The Matrix (film)

The Matrix is in Amerikaansk-Australyske science fiction-aksjefilm út 1999 ûnder rezjy fan fan 'e Wachowski's, mei yn 'e haadrollen Keanu Reeves, Laurence Fishburne en Carrie-Anne Moss. De titel betsjut "De Matrys". De plot skilderet in post-apokalyptyske, dystopyske takomst ôf, wêryn't de minskheid ûnbewust fêst kommen is te sitten yn 'de Matrys', in simulearre reäliteit dy't makke is troch yntelliginte masines om 'e minsken ôf te lieden wylst se harren lichems brûke as enerzjyboarne. As kompjûterprogrammeur en hacker Neo dat ûntdekt, rekket er behelle yn in opstân tsjin 'e masines mei oare lju dy't befrijd binne fan 'e Matrys.

The Matrix
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur de Wachowski's
produsint Joel Silver
senario de Wachowski's
kamerarezjy Bill Pope
muzyk Don Davis
filmstudio Warner Bros.
Village Roadshow Pictures
Groucho II Film Parnership
Silver Pictures
3 Arts Entertainment
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Keanu Reeves
Laurence Fishburne
Carrie-Anne Moss
byrollen Hugo Weaving
Joe Pantoliano
Matt Doran
Belinda McClory
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Austraalje
premiêre 31 maart 1999
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-aksjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 136 minuten
budget en resultaten
budget $63 miljoen
opbringst $463,5 miljoen
prizen 4 × Oscar
2 × BAFTA
2 × Saturn Award
filmsearje
filmsearje The Matrix
● folgjend diel The Matrix Reloaded

The Matrix heart ta it cyberpunk-subsjenre fan 'e science fiction en waard sterk beynfloede troch Japanske anime en Hongkongske wuxiafilms. Der sitte ek sterke eleminten fan it neo-noirsjenre yn ferwurke. De film krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wûn fjouwer Oscars, twa BAFTA's en twa Saturn Awards. En yn 'e bioskopen wie The Matrix in daverjend kommersjeel súkses. De film wurdt rûnom beskôge as ien fan 'e bêste science fiction-films aller tiden, en waard yn 2012 troch de Library of Congress foar preservaasje tafoege oan it National Film Registry. The Matrix wie it begjin fan 'e mediafranchise The Matrix. In direkte ferfolchfilm, The Matrix Reloaded, kaam út yn 2003.

Yn in ferfallen en ferlitten hotel yn in grutte stêd besiket in arrestaasjeteam fan 'e plysje in jonge frou, dy't Trinity hjit, yn 'e hechten te nimmen. Hja wurdt harren lykwols oermânsk mei boppeminsklike krêften. Trinity naait út en wurdt efterfolge troch de plysje en in groep spesjaal aginten yn boarger, dy't by steat binne om har boppeminsklike keunsten te belykjen. As se in oergeande tillefoan yn in tillefoansel oannimt, ferdwynt se spoarleas krekt foar't ien fan 'e spesjaal aginten de tillefoansel platriidt mei in frachtwein.

Kompjûterprogrammeur Thomas Anderson, dy't mank hackers bekend stiet ûnder syn skûlnamme Neo, is yntrigearee as er online hieltyd wer de term "de Matrys" tsjinkomt. Trinity nimt kontakt mei him op en fertelt him dat in man dy't Morpheus hjit oer de antwurden beskikt dy't er siket. In team fan spesjaal aginten en plysjeminsken, ûnder lieding fan agint Smith, komt Neo op syn wurk oer it mad. Hoewol't Morpheus besiket om him fuort te lieden, wurdt Neo finzennommen. Agint Smith besiket him te twingen om te helpen by it finen fan Morpheus, dy't hy en de oare spesjaal aginten beskôgje as in terrorist. Dêrta bringe se in skynber libben apparaatsje yn Neo syn búk yn.

As Neo letter wekker wurdt yn syn eigen bêd, beskôget er alles wat him oerkommen is as in nachtmerje. Morpheus nimt op 'e nij kontakt mei him op en liedt him nei Trinity en twa oare meiwurkers fan him, Switch en Apoc. Underweis nei in moeting mei Morpheus ferwideret Trinity it libbene apparaatsje út 'e búk fan Neo, dy't beseft dat de 'nachtmerje' dochs wier bard wêze moat. Morpheus biedt Neo de kar oan tusken twa pillen: in readenien om 'e wierheid oer de Matrys te learen, en in blauwen om alles dat er leard hat te ferjitten en werom te kearen nei syn eardere libben. Neo kiest foar de reade pil, en as er dy trochslokt, desyntegrearret syn reäliteit.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Neo wurdt neaken wekker yn in keunstmjittige kokon dy't folle is mei in slimerige floeistof. Syn kokon is mar ien fan ûntelbere soartgelikense kokonnen, dy't allegear in sliepende minske befetsje. Hy ûntdekt dat syn lichem, en dat fan alle oare minsken, troch keabels fia poarten yn syn efterholle, earms en by syn wringe lâns ferbûn is mei in reuseftige elektrysk systeem. Hy wurdt dêrfan losmakke troch in drone, mei de floeistof út 'e kokon spield en ophelle om oan board brocht te wurden fan 'e Nebuchadnezzar, it fleanende skip fan Morpheus.

Wylst Neo opbetteret fan in libbenslange fysike ynaktiviteit yn 'e kokon, leit Morpheus him de sitewaasje út. Yn 'e earste helte fan 'e ienentweintichste iuw wist de minskheid oan in masine selsbewustwêzen te jaan, sadat der in keunstmjittige yntelliginsje ûntstie. It die lykwols al rillegau bliken dat de minskheid en de yntelliginte masines tsjinstelde belangen hiene. Der ûntstie oarloch, dy't de minskheid besocht te winnen troch it klimaat fan 'e Ierde sadanich te feroarjen dat tenei in tsjûk wolketek elts direkt sinneljocht blokkearre. (De masines wiene nammentlik foar harren bestean ôfhinklik fan sinne-enerzjy.) De masines reägearren troch almar mear minsken te fangen en harren lichemswaarmte te rispjen. Om harren ferstân te pasifisearjen wylst se dat diene, lieten se de minsken in mear as libbensechte dream belibje yn 'e Matrys, in dielde simulearre reäliteit op basis fan 'e wrâld sa't dy wie yn 1999. No, omtrint 2199, hawwe de masines de oarloch wûn en is der foar frije minsken noch mar ien ûntwyk: de djip ûndergrûnske stêd Zion.

Morpheus en syn bemanning, besteande út Trinity, Switch, Apoc, Cypher, Tank, Dozer en Mouse, binne in groep rebellen dy't de Matrys hacke om ta slaaf makke minsken te rêden en foar harren saak te rekrutearjen. Dat se har derfan bewust binne dat de Matrys net echt is, lit ta dat se de regels fan 'e natuerkunde dy't dêr fan krêft binne, lykas de swiertekrêft, wat ferbûge kinne. Morpheus warskôget Neo dat ferstjerren yn 'e Matrys it minsklik lichem wiismakket dat it echt deagien is, en sûnder lichem kin de geast net bestean. Dus stjerren yn 'e Matrys is echt ferstjerren. De spesjaal aginten dy't er earder troffen hat, binne gjin minsken, mar selsbewuste softwareprogramma's dy't ta taak hawwe om bedrigings fan it systeem te eliminearjen, wylst masines dy't Skyldwachten hjitte de rebellen yn 'e echte wrâld útskeakelje. It natoertalint dat Neo oan 'en dei leit by firtuele training oertsjûget Morpheus derfan dat hy "de Wiere" is, de minske dy't neffens de profesije fan it Orakel de minskheid fan 'e Matrys befrije sil.

Nei't er syn training ôfrûne hat, nimme Morpheus, Trinity, Switch, Apoc en Cypher Neo mei nei it Orakel, de profeet fan 'e rebellen. Dêrfoar moatte se de Matrys yngean. It Orakel suggerearret yn in petear ûnder fjouwer eagen mei Neo dat er net de Wiere is en warskôget him dat er mei koarten kieze moatte sil tusken it libben fan Morpheus en syn eigen. Ear't de rebellen de Matrys wer ferlitte kinne, wurde se ynsletten troch in groep spesjaal aginten en plysjeminsken. Mouse, dy't de útgong út 'e Matrys bewekke, wurdt troch harren deade. As Neo finzennommen driget te wurden, offeret Morpheus himsels op, sadat Neo mei Trinity en de oaren ûntkomme kin, wylst Morpheus finzennommen wurdt.

Cypher ferlit mei opsetsin de oaren, sadat er as earste weromkeare kin nei de Nebuchadnezzar. Dêr oankommen, sjit er Tank en Dozer del. Cypher hat it nammentlik op in akkoartsje goaid mei agint Smith om Morpheus te ferrieden yn ruil foar in noflik libben yn 'e Matrys. Neitiid nimt er kontakt op mei Trinity, foar wa't er in ûnbeäntwurde leafde koesteret. Under harren petear fermoardet er Apoc en Switch wylst se yn 'e reäliteit bewusteleas en folslein warleas binne om't harren bewustwêzen him by Trinity yn 'e Matrys befynt. Cypher fertelt Trinity dat er der neat fan leaut dat Neo de Wiere is, en dat sil er bewize troch dyselde no te fermoardzjen. Want as er al de Wiere wie, soe der no ommers in wûnder foarfalle moatte dat him tsjinhold. Ear't Cypher lykwols Neo deadzje kin, komt Tank, dy't syn ferwûnings oerlibbe blykt te hawwen, him oer it mad en sjit him dea.

Neitiid keare Trinity en Neo mei help fan Tank werom nei de Nebuchadnezzar. Morpheus wurdt ûnderwilens troch de spesjaal aginten martele om him te twingen de tagongskoades fan 'e mainframekompjûter fan Zion te ferrieden. Tank slacht foar om Morpheus syn echte lichem te deadzjen ear't er brekke kin, mar Neo beslút om ynstee de Matrys wer yn te gean om te besykjen en rêd Morpheus. Trinity stiet derop om mei te gean. Tegearre kringe se it haadkertier fan 'e spesjaal aginten binnen en witte se Morpheus te befrijen. Neitiid keare Morpheus en Trinity út 'e Matrys werom nei de Nebuchadnezzar, mar agint Smith keart tsjin dat Neo harren folgje kin. Yn it gefjocht dat folget wit Neo Smith earst oermânsk te wurden, mar nei in efterfolging nei in oar eksitpunt út 'e Matrys fjochtsje se op 'e nij en dêrby wurdt Neo skynber deade troch Smith.

Wylst in groep Skyldwachten de Nebuchadnezzar oanfalt, flústeret Trinity Neo yn it ear dat se fan him hâldt. Mei't it Orakel har fertelt hat dat se fereale reitsje soe op de Wiere, moat dat wol betsjutte dat Neo noch net dea is. Yndie komt Neo fuort dêrnei wer ta libben. Syn 'ferstjerren' hat him in nij ynsjoch jûn yn hoe't de Matrys wurket, en in fermogen om dy wurking nei syn hân te setten. Hy ferslacht Smith no sûnder muoite en ferlit de Matrys wylst de Skyldwachten al úteinset binne mei it útinoar skuorren fan 'e Nebuchadnezzar. Nei't Neo weromkeard is, skeakelet Morpheus dy masines lykwols út mei in elektromagnetyske puls dy't alle apparaten bûten wurking stelt.

 
Keanu Reeves yn 2009.
 
Laurence Fishburne yn 2000.
 
Carrie-Anne Moss yn 1999.

Yn in epilooch is Neo wer yn 'e Matrys, dêr't er in tillefoantsje makket wêrfan't er wit dat it ôfharke wurdt troch de spesjaal aginten. Hy ûnthjit de masines dat er harren finzenen "in wrâld dêr't alles kin" sjen litte sil, foar't er ophinget en op swiertekrêftfergjende wize fuortfljocht.

Rolferdieling

bewurkje seksje
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Neo / Thomas A. Anderson Keanu Reeves
Morpheus Laurence Fishburne
Trinity Carrie-Anne Moss


byrollen
personaazje                   akteur/aktrise
agint Smith Hugo Weaving
Cypher Joe Pantoliano
Mouse Matt Doran
Switch Belinda McClory
Tank Marcus Chong
Dozer Anthony Ray Parker
Apoc Julian Arahanga
it Orakel Gloria Foster
agint Brown Paul Goddard
agint Jones Robert Taylor
DuJour Ada Nicodemou

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

The Matrix waard regissearre troch Lana en Lilly Wachowski (tegearre ornaris bekend as 'de Wachowski's') nei in senario fan harrensels. As produsint wie Joel Silver by it projekt belutsen foar de filmstudio's Warner Bros., Village Roadshow Pictures, Groucho II Film Parnership, Silver Pictures en 3 Arts Entertainment. Dêrmei wie The Matrix in Amerikaansk-Australyske ko-produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan $63 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Bill Pope, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Don Davis.

De opnamen foar The Matrix setten yn maart 1998 útein en duorren oant yn augustus fan dat jier. Yn totaal wiene der 118 filmdagen. Op in pear sênes nei fûnen alle opnamen plak yn 'e Fox Studios Australia yn Sydney of op lokaasje yn Sydney, hoewol't werkenbere bouwurken bûten de film holden waarden om in generike Amerikaanske stêd te ferbyldzjen. De opnamen foar The Matrix wiene fan ynfloed op 'e fêstiging fan Nij-Súd-Wales as in wichtige filmproduksjelokaasje.

De akteurs diene by de opnamen foar in grut part harren eigen stunts, benammen yn 'e fjochtpartijen, wêrby't se oan tige tinne triedden hongen. Foarôfgeande oan 'e opnamen moast Keanu Reeves in rêchoperaasje oan in hernia ûndergean, wat him de earste helte fan 'e opnamen beheinde yn syn bewegings. Carrie-Ann Moss rekke ferwûne oan har skonk yn 'e sêne dêr't se by in muorre op draaft. Hugo Weaving, dy't agint Smith spile, rûn by syn training in blessuere op dy't in heupoperaasje nedich makke.

Chad Stahelski, de stuntman dy't as Reeves syn stunt double fungearre, rûn swiere ferwûnings op, wêrûnder brutsen ribben, brutsen knibbels en in skouder út it potsje, by de opname fan 'e sêne wêryn't Neo agint Smith tsjin it plafon oan raamt. De lêste sêne dy't opnommen waard, wie dy wêryn't Neo wekker wurdt yn 'e kokon. Reeves foel dêrfoar 15 kg ôf en skearde syn hiele lichem keal om himsels der útmergele útsjen te litten.

Special effects

bewurkje seksje

De aksjesênes yn The Matrix waarden sterk beynfloede troch de fjochtstyl yn anime (Japanske tekenfilms) en wuxia (Sineeske fjochtsportfilms, benammen út Hongkong). It gebrûk, yn The Matrix, fan gefjochtsgoreografen en wire fu-techniken (wêrby't de akteurs ûnder kung fu-gefjochtssênes oan triedden hingje dy't sa tin binne dat se amper te sjen binne) hiene wer in grutte ynfloed op lettere filmproduksjes fan 'e filmyndustry fan Hollywood. The Matrix popularisearre ek in fisueel effekt dat bekendstiet as 'bullet time'. Dêrby wurdt de ferhege persepsje fan beskate personaazjes werjûn troch de aksje yn in shot te fertraagjen, wylst de kamera mei normale faasje troch de sêne beweecht.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan The Matrix waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 31 maart 1999 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. Op 7 desimber 1999 waard The Matrix útbrocht as VHS-keapfideo. Letter kaam de film ek út op dvd, en yn oktober 2008 folge de earste edysje op blu-ray. Fan 'e filmmuzyk fan 'e film waarden yn 1999 twa soundtrackalbums útbrocht: The Matrix: Music from the Motion Picture en The Matrix: Original Motion Picture Score.

Fan 'e filmkritisy krige The Matrix oer it algemien tige positive resinsjes. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Matrix in heech goedkarringspersintaazje fan 88%, basearre op 155 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Tanksij de fantasijrike fisy fan 'e Wachowski's is [de film] in fernimstich ferfeardige kombinaasje fan spektakulêre aksje en baanbrekkende special effects." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Matrix in goedkarringspersintaazje fan 73%, basearre op 35 resinsjes. Tsjintwurdich wurdt The Matrix rûnom beskôge as ien fan 'e bêste science fiction-films aller tiden. Yn 2012 waard de film troch de Amerikaanske Library of Congress útornearre foar preservaasje yn it National Film Registry omreden fan kulturele, histoaryske en/of estetyske wearde.

The Matrix brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $171,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $292,0 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $463,5 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $63 miljoen betsjut dat in winst fan $400,5 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie The Matrix in reuseftich kommersjeel súkses en de op trije nei meast opbringende film fan 1999, nei de science fiction-film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace, de psychologyske skriller The Sixth Sense en de tekenfilm Toy Story 2.

Yn 2000 wûn The Matrix fjouwer Oscars (fan fjouwer nominaasjes): foar bêste filmmontaazje (Zach Staenberg), bêste lûdsmontaazje (Dane A. Davis), bêste lûdsmixing (John Reitz, Gregg Rudloff, David Campbell en David Lee), en bêste special effects (John Gaeta, Janek Sirrs, Steve Courtley en Jon Thurn). By de BAFTA's, de wichtichste Britske prizen op it mêd fan film, waard The Matrix nominearre yn fiif kategoryen, wêrûnder bêste kamerarezjy, bêste filmmontaazje en bêste produksje-ûntwerp. De film wûn de BAFTA's foar bêste lûd en bêste special effects. By de Saturn Awards waard The Matrix nominearre foar njoggen prizen, wêrûnder bêste akteur (Keanu Reeves), bêste aktrise (Carrie-Ann Moss), bêste byrol fan in akteur (Laurence Fishburne), bêste senario, bêste kostúmûntwerp, bêste fisazjy en bêste special effects. De film wûn twa Saturn Awards, foar bêste science fiction-film en bêste regisseur (de Wachowski's).

It súkses fan The Matrix joech oanlieding ta it ûntstean fan 'e mediafranchise dy't ek The Matrix hiet. Yn dy kontekst waarden yn 't earstoan twa ferfolchfilms makke: The Matrix Reloaded en The Matrix: Revolutions, beide yn 2003. In trêde ferfolchfilm, The Matrix: Resurrections, kaam yn 2021 út. Dêrnjonken ferskynden der binnen deselde franchise strips, romans, de efter-de-skermendokumintêre The Matrix Revisited (oer de produksje fan 'e earste film), in lange tekenfilm opboud út njoggen koarte films en ferskate fideospultsjes.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

The Matrix (filmsearje)
The Matrix (1999) • The Matrix Reloaded (2003) • The Matrix: Revolutions (2003) • The Matrix: Resurrections (2021)