawwe moat, en dat de oarloch tusken minsken en masines dêrom einich is. Nei't Neo ôfset is, arrivearret in grutte koft Smiths, dy't Seraph en Sati en ek it Orakel sels oernimme en absorbearje. Smith wint dêrtroch it fermogen fan heldersjendheid.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn 'e echte wrâld fine de opfarrenden fan 'e Hammer, wêrûnder ek de bemanning fan 'e ferlern giene Nebuchadnezzar (dy't troch de Hammer oppikt is), in trêde skip werom, de Logos fan kaptein Niobe. Kaptein Roland fan 'e Hammer ûnderfreget de út syn koma bykommen Bane oer syn rol by it eardere útskeakeljen fan alle oare minsklike skippen troch de Skyldwachten, mar dyselde antwurdet dat er dêr gjin oantins oan hat. Roland wol weromkeare nei de ûndergrûnske stêd Zion, it lêste bolwurk fan 'e frije minskheid, mar Neo is ta de konklúzje kommen dat er nei de Masinestêd reizgje moat, en freget om in skip dat him dêr bringe kin. Roland ferklearret him foar gek, mar Niobe biedt him de Logos oan.

Neo set ôf, beselskippe troch Trinity. Bane reizget as ferstekling mei en nimt Trinity yn gizeling. Neo beseft dat Smith de echte wrâld binnen witten hat te kringen troch de avatar fan Bane yn 'e Matrys te absorbearjen. Hja fjochtsje, wêrby't Bane Neo de eagen útbaarnt mei in elektryske keabel, sadat er foargoed blyn wurdt. Neo komt lykwols ta de ûntdekking dat er gjin ferlet mear hat fan syn eagen om sjen te kinnen, mei't er yn 'e echte wrâld alles dat diel útmakket fan 'e masinekodearring gewaarwurde kin as in goudkleurich ljocht. Hy beart lykwols dat er neat mear sjocht en set Bane dêrmei op 'e ferkearde foet, sadat er him deadzje kin. Neitiid fljocht Trinity de Logos nei de Masinestêd ta.

Mei Niobe as piloat wit de Hammer fia in normaal ûntagonklike ûnderhâldstunnel Zion te berikken, dat oanfallen wurdt troch in skier ûneinige kliber Skyldwachten. De skipswerf fan Zion wurdt troch de masines ûnder de foet rûn, wêrby't kaptein Mifune, dy't dêr lieding jout oan 'e ferdigeners, deadlik ferwûne rekket. Neitiid witte Kid en Zee lykwols tegearre de poarte te iepenjen dy't de Hammer binnenlit. As it skip syn elektromagnetyske puls brûkt, in wapen dat alle masines útskeakelet, reitsje alle Skyldwachten ferrinnewearre. Kommandant Lock, dy't de ferdigening fan hiel Zion op 'e noed hat, wiist der lykwols op dat ek alle masines dy't ûnderdiel útmakken fan 'e ferdigining no nei har groatsje binne. As der in nije weach Skyldwachten arrivearret, moatte de minsken har weromlûke yn Zion sels, dêr't se de ein ôfwachtsje dy't no gau komme sil.

As de Logos de Masinestêd benei komt, wurde der tûzenen raketten op it skip ôffjurre, mei as gefolch dat it útwike moat omheech, oant boppe it tsjûke wolketek, dêr't Trinity foar it earst de sinne sjocht. It skip giet fuortendaliks wer yn dûkflecht nei ûnderen en stoart úteinlik del yn it sintrum fan 'e Masinestêd, wêrby't Trinity deadlik ferwûne rekket. Nei't er ôfskie fan har nommen hat, giet in bline Neo, dy't no neat mear te ferliezen hat, de Masinestêd yn, dêr't er de masinlieder moetet, dy't Deus ex Machina hjit. Neo wiist derop dat sy yn Smith in mienskiplike fijân hawwe, dy't derop gebeten is om alles te ferdylgjen, wat de ein betsjutte soe foar sawol minsken as masines. Hy biedt Deus ex Machina oan om Smith tsjin te hâlden yn ruil foar frede tusken Zion en de Masinestêd. Deus ex Machina stimt dêrmei yn; fan gefolgen stake de Skyldwachten yn Zion harren opmars krekt foar't se yn 'e eigentlike stêd trochkringe.

De masines leverje Neo in konneksje om 'e Matrys yn te gean, dêr't er opwachte wurdt troch de Smith mei de fermogens fan it Orakel, wylst ûntelbere oare Smiths tasjogge. De Smith dy't Neo benei komt, fertelt him dat er syn eigen oerwinning foarsjoen hat. Nei in lang en útputtend twagefjocht stiet Neo ta dat Smith him absorbearret. Smith is derfan oertsjûge dat er wûn hat, mar eins is er yn in falstrik rûn: fia it lichem fan Neo is er no ferbûn mei it sintrum fan 'e Masinestêd, dêr't Deus ex Machina in delete-sinjaal troch de konneksje stjoert dy't it hiele Smith-programma foargoed wisket. Neo beswykt oan syn ferwûnings, mar hat in lêste fizioen fan 'e skientme fan 'e Masinestêd wylst syn stjerrende lichem troch de masines fuortdroegen wurdt.

De masines hâlde har oan 'e oerienkomst mei Neo, en de Skyldwachten lûke har werom út Zion. De Matrys wurdt reboot en alle troch Smith absorbearre programma's keare werom. Yn in park moetet it Orakel de Arsjitekt (it programma dat de Matrys kreëarre hat). De Arsjitekt hat inkeld minachting foar de kar dy't Neo en it Orakel makke hawwe, mar hy leit him derby del dat de frede tusken minsken en masines, yn 'e wurden fan it Orakel, duorje sil "sa lang't mar mooglik is". Ek befêstiget er dat de masines dy minsken dy't frijlitten wurde wolle út de Matrys, gean litte sille. Neitiid keare Seraph en it famke Sati by it Orakel werom. As Sati har dêrnei freget, antwurdet it Orakel dat se Neo werom tinkt te sjen. De prachtige sinne-opkomst dêr't se nei sjogge, blykt it wurk fan Sati te wêzen. Seraph wol witte oft it Orakel yn 't foar wist dat dit de útkomst wêze soe; hja antwurdet dat se it net wist, mar dat se deryn leaude.

Rolferdieling bewurkje seksje

 
Keanu Reeves yn 2009.
 
Laurence Fishburne yn 2000.
 
Carrie-Anne Moss yn 1999.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise                        
Neo / Thomas A. Anderson Keanu Reeves
Morpheus Laurence Fishburne
Trinity Carrie-Anne Moss


byrollen
personaazje                                  akteur/aktrise
agint Smith Hugo Weaving
kaptein Niobe Jada Pinkett Smith
kaptein Roland David Roberts
it Orakel Mary Alice
Seraph Collin Chou
kommandant Lock Harry Lennix
Link Harold Perrineau
Zee Nona Gaye
Kid Clayton Watson
kaptein Mifune Nathaniel Lees
Sati Tanveer K. Atwal
Bane Ian Bliss
de Treinman Bruce Spence
de Merovinger Lambert Wilson
Persephone Monica Bellucci
Cas Gina Torres
Kamala Tharini Mudaliar
riedslid Hamann Anthony Zerbe
Deus ex Machina Kevin Michael Richardson (as stimakteur)
de Arsjitekt Helmut Bakaitis
riedslid West Cornel West
Ramachandra Bernard White
Ghost Anthony Brandon Wong

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Produksje bewurkje seksje

The Matrix: Revolutions waard regissearre troch troch Lana en Lilly Wachowski (tegearre ornaris bekend as 'de Wachowski's) nei in senario fan harrensels. As produsint wie Joel Silver by it projekt belutsen foar de filmstudio's Village Roadshow Pictures, Silver Pictures en NPV Entertainment. Foar de film wie in budget beskikber fan $150 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Bill Pope, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Don Davis.

Opnamen bewurkje seksje

De opnamen foar The Matrix: Revolutions waarden oanslutend dien mei de opnamen foar The Matrix Reloaded. Se fûnen foar it meastepart plak yn 'e Fox Studios Australia yn Sydney. De sênes yn it metrostasjon waarden filme yn 'e yn ûnbrûk rekke tunnels fan it St. James Railway Station yn Sydney, wylst de einsêne yn it park opnommen waard yn 'e Keninklike Botanyske Tún fan Sydney.

Aktrise Carrie-Anne Moss briek ûnder de opnamen har skonk. Gloria Foster, dy't it Orakel spile yn 'e earste beide Matrix-films, ferstoar ear't de opnamen fan The Matrix: Revolutions foltôge wurde koene. Hja waard dêrom ferfongen troch Mary Alice. Har feroare uterlik waard útlein yn it ferhaal.

Distribúsje bewurkje seksje

De distribúsje fan The Matrix: Revolutions waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 5 novimber 2003 om 14.00 oere persiis yn premiêre, net inkeld yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten, mar yn 108 ûnderskate lannen en territoaria. It wie de omfangrykste tagelikense release fan in film ea. It byhearrende soundtrackalbum The Matrix: Revolutions, ferskynde op 4 novimber 2003 by platemaatskippijen Warner Bros. Records en Maverick Records. The Matrix: Revolutions waard op 6 april 2004 útbrocht op dvd en blu-ray.

Untfangst bewurkje seksje

Fan 'e filmkritisy krige The Matrix: Revolutions mingde resinsjes. Guon resinsinten fûnen de film antyklimaktysk en oaren beskôgen de film as in stik minder filosofysk ambigu as syn foargongers. Hja hiene der muoite mei om 'e foarfallen yn The Matrix Reloaded te fermoedsoenjen mei it ferhaal fan The Matrix: Revolutions en de measten fan har fûnen de nije film dêrom ûnbefredigjend. Roger Ebert, dy't foar de Chicago Sun-Times skreau, hie sels ek krityk op The Matrix: Revolutions, mar dochs parte er de film 3 fan 4 stjerren ta.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie The Matrix: Revolutions in ûndergemiddeld goedkarringspersintaazje fan 35%, basearre op 225 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "In teloarstellende ein fan 'e Matrix-trilogy, mei't personaazjes en ideeën op 'e eftergrûn reitsje yn it foardiel fan special effects." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle The Matrix: Revolutions in goedkarringspersintaazje fan 47%, basearre op 41 resinsjes.

Resultaat bewurkje seksje

Opbringst bewurkje seksje

The Matrix: Revolutions brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $139,0 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $288,3 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $427,3 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $150 miljoen betsjut dat in winst fan $277,3 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Op it mêd fan dvd-ferkeap swile The Matrix: Revolutions lykwols nochris $116 miljoen oan ynkomsten binnen.

Prizen bewurkje seksje

The Matrix: Revolutions waard nominearre foar de Satellite Award foar bêste dvd oer-alles. De film waard ek nominearre foar trije Saturn Awards, yn 'e kategoryen bêste science fiction-film, bêste special effects en bêste kostúmûntwerp. The Matrix: Revolutions waard fierders nominearre foar fjouwer Teen Choice Awards, foar favorite aksjefilm, favorite akteur yn in aksjefilm (Keanu Reeves), favorite aktrise yn in aksjefilm (Carrie-Anne Moss) en favorite filmgefjocht (Neo en Smith).

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

The Matrix (filmsearje)
The Matrix (1999) • The Matrix Reloaded (2003) • The Matrix: Revolutions (2003) • The Matrix: Resurrections (2021)