Silver Pictures
Silver Pictures is in Amerikaanske filmstudio en tillefyzjestudio dy't yn 1980 yn Hollywood oprjochte waard troch filmprodusint Joel Silver. It bedriuw brûkt in logo dat ek wol The Chip neamd wurdt, en basearre is op in blokpatroan ûntwurpen troch arsjitekt Frank Lloyd Wright. Silver Pictures wie fral yn 'e 1980-er en 1990-er jierren ferantwurdlik foar de produksje fan in stikmannich grutte films, wêrûnder Commando, Lethal Weapon, Predator, Die Hard, Lethal Weapon 2, Die Hard 2, Predator 2, Lethal Weapon 3, Assassins, Lethal Weapon 4 en The Matrix.
Silver Pictures | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
type | privaat | |
sektor | filmstudio, tillefyzjestudio | |
fêstige yn | Los Angeles (Kalifornje) | |
oprjochte | 1980 | |
oprjochter | Joel Silver | |
dochters | Dark Castle Entertainment | |
offisjele webside | ||
silverpictures.com |
Skiednis
bewurkje seksjeSilver Pictures waard op 24 juny 1980 yn Hollywood oprjochte troch filmprodusint Joel Silver. Yn 1991 sleat it bedriuw in kontrakt mei de folle gruttere studio Warner Bros., dy't fan doe ôf (begjinnend mei Ricochet) alle films foar Silver Pictures distribuëarre en ek de rjochten op 'e films yn besit krige. Ek de marketing waard troch Warner Bros. dien.
Oan dy gearwurking kaam yn 2012, nei 21 jier, in ein. Eins wie yn it kontrakt bepaald dat de ûnderlinge relaasje 25 jier duorje soe, mar Joel Silver kocht de lêste fjouwer jier ôf om't er almar minder te sprekken wie oer de wize fan Warner Bros. om syn films oan 'e man te bringen. Nettsjinsteande dat skeel wurken Silver Pictures en Warner Bros. yn 2016 wer gear oan 'e film The Nice Guys.
Nei it ôfbrekken fan it kontrakt mei Warner Bros. yn 2012, sleat Silver Pictures in fiifjierrige oerienkomst mei Universal Pictures wêrby't Universal de distribúsje en marketing foar de produksjes fan Silver dwaan soe, te begjinnen mei de skriller Non-Stop, dy't yn febrewaris 2014 útkaam. Yn it nije kontrakt waard fêstlein dat Universal him net mei de produksje fan 'e films bemuoie soe. Yn 2015 gie Silver Pictures in partnerskip oan mei in nije finansier yn 'e foarm fan 'e Kanadeeske ûndernimmer Daryl Katz. (Katz is de oprjochter en eigner fan 'e Katz Group of Companies, mei belangen op it mêd fan 'e farmaseutyske yndustry, sport, entertainment en ûnreplik goed.) Foartiid hie Silver Pictures foar de finansiering fan filmprojekten altyd ferlet fan 'e stipe fan in gruttere studio, mar troch de bân mei Katz wie dat fan dy tiid ôf net mear nedich.
Op 24 juny 2019, persiis 39 jier nei't er Silver Pictures oprjochte hie, waard de pinsjonearring fan Joel Silver oankundige.
Produksjes
bewurkje seksjeFilms
bewurkje seksje(Fan 'e troch Silver Pictures produsearre films bestiet mear as de helte út ko-produksjes mei oare studio's.)
Tillefyzjesearjes
bewurkje seksje- Action (1999)
- The Strip (1999)
- Next Action Star (2004)
- Veronica Mars (2004-2007)
- Moonlight (2007-2008)
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |