Sherlock Holmes (film út 2009)
Sherlock Holmes is in Amerikaansk-Britske histoaryske aksje- en detektivefilm út 2009 ûnder rezjy fan Guy Ritchie oer de ferneamde fiktive privee-detektive mei deselde namme út 'e wurken fan sir Arthur Conan Doyle. Yn 'e haadrollen spilen Robert Downey jr. as Sherlock Holmes, Jude Law as dokter Watson, ûnderstipe troch Rachel McAdams en Mark Strong yn 'e wichtichste byrollen. It ferhaal folget Holmes en Watson as se sjen moatte foar te kommen dat in Ingelske lord dy't skynber oer boppenatuerlike krêften beskikt troch de ynset fan swarte magy in steatsgreep dwaan sil. Fan 'e filmkritisy krige Sherlock Holmes oer it algemien positive resinsjes en yn 'e bioskopen wie de film in reuseftich kommersjeel súkses. Downey wûn foar syn titelrol de Golden Globe foar bêste akteur yn in musical of komeedzje, en Sherlock Holmes waard ek nominearre foar twa Oscars. Yn 2011 ferskynde der ferfolchfilm mei de titel Sherlock Holmes: A Game of Shadows.
Sherlock Holmes | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Guy Ritchie | |
produsint | Joel Silver Lionel Wigram Susan Downey Dan Lin | |
senario | Michael Robert Johnson Anthony Peckham Simon Kinberg | |
basearre op | Sherlock Holmes fan sir Arthur Conan Doyle | |
kamerarezjy | Philippe Rousselot | |
muzyk | Hans Zimmer | |
filmstudio | Warner Bros. Silver Pictures Wigram Productions Village Roadshow Pictures | |
distribúsje | Warner Bros. | |
spilers | ||
haadrollen | Robert Downey jr. Jude Law | |
byrollen | Rachel McAdams Mark Strong Kelly Reilly Eddie Marsan James Fox | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten Feriene Keninkryk | |
premiêre | 14 desimber 2009 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | histoaryske aksje- / detektivefilm | |
taal | Ingelsk (ek in bytsje Frânsk) | |
spyltiid | 129 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $90 miljoen | |
opbringst | $524,0 miljoen | |
prizen | 1× Golden Globe 1× Empire Award | |
filmsearje | ||
filmsearje | Sherlock Holmes | |
● folgjend diel | Sherlock Holmes: A Game of Shadows |
Plot
bewurkje seksjeYn it Londen fan 1890 komme privee-detektive Sherlock Holmes en syn assistint dokter John Watson de ritualistyske moard op in jonge frou foar, dy't de ûnmeilydsume ealman lord Henry Blackwood begean wol. Dyselde hat al fiif oare jongfammen op krekt deselde wize ombrocht, mar troch it yngripen fan Holmes en Watson kin er diskear arrestearre wurde troch ynspekteur Lestrade fan Scotland Yard.
In fearnsjier letter ferhuzet Watson út 'e wente oan 221B Baker Street fan syn hospita, frou Hudson, dêr't er keamers dielt mei Holmes. Hy hat him ferlove mei Mary Morstan, in gûvernante, en is fan doel om mei koarten mei har te trouwen. Hoewol't er altyd genoaten hat fan harren mienskiplike aventoeren, sjocht Watson út nei in normaler bestean, wêryn't er net allegeduerigen mei Holmes yn eksintrike opstigings hoecht om te pakken. Ien en oar liedt ta spannings tusken de beide mannen, want it is Holmes twer om syn selskipsman gean te litten, en dêrom besiket er op alderhanne flauwe manearen it foarnommen houlik fan Watson te ûndermynjen.
Underwilens is Blackwood, dy't úthâldt dat er oer boppenatuerlike krêften beskikt, foar de fiif moarden en ien besykjen ta moard feroardiele ta de deastraf. Watson wurdt frege om dêrby oanwêzich te wêzen en neitiid syn ferstjerren fêst te stellen. Koart foar de útfiering fan 'e straf freget Blackwood, by wize fan lêste fersyk, oft Holmes him yn it tichthûs opsykje wol. As Holmes oan dat fersyk foldocht, warskôget Blackwood him foar trije bykommende, net tsjin te hâlden moarden, dy't de wrâld ûnomkearber feroarje sille. Fuort letter wurdt Blackwood ophongen, wêrnei't Watson syn stoflik omskot ûndersiket en formeel syn dea fêststeld.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Holmes wurdt opsocht troch Irene Adler, in eardere fijân en de iennichste persoan dy't er ea met hat oan wa't er him kwa yntellekt mjitte kin. Sy hat him al twaris te fluch ôf west, mei as ûnfoarsjoen gefolch dat er fereale op har rekke is. Irene freget Holmes om foar har in fermiste man te finen dy't Luke Reordan hjit, in readhierrige dwerch mei twa missende foartosken. As se har ôfjout, folget Holmes har en sjocht er hoe't se yn in koets oppikt wurdt troch har geheime, hjoeddeistige wurkjouwer. Oer dy man komt er lykwols inkeld te witten dat it in professor is en dat Irene benaud fan him is.
Underwilens wurdt Blackwood, dy't dea heart te wêzen, troch ferskate lju omrinnen sjoen. As syn fan binnenút iepenbrutsen grêftombe ûntdutsen wurdt, reitsje de autoriteiten derfan oertsjûge dat er echt oer boppenatuerlike krêften beskikt en dat er út 'e dea opstien is. Reordan wurdt dea weromfûn yn 'e deakiste fan Blackwood. Op basis fan in stikmannich oanwizings dy't Holmes op it lyk oantreft, spoare hy en in tsjinnige Watson it skûlplak fan 'e dwerch op, dêr't se in laboratoarium fine mei ferskate eksperiminten dy't wittenskip mei magy ferminge lykje te wollen. Wylst se de boel dêr ûndersykje, wurde Holmes en Watson oanfallen troch in trijetal trewanten fan Blackwood, ûnder wa Dredger, in 2.14 m lange Frânsk sprekkende bruier dy't Holmes lykwols op 'e flecht wit te jeien troch de tapassing fan in primityf streamstjitwapen dat Reordan ûntwikkele hie. Holmes efterfolget Dredger nei in skipswerf, dêr't se yn in gefjocht in hiel skip yn oanbou nei gychem helpe. Dredger wit te ûntkommen, mar Holmes en Watson wurde oppakt foar harren oandiel yn 'e fernielings.
Nei in nacht yn 'e sel komt Watson frij as Mary syn boarchtocht ynleit. Holmes wurdt letter troch Lestrade frijlitten om't der nei him frege is troch guon pommeranten. Hy wurdt nei de Timpel fan 'e Fjouwer Oarders brocht, in geheime, frijmitselderij-eftige, magyske bruorskip mei grutte politike ynfloed. De lieders, opperrjochter sir Thomas Rotherham, minister fan Binnenlânske Saken Coward en de Amerikaanske ambassadeur Standish, freegje Holmes om help by harren krewearjen om Blackwood tsjin te hâlden. Dyselde blykt in earder lid fan harren genoatskip te wêzen en in oerwûne soan fan Rotherham.
Dyseldichste jûns ferdrinkt Rotherham yn syn eigen bad wylst Blackwood tasjocht. De jûns dêrop beleit Coward in gearkomste fan 'e leden fan 'e Timpel fan 'e Fjouwer Oarders, dêr't er ferrassendernôch Blackwood nominearret foar de post fan grutmaster, as opfolger fan Rotherham. Blackwood nimt it wurd en kundiget syn plannen oan om it regear oer it Feriene Keninkryk oer te nimmen troch in steatsgreep út te fieren, wêrnei't er de Feriene Steaten wer ta in Britske koloanje meitsje wol. Standisch kantet him dêr as iennichste tsjin oan, mar as er in revolver foar it ljocht hellet en besiket om Blackwood del te sjitten, fljocht er sels yn 'e brân en falt er te pletter út in finster.
Underwilens liedt harren ûndersyk Holmes en Watson nei in slachthûs oan 'e igge fan 'e Teems, dêr't se yn in mûklaach fan Blackwood rinne. Irene, dy't harren folge is, wurdt troch Blackwood finzen nommen en oan hanboeiens oan in fleisheak ophongen. Holmes en Watson hawwe der klauwen oan om har te befrijen foar't se, lykas de bargebouten oan 'e oare fleisheakken, troch in lintseage midstwa fike wurdt. Ear't it trijetal útpike kin, blaast Blackwood it slachthûs op, wêrby't Watson ferwûnings oprint en Holmes in skoft bewusteleas rekket. As er wer by besleur komt, wurdt er troch in befreone plysjeman, Clarke, warskôge dat Coward in arrestaasjebefel foar him útgean litten hat. Fan gefolgen is Holmes twongen om ûnder te dûken.
Holmes bestudearret de rituelen fan 'e Timpel fan 'e Fjouwer Oarders en ûntdekt in patroan yn 'e symboalen dat oerienkomt mei in patroan yn 'e troch Blackwood begiene moarden. Dêrút liedt er ôf dat de lêste moard plakfine sil yn it Paleis fan Westminster, oftewol it Britske parlemintsgebou. Hy kriget foar it ferstân dat Blackwood serieus is oer syn plannen foar in steatsgreep en beseft dat er yn it Paleis fan Westminster alle leden fan it Britske regear, it Hegerhûs en it Legerhûs yn ien kear út 'e wei romje wol. Mei de help fan Lestrade set Holmes syn eigen arrestaasje yn sêne, wêrnei't er by Coward ôflevere wurdt. Oan 'e hân fan bewiismateriaal dat er op 'e klean en de fuotskoaiïng fan 'e minister fynt, stelt Holmes fêst dat Blackwood-en-dy in seremoanje útfierd hawwe yn it rioel ûnder it Paleis fan Westminster. Hy ûntkomt op spektakulêre wize troch út it finster yn 'e Teems te springen, dêr't er oppikt wurdt troch in goekunde fan sines, de binnenskipper Tanner.
Yn it rioel ûnder it Paleis fan Westminster treffe Holmes, Watson en Irene in espel fan 'e trewanten fan Blackwood oan dy't in apparaat bewekje dat troch Reordan ûntwikkele is. Holmes en Irene riddenearje út dat it bedoeld is om wetterstofsyanide, in foarm fan gifgas, yn in mienskiplike gearkomste fan it Hegerhûs en it Legerhûs te pompen, sadat de iennichste oerlibbenen Blackwood sels en deselden fan syn oanhingers wêze sille dy't er, sûnder dat se it witte, in tsjingif tatsjinne hat. Neitiid kin Blackwood dan úthâlde dat inkeld sy it oerlibbe hawwe om't hy dat mei tsjoenderij bewurkmastere hat. Wylst Holmes en Watson ôfweve mei de bewekkers, ûnder wa Dredger, dy't lang om let út 'e ljochten holpen wurdt troch Watson, slagget it Irene om it apparaat fan Reordan te sabotearjen troch der mei in behearske eksploazje in ûnderdiel ôf te blazen. As Blackwood fia in primitive radiografyske ôfstânsbetsjinning de gifgaspomp oansette wol, bart der sadwaande neat. Coward en de rest fan syn oanhingers wurde troch de oare parlemintsleden yn 'e hechten nommen, mar sels wit Blackwood te ûntkommen.
Wannear't Irene útpykt mei de kokers mei wetterstofsyanide, set Holmes de efterfolging yn. Hy sit har nei troch de rioelen en nei de top fan 'e noch ûnfoltôge Tower Bridge. Dêr wurde se lykwols opwachte troch Blackwood, dy't Irene fan 'e boppebou fan 'e brêge smyt en dêrnei de striid mei Holmes oanbynt om it besit fan 'e kokers mei gifgas. Nei't er Blackwood oermânsk wurden is, jout Holmes lûdop útlis fan al Blackwood syn sabeare boppenatuerlike ferrjochtings, dy't eins allegearre basearre wiene op wittenskip en ferrifelderij. Dat jildt ek foar syn sabeare dea, dy't beävensearre is mei in middel dat de hertslach ûnderdrukt. Blackwood wit himsels út 'e benearing te befrijen en docht in lêste wraam op Holmes, mar hy ferstapt him en falt betize yn in stikmannich keatlings fan 'e brêge. De keatlings komme los, útsein ien, dy't him om 'e hals heakket, sadat Blackwood dochs noch troch ophinging komt te ferstjerren.
Irene is lokkigernôch net te pletter fallen, mar ynstee in stikmannich meters leger op in bousteger telâne kommen en troch de klap eefkes út 'e tiid rekke. As se wekker wurdt, sit Holmes njonken har. Hja fertelt him dat har wurkjouwer in professor Moriarty is. De man is tige gefaarlik, en mei't se ûnderwilens fereale op Holmes rekke is, warskôget Irene him om Moriarty net te ûnderskatten. Wylst Watson foar syn oansteande trouwerij út 221B Baker Street ferhuzet, krije hy en Holmes fan plysjeman Clark berjocht dat der in deade plysje by it apparaat fan Reordan yn it rioel ûnder it Paleis fan Westminster oantroffen is. It docht bliken dat it Moriarty nea te dwaan wie om it gifgas, sa't er Irene wiismakke hie, mar ynstee om in oar wichtich ûnderdiel. Doe't Holmes, Irene en Blackwood drok mei inoar wiene, sloep hy nei it apparaat ta, dêr't er de op wacht steande plysje fermoarde en útpykte mei it ûnderdiel dat er hawwe woe. Holmes sjocht der nei út om it tsjin dizze gewykste nije fijân op te nimmen.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Sherlock Holmes | Robert Downey jr. |
dokter John Watson | Jude Law |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Irene Adler | Rachel McAdams |
lord Henry Blackwood | Mark Strong |
Mary Morstan | Kelly Reilly |
ynspekteur Lestrade | Eddie Marsan |
sir Thomas Rotherham | James Fox |
minister fan Binnenlânske Saken lord Coward | Hans Matheson |
Dredger | Robert Maillet |
plysjeman "Clarkie" Clark | William Houston |
ambassadeur Standish | William Hope |
frou Hudson | Geraldine James |
Tanner | Clive Russell |
professor Moriarty | Andrew Jack Jared Harris (stim) |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeSherlock Holmes wie oarspronklik it persoanlike projekt fan filmprodusint Lionel Wigram, dy't nei oare (as de tradisjonele) manearen socht om 'e aventoeren it ferneamde personaazje Sherlock Holmes út 'e ferhalen fan sir Arthur Conan Doyle yn byld te bringen. Hy woe it personaazje sels ek oars ôfskilderje, yn syn eigen wurden "folle moderner, ûnkonvinsjoneler, soargeleazer libjend". De film waard regissearre troch Guy Ritchie nei in senario fan Michael Robert Johnson, Anthony Peckham en Simon Kinberg. It skript wie in orizjineel ferhaal, dat net basearre wie op in ferhaal fan Doyle, hoewol't de skynber boppenatuerlike foarfallen opfet wurde kinne as in holleknikje nei Doyle syn roman The Hound of the Baskervilles, wêryn't Holmes ek in saak oplosse moat mei skynber boppenatuerlike eleminten.
As produsinten wiene njonken Wigram ek Joel Silver, Susan Downey (de frou fan haadrolspiler Robert Downey jr.) en Dan Lin by it projekt belutsen foar de filmstudio's Warner Bros., Silver Pictures, Wigram Productions en Village Roadshow Pictures. Dêrmei wie de film in Amerikaansk-Britske ko-produksje. Der wie foar Sherlock Holmes in budget beskikber fan $90 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Philippe Rousselot, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Hans Zimmer.
Opnamen
bewurkje seksjeDe opnamen foar Sherlock Holmes setten yn oktober 2008 útein. Ynstee fan yn Londen waard der benammen filme yn it Noardlik Kertier fan Manchester. De Grutte Seal fan Manchester Town Hall, it pleatslike stedhûs, giet yn 'e film troch foar it Hegerhûs. De iepeningssêne waard opnommen yn 'e Tsjerke fan Sint-Bartoloméus de Grutte yn Londen, wylst de sêne mei de draaitreppen filme waard yn 'e Sint-Pauluskatedraal. De sêne mei de steamboat op 'e rivier de Teems waard echt op 'e Teems filme, by Wapping. Yn Grut-Londen waard fierders filme yn 'e Freemason's Hall fan 'e frijmitselderij, op 'e histoaryske Chatham Dockyard en op it begraafplak Brompton Cemetery. Oare sênes waarden opnommen by Stanley Dock en Clarence Dock yn 'e haven fan Liverpool. De binnendoarsênes yn 221B Baker Street en oare lokaasjes waarden filme yn 'e Warner Bros. Studios, Leavesden, yn Hertfordshire en foar in diel yn 'e Pinewood Studios, yn Buckinghamshire.
By de opnamen fan 'e gefjochtssêne tusken Holmes en Dredger op 'e skipswerf, ein novimber 2008, krige Robert Downey jr., dy't de rol fan Holmes spile, by fersin echt in flinke opstopper rjocht yn it gesicht fan Robert Maillet, dy't Dredger spile. Hy rûn dêrby lichte ferwûnings op en rekke fan 'e fuotten, mar oars as dat yn 'e media berjochte waard, ferlear er net it bewustwêzen.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan Sherlock Holmes waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 14 desimber 2009 yn Londen yn premiêre, en iepene dêrnei op 25 desimber 2009 yn 'e Amerikaanske en op 26 desimber 2009 yn 'e Britske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 12 jannewaris 2010 by platemaatskippij WaterTower Music. Sherlock Holmes waard op 30 maart 2010 op útbrocht op dvd en blu-ray.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige Sherlock Holmes oer it algemien positive resinsjes. Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times joech de film 3 fan 4 stjerren. Hy hie lof foar de sterke personaazjes, de fisuele aspekten en de plot, dy't grôtfol aksje siet. Yn The New York Times murk A.O. Scott op dat de wenstige oanpak fan regisseur Guy Ritchie delkaam op "it meitsjen fan coole films oer coole keardels mei coole dingen". Dêrtroch wie Sherlock Holmes neffens him winliken "in rige poazes en stunts" wurden dy't op syn bêsten mar "út en troch fermaaklik" wie.
David Stratton fan The Australian moast hielendal neat hawwe fan 'e werynterpretaasje troch de film fan 'e oarspronklike Sherlock Holmes-ferhalen. Hy konkludearre: "De makkers fan dizze film binne yn haadsaak ynteressearre yn aksje. Dat, sa leauwe se, is alles dat in jong publyk tsjintwurdich yn 'e bioskoop krije kin. Dêr hawwe se miskien gelyk oan, mar troch sa te dwaan hawwe se har neat gelegen lizze litten oan ien fan 'e grutste skeppings fan 'e literatuer."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Sherlock Holmes in goedkarringspersintaazje fan 69%, basearre op 248 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "De regisseursstyl fan Guy Ritchie mei dan de legindaryske detektive net it alderbêste passe, mar [de film] ûnderfynt foardiel fan 'e elemintêre oantrekkingskrêft fan in sterke aktearprestaasje troch Robert Downey jr." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Sherlock Holmes in goedkarringspersintaazje fan 57%, basearre op 34 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeOpbringst
bewurkje seksjeSherlock Holmes brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $209,0 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $315,0 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $524,0 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $90 miljoen betsjut dat in winst fan $434,0 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Sherlock Holmes in grutte kaskreaker yn 'e bioskopen en de op sân nei meast opbringende film fan 2009. Dêropta hie de film anno 2011 oan dvd-ferkeap nochris $44,9 miljoen fertsjinne.
Prizen
bewurkje seksjeYn 2010 waard Sherlock Holmes nominearre foar 2 Oscars, yn 'e kategoryen bêste orizjinele filmmuzyk en bêste artdirection. By de Golden Globes wûn Robert Downey jr. de priis foar bêste akteur yn in musical of komeedzje. Sherlock Holmes wûn ek de Britske Empire Award foar bêste skriller en waard nominearre foar de Empire Award foar bêste akteur (Downey). Fierders waard de film ek nominearre foar 8 Saturn Awards, yn 'e kategoryen bêste aksje- of aventoerefilm, bêste regisseur, bêste akteur (Downey), bêste byrol fan in akteur (Jude Law), bêste byrol fan in aktrise (Rachel McAdams), bêste filmmuzyk, bêste kostúmûntwerp en bêste produksje-ûntwerp.
Ferfolchfilms
bewurkje seksjeIn ferfolchfilm, mei as titel Sherlock Holmes: A Game of Shadows, op 'e nij mei Robert Downey jr. en Jude Law yn 'e haadrollen, kaam yn 2011 út. Lang wie der sprake fan dat der noch in trêde film makke wurde soe, mar dat duorre hieltyd langer. Uteinlik waard bekendmakke dat diel 3 yn desimber 2021 yn 'e bioskoop brocht wurde soe, mar omreden fan 'e koroanapandemy waarden de opnamen dêrfan foar ûnbeskate tiid útsteld. Anno 2023 is it ûndúdlik oft it mei de trêde film noch wat wurde sil.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|