Arthur Conan Doyle

Arthur Conan Doyle (folút: sir Arthur Ignatius Conan Doyle; Edinburch, 22 maaie 1859Crowborough, 7 july 1930) wie in Britsk medikus en skriuwer, dy't fral bekend wurden is troch syn romans en koarte ferhalen oer de detektive Sherlock Holmes en syn assistint dokter John Watson, dy't as mylpeallen en masterwurken op it mêd fan it detektivesjenre beskôge wurde. Doyle hie in breed oeuvre en is ek bekend as auteur fan boeken en ferhalen yn it sjenre fan 'e fantasy (bgl. syn roman The Lost World). Teffens skreau er histoaryske romans, toanielstikken, poëzij en non-fiksje. Njonken syn medysk wurkpaad, syn karriêre as skriuwer en syn twa houliken lei Doyle him ek ta op polityk en spiritisme, en besocht er mei súkses in pear rjochterlike dwalings te korrizjearjen.

Arthur Conan Doyle
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Arthur Ignatius Conan Doyle
nasjonaliteit Britsk
berne 22 maaie 1859
berteplak Edinburch (Skotlân)
stoarn 7 july 1930
stjerplak Crowborough (Ingelân)
etnisiteit Iersk
Skotsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre lit. romans & koarte ferhalen,
detektiveromans, fantasy,
hist. romans, toaniel, poëzij,
non-fiksje, autobiografy
perioade Belle Époque, 1e helte 20e iuw
bekendste
  wurk(en)
The Sign of the Four
The Hound of the Baskervilles
The Return of Sherlock Holmes
The Lost World
jierren aktyf 18791930
offisjele webside
www.conandoyleestate.com

Hoewol't de man gauris "Conan Doyle" neamd wurdt, wie eins allinnich "Doyle" syn efternamme, wylst "Conan" ien fan syn foarnammen wie. Dit blykt út it berteregister dêr't er yn opnommen is, út 'e katalogus fan 'e Britske Bibleteek en út it feit dat er riddere is ûnder de namme Doyle. De tradysje om him fan "Conan Doyle" te neamen, giet werom op syn eigen namgebrûk, mei't er sûnt er dat as syn efternamme joech sûnt fan 'e middelbere skoalle ôf kommen wie. Offisjeel hiet er sa lykwols net.

Jonkheid en iere folwoeksenens

bewurkje seksje

Arthur Conan Doyle waard op 12 maaie 1859 berne yn 'e Skotske haadstêd Edinburch. Syn heit, Charles Altamont Doyle, wie berne yn Ingelân, mar stamme út in Ierske famylje; syn mem, Mary Foley, wie ek fan Iersk komôf. Foar in grut part troch syn heite alkoholisme groeide Doyle op yn djippe earmoede. Fan 1864 oant 1867 waarden hy en de oare bern sels út 'e hûs pleatst, wat yn dy tiid wol wat sizze woe.

Yn 1868, doe't er njoggen jier wie, waard er, op kosten fan syn wolstelde omkes, nei de jezuïtyske kostskoalle Hodder Place, yn Stonyhurst, yn it Noardingelske greefskip Lancashire, ta stjoerd. Dêr bleau er oant 1870, wêrnei't er oant 1875 syn middelbere-skoaloplieding folge oan it Stonyhurst College. Doe brocht er in jier (1875-1876) troch oan 'e jezuïtyske skoalle Stella Matutina, yn it Eastenrykske Feldkirch. Nettsjinsteande dizze tige roomske oplieding, soed er letter yn syn libben it roomske leauwe fersmite en in agnost wurde.

Fan 1876 oant 1880 studearre Doyle medisinen oan 'e Universiteit fan Edinburch. Neitiid meunstere er yn 1880 oan as skipsdokter op 'e walfiskfarder Hope of Peterhead, op in reis nei Grienlân, en yn 1881 op 'e Mayumba op in reis nei de westkust fan Afrika. Yn 1885 behelle er syn doktoraat mei in proefskrift oer syfilityske myelopaty, in sykte dy't de senuwen yn 'e rêchbonke oantaast dy't ynformaasje út it lichem oan 'e harsens trochjouwe.

 
It stânbyld fan Sherlock Holmes yn Doyle syn bertestêd Edinburch.

Wurkpaad en skriuwkarriêre

bewurkje seksje

Wylst er noch yn Edinburch studearre, begûn Doyle koarte ferhalen te skriuwen. Syn ierst bewarre bleaune ferhaal, The Haunted Grange of Goresthorpe, waard ôfwiisd doe't er it ynstjoerde by in tydskrift. The Mystery of Sasassa Valley, dat yn Súd-Afrika spilet, wie syn earste ferhaal dat publisearre waard, yn 1879. Yn 1882 sette er tegearre mei syn klasgenoat George Turnavine Budd in dokterspraktyk op yn it Súdingelske Plymouth, mar hja krigen al binnen in pear moannen spul, dat Doyle ferfear nei Portsmouth, dêr't er op eigen manneboet in praktyk begûn. Yn 't earstoan kamen dêr net in protte pasjinten op ôf, en wylst er wachte oant dat feroare, sette Doyle útein mei it skriuwen fan syn earste romans, lykas The Mystery of Cloomber, dat pas yn 1888 útjûn waard, en it ûnfoltôge Narrative of John Smith, dat yn 2011 foar it earst publisearre waard. Ek skreau er noch mear ferhalen, dêr't ferskate fan ynspirearre wiene troch syn eigen seereizen, lykas The Captain of the Pole-Star en J. Habakuk Jephson's Statement.

Doyle hie bot muoite om in útjouwer te finen. Syn earste publisearre roman, A Study in Scarlet, wêryn't Sherlock Holmes en dokter Watson harren debút makken, ferkocht er yn 1886 foar £25,– oan útjouwerij Ward Lock & Co. De kritiken wiene loovjend, en der waard opdracht jûn ta in ferfolch. Sa ferskynde yn 1890 The Sign of the Four as in fúljeton yn it tydskrift Lippincott's Magazine, ûnder in oerienkomst mei Ward Lock & Co. Doyle seach der net folle jild foar en hie sterk it gefoel dat der misbrûk fan him makke waard. Hy socht dêrnei in oare útjouwer en die nea gjin saken mear mei Ward Lock & Co. Underwilens hied er ek al in stikmannich koarte ferhalen oer Sherlock Holmes skreaun, dy't er útbrocht yn it tydskrift The Strand Magazine.

Yn 1890 studearre Doyle eachhielkunde yn Wenen, en ferhuze doe nei Londen, dêr't er in eachhielkundige praktyk begûn. Folle pasjinten kamen der net, dat hy hie nammenste mear tiid om te skriuwen. Mar hy rekke ûnderwilens wat útsjoen op Sherlock Holmes, dat yn novimber 1891 skreau er oan syn mem: "Ik tink deroer om Holmes om hals te bringen... dat ik ienris en foargoed mei him klear bin. Hy liedt myn tinzen ôf fan bettere dingen." Syn mem antwurde: "Dat dóchst net! Dat kinst net dwaan! Dat meist net dwaan!"

Mar hy die it àl. Yn desimber 1893 liet Doyle Holmes tegearre mei syn aartsfijân perfester Moriarty deafalle oer de Reichenbachwetterfal yn Switserlân, yn it ferhaal The Final Problem. De algemiene en oanhâldende ûntsteltenis fan syn lêzerspublyk, lykwols, twong him min ofte mear om syn bekendste held yn 1901 werom te heljen foar it boek The Hound of the Baskervilles, hoewol't dat eins in prequel oftewol in "neiprolooch" wie, dy't foàr Holmes syn ûnderstelde dea spile. It ferhaal The Adventure of the Empty House, út 1903, spilet lykwols àl nei it Reichenbach-ynsidint, en dêryn wurdt útlein dat Holmes syn eigen dea yn sêne set hie om syn fijannen op in dwaalspoar te bringen. Uteinlik soene Sherlock Holmes en dokter Watson de haadrol spylje yn 4 romans en 56 koarte ferhalen (4 losse koarte ferhalen, 3 toanielstikken en in nea útwurke plot net ynbegrepen). Neitiid binne dêr noch withoefolle Sherlock Holmes-imitaasjes fan bewûnderders fan Doyle by kommen, lykas, om mar ien te neamen, The Adventure of the Lady on the Embankment, in ier wurk fan de Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold, dy't letter in grutte namme wurden is yn 'e fantasy- en science fictionliteratuer.

Njonken syn Sherlock Holmes-ferhalen hat Doyle ek in stikmannich histoaryske romans skreaun: de "bettere dingen", dêr't Holmes syn tinzen fan ôflate. Iroanysk genôch binne dy sûnder útsûndering by it grutte publyk yn 'e ferjitnis rekke, wylst Sherlock Holmes in namme is dy't elkenien ken. Ek skreau Doyle fantasy, dêr't benammen de Perfester Challenger-ferhalen fan neamd wurde moatte. De bekendste dêrfan is The Lost World, út 1912, wêryn't in ferlerne wrâld ûntdutsen wurdt dêr't de dinosauriërs noch fuortlibje. Fierders binne fan Doyle syn hân ek poëzij en non-fiksje ferskynd.

Priveelibben

bewurkje seksje

Yn 1885 troude Doyle mei Louisa Hawkins, byneamd "Touie", de suster fan ien fan syn pasjinten. Hja litte oan tuberkuloaze en stoar op 4 july 1906. It jiers dêrop wertroude er mei Jean Elizabeth Leckie, mei wa't er yn 1897 yn 'e kunde kommen wie. Hy wie doe daliks smoarfereale op har wurden, mar hie út respekt foar syn frou Touie in platoanyske relaasje mei har ûnderholden salang't syn earste houlik duorre. Jean oerlibbe har man tsien jier en stoar op 27 juny 1940.

Doyle hie fiif bern, wêrfan twa mei syn earste frou: Mary Louise (1889-1976) en Arthur Alleyne Kingsley, dy't Kingsley neamd waard (1892-1918). Ut syn twadde houlik hied er trije bern: Denis Percy Stewart (1909-1955), dy't de twadde man wie fan 'e Georgyske prinsesse (yn ballingskip) Nina Mdivani; Adrian Malcolm (1910-1970); en Jean Lena Annette (1912-1997).

Politike bemuoiïngs

bewurkje seksje

Yn 'e Twadde Boere-oarloch (1899-1902), wêrby't it kolonialistyske Britske Ryk Transfaal en de Oranjefrijsteat (de beide ûnôfhinklike republykjes dy't yn Súd-Afrika stifte wiene troch de ôfstammelingen fan Nederlânske kolonisten) ûnder de foet rûn, tsjinne Doyle fan maart oant juny 1900 as frijwillige dokter yn in Britsk militêr fjildhospitaal yn 'e ferovere Frijsteatske haadstêd Blomfontein. Doe't it Britske optreden yn Súd-Afrika troch de hiele wrâld feroardiele waard, skreau hy yn 1902 in koart polityk pamflet mei as titel The War in South Africa: Its Cause and Conduct ("De Oarloch yn Súd-Afrika: Oarsaak en Utfiering"), wêrmei't er besocht om 'e oarloch te rjochtfeardigjen en te behimmeljen. Hysels wie fan miening dat it om dy publikaasje wie, dat er datselde jiers noch troch kening Edwert VII riddere waard (en sadwaande it predikaat "sir" foar syn namme krige). Oer de Twadde Boere-oarloch skreau er yn 1900 fierders ek it skiedkundige wurk The Great Boer War.

Yn dyselde snuorje stelde Doyle him oant twa kear ta kandidaat foar it Britske parlemint foar de Liberale Unionistyske Partij, ienris yn Edinburch en ienris yn Hawick Burghs, mar hoewol't der beide kearen in respektabel oandiel fan 'e stimmen op him útbrocht waard, slagge it him net om in parlemintssit te bemachtigjen.

Fierders wie Doyle in fûleindich oanhinger fan 'e kampanje foar herfoarming fan it bestjoer fan 'e Kongofrijsteat, it Afrikaanske priveerykje fan 'e Belgyske kening Leopold II, dêr't de lânseigen befolking op in grouwélige manear ûnderdrukt en mishannele waard. Doyle rekke befreone mei de lieders fan dy kampanje, de Ingelske sjoernalist E.D. Morel (1873-1924) en de Ierske diplomaat sir Roger Casement (1864-1916), en skreau û.o. it pamflet The Crime of the Congo, wêryn't er de flier oanfage mei Leopold II syn regear. (Uteinlik waard Leopold yn 1908, ûnder druk fan 'e publike opiny troch it Belgyske parlemint twongen om syn ryk oan 'e Belgyske steat oer te dragen, en waard it omfoarme ta de Belgyske Kongo.) Doyle syn freonskip mei Morel en Casement bekuolle lykwols, doe't Morel him ûnder de Earste Wrâldoarloch ûntpopte ta ien fan 'e lieders fan 'e Britske pasifistyske beweging. Mar likegoed gie Doyle (om 'e nocht) foar Casement yn 't pleit doe't dy fanwegen syn belutsenens by de Ierske Peaske-opstân fan 1916 ta de dea feroardiele waard foar heechferrie.

Rjochterlike dwalings

bewurkje seksje

Doyle wie ek in fûleindich ferdigener en pleitbesoarger fan gerjochtichheid en ûndersocht op eigen manneboet twa sletten saken, wat late ta de ynfrijheidstelling en de suvering fan 'e namme fan twa manlju dy't ûnskuldich yn it tichthûs sieten.

 
Grêf fan sir Arthur Conan Doyle, te Minstead, yn Hampshire.

De earste saak, dy't spile yn 1906, gie om in skrutene, heal-Britske, heal-Yndyske abbekaat dy't fan George Edalji hiet. Hy soe driichbrieven skreaun en ferstjoerd en bisten mishannele en skeind hawwe. De plysje liek him ta eltse priis feroardiele hawwe te wollen, ek al giene de bisteskeinings gewoan troch nei't er oppakt wie. Doyle loek him it lot fan 'e man oan en op grûn fan syn ûndersyk waard de saak weriepene en Edalji frijsprutsen. As gefolch fan dizze saak waard yn 1907 it Britske Hof fan Berop foar Strafsaken (Court of Criminal Appeal) oprjochte.

De twadde saak wie dy fan in Oscar Slater, in Joad fan Dútsk komôf dy't in gokhal runde en dy't skuldich befûn wie oan it deahuffen fan in 82-jierrige frou yn it Skotske Glasgow yn 1908. Doyle syn nijsgjirrigens waard yn dit gefal opwekke troch de tsjinstridichheden yn 'e saak fan 'e iepenbier oanklager en troch in yntuïtyf gefoel dat Slater ûnskuldich wie. Uteinlik betelle hy fierhinne de kosten fan Slater syn súksesfol berop, yn 1928.

Spiritualisme

bewurkje seksje

Yn 1918 kaam Doyle syn soan Kingsley te ferstjerren oan in longûntstekking wylst er noch oan it opbetterjen wie fan slimme ferwûnings dy't er yn 1916 yn 'e Slach oan de Somme oprûn hie. Yn febrewaris 1919 stoar Doyle syn broer, brigadegeneraal Innes Doyle, ek oan longûntstekking, wylst koarte tiid nei de Earste Wrâldoarloch teffens fluch efterinoar twa sweagers en twa omkesizzers fan him it libben lieten. Fan gefolgen rekke Doyle swier depressyf. Hy fûn soelaas yn it spiritisme, it leauwe dat de minske nei syn dea as geastlik wêzen fuortbestiet en dan de oanstriid en it fermogen hat om mei de libbenen te kommunisearjen. Ut syn boek The Coming of the Fairies (1922) docht bliken dat Doyle oertsjûge wie fan 'e echtheid fan 'e fiif saneamde Cottingley Fairies-foto's (wêrop't sabeare geasten te sjen wiene), dêr't desennia letter fan bewiisd waard dat it ferfalskings wiene. Doyle syn roman The Land of Mist (1926), út 'e Perfester Challenger-rige, giet ek grutdiels oer spiritisme.

Doyle wie ek in hoart befreone mei de Amerikaanske boeiekening Harry Houdini. Hoewol't dyselde him yn 'e tweintiger jierren, nei de dea fan syn mem, ta in foaroansteand tsjinstanner fan 'e spiritistyske beweging ûntpopte en oates en toates spiritistyske media as oplichters oan 'e kaak stelde, liket dat yn 't earstoan gjin ynfloed op syn relaasje mei Doyle hân te hawwen. Krekt oarsom, Doyle rekke derfan oertsjûge dat Houdini sels boppenatuerlike krêften besiet. Houdini wie blykber net by steat en ûntpraat him dat, en úteinlik late it ta in bittere en publyklike deilisskip tusken harren.

Ferstjerrren

bewurkje seksje

Doyle stoar op 7 july 1930 oan in hertoanfal yn syn lânhûs Windlesham Manor, te Crowborough, yn East-Susseks. Syn lêste wurden wiene rjochte oan syn frou: "Do bist geweldich." Hy waard begroeven yn 'e roazetún fan Windlesham Manor, mar nei de dea fan syn frou Jean, yn 1940, waard er werbegroeven njonken har op it tsjerkhôf fan Minstead yn it New Forest, yn it greefskip Hampshire.

Sherlock Holmes-ferhalen

bewurkje seksje

Ferhalen en ferhalebondels

bewurkje seksje
 
Sherlock Holmes.
  • The Adventures of Sherlock Holmes (1892)
    • A Scandal in Bohemia
    • The Adventure of the Red-Headed League
    • A Case of Identity
    • The Boscombe Valley Mystery
    • The Five Orange Pips
    • The Man with the Twisted Lip
    • The Adventure of the Blue Carbuncle
    • The Adventure of the Speckled Band
    • The Adventure of the Engineer's Thumb
    • The Adventure of the Noble Bachelor
    • The Adventure of the Beryl Coronet
    • The Adventure of the Copper Beeches
  • The Memoirs of Sherlock Holmes (1894)
    • Silver Blaze
    • The Adventure of the Cardboard Box
    • The Adventure of the Yellow Face
    • The Adventure of the Stockbroker's Clerk
    • The Adventure of the Gloria Scott'
    • The Adventure of the Musgrave Ritual
    • The Adventure of the Reigate Squire
    • The Adventure of the Crooked Man
    • The Adventure of the Resident Patient
    • The Adventure of the Greek Interpreter
    • The Adventure of the Naval Treaty
    • The Final Problem
  • The Return of Sherlock Holmes (1905)
    • The Adventure of the Empty House
    • The Adventure of the Norwood Builder
    • The Adventure of the Dancing Men
    • The Adventure of the Solitary Cyclist
    • The Adventure of the Priory School
    • The Adventure of Black Peter
    • The Adventure of Charles Augustus Milverton
    • The Adventure of the Six Napoleons
    • The Adventure of the Three Students
    • The Adventure of the Golden Pince-Nez
    • The Adventure of the Missing Three-Quarter
    • The Adventure of the Abbey Grange
    • The Adventure of the Second Stain
  • His Last Bow (1917)
    • The Adventure of Wisteria Lodge (oarspronklike titel: A Reminiscence of Mr Sherlock Holmes; bestiet út twa dielen)
      • The Singular Experience of Mr. John Scott Eccles
      • The Tiger of San Pedro
    • The Adventure of the Red Circle
    • The Adventure of the Bruce-Partington Plans
    • The Adventure of the Dying Detective
    • The Disappearance of Lady Frances Carfax
    • The Adventure of the Devil's Foot
    • His Last Bow
  • The Case-Book of Sherlock Holmes (1927)
    • The Adventure of the Mazarin Stone
    • The Problem of Thor Bridge
    • The Adventure of the Creeping Man
    • The Adventure of the Sussex Vampire
    • The Adventure of the Three Garridebs
    • The Adventure of the Illustrious Client
    • The Adventure of the Three Gables
    • The Adventure of the Blanched Soldier
    • The Adventure of the Lion's Mane
    • The Adventure of the Retired Colourman
    • The Adventure of the Veiled Lodger
    • The Adventure of Shoscombe Old Place

Losse ferhalen

bewurkje seksje

Dit binne losse ferhalen, dy't net opnommen binne yn 'e fiif ferhalebondels en/of dy't Doyle skreau yn gearwurking mei oare auteurs.

  • The Field Bazaar (1896)
  • The Lost Special (1898)
  • The Man with the Watches (1898)
  • How Watson Learned the Trick (1924)

Toanielstikken

bewurkje seksje
  • Sherlock Holmes: A Drama in Four Acts (1899; alternative titel: Sherlock Holmes)
  • The Speckled Band (1902; oarspronklike titel: The Stonor Case; basearre op The Adventure of the Speckled Band)
  • The Crown Diamond: An Evening with Mr Sherlock Holmes (1921; in oanpaste ferzje fan The Adventure of the Mazarin Stone)
  • Plot for Sherlock Holmes Story (±1900; in plot foar in ferhaal dat Doyle nea skreaun hat; neitiid troch ferskate auteurs skreaun, lykas troch Peter Haining ûnder de titel The Adventure of the Tall Man)

Perfester Challenger-ferhalen

bewurkje seksje
  • The Lost World (1912)
  • The Poison Belt (1913)
  • The Land of Mist (1926)

Koarte ferhalen

bewurkje seksje
  • When the World Screamed (1928)
  • The Disintegration Machine (1929)

Histoaryske romans

bewurkje seksje
  • Micah Clarke (1888)
  • The White Company (1891)
  • The Great Shadow (1892)
  • The Refugees (1893)
  • Rodney Stone (1896)
  • Uncle Bernac (1897)
  • Sir Nigel (1906)
  • The Mystery of Cloomber (1889)
  • The Firm of Girdlestone (1890)
  • The Parasite (1894)
  • The Stark Munro Letters (1895)
  • The Doings of Raffles Haw (1891)
  • Beyond the City (1892)
  • The Tragedy of the Korosko (1898)
  • A Duet, with an Occasional Chorus (1899)
  • The Maracot Deep (1929)

Kaptein Sharkey-ferhalen

bewurkje seksje
  • How the Governor of Saint Kitt's Came Home (1897)
  • The Dealings of Captain Sharkey with Stephen Craddock (1897)
  • How Copley Banks Slew Captain Sharkey (1897)
  • The Blighting of Sharkey (1911)

Oare koarte ferhalen

bewurkje seksje
  • The Mystery of Sasassa Valley (1879)
  • The American's Tale (1880)
  • A Night Among the Nihilists (1881)
  • That Little Square Box (1881)
  • The Gully of Bluemansdyke (1881)
  • Bones, The April Fool of Harvey's Sluice (1882)
  • My Friend the Murderer (1882)
  • Our Derby Sweepstakes (1882)
  • That Veteran (1882)
  • An Actor's Duel and the Winning Shot (1883)
  • An Exciting Christmas Eve or: My Lecture on Dynamite (1883)
  • Gentlemanly Joe (1883)
  • Selecting a Ghost (1883)
  • The Captain of the Pole-Star (1883)
  • The Silver Hatchet (1883)
  • The Winning Shot (1883)
  • J. Habakuk Jephson's Statement (1884)
  • John Barrington Cowles (1884)
  • The Cabman's Story: The Mysteries of a London 'Growler' (1884)
  • The Heiress of Glenmahowley (1884)
  • The Tragedians (1884)
  • The Fate of the Evangeline (1885)
  • The Great Keinplatz Experiment (1885)
  • The Lonely Hampshire Cottage (1885)
  • The Man from Archangel (1885)
  • The Parson of Jackman's Gulch (1885)
  • Cyprian Overbeck Wells: A Literary Mosaic (1886)
  • Touch and Go: A Midshipman's Story (1886)
  • The Stone of Boxman's Drift (1887)
  • Uncle Jeremy's Household (1887)
  • John Huxford's Hiatus (1888)
  • A Pastoral Horror (1890)
  • A Physiologist's Wife (1890)
  • The Ring of Thoth (1890)
  • The Surgeon of Gaster Fell (1890)
  • A False Start (1891)
  • A Sordid Affair (1891)
  • A Straggler of '15 (1891)
  • Our Midnight Visitor (1891)
  • The Voice of Science (1891)
  • The Colonel's Choice (1891)
  • A Question of Diplomacy (1892)
  • A Regimental Scandal (1892)
  • De Profundis (1892)
  • Jelland's Voyage (1892)
  • Lot No. 249 (1892)
  • Out of the Running (1892)
  • The Great Brown-Pericord Motor (1892)
  • The Los Amigos Fiasco (1892)
  • The Case of Lady Sannox (1893)
  • The Green Flag (1893)
  • The Slapping Sal (1893)
  • A Foreign Office Romance (1894)
  • A Medical Document (1894)
  • Behind the Times (1894)
  • His First Operation (1894)
  • Sweethearts (1894)
  • The Curse of Eve (1894)
  • The Doctors of Hoyland (1894)
  • The Lord of Chateau Noir (1894)
  • The Surgeon Talks (1894)
  • The Third Generation (1894)
  • The Recollections of Captain Wilkie (1895)
  • The Three Correspondents (1896)
  • The Fiend of the Cooperage (1897)
  • The Striped Chest (1897)
  • A Shadow Before (1898)
  • The Club-Footed Grocer (1898)
  • The Confession (1898)
  • The Beetle-Hunter (1898)
  • The Black Doctor (1898)
  • The Brazilian Cat (1898)
  • The King of the Foxes (1898)
  • The Lost Special (1898)
  • The Man with the Watches (1898)
  • The New Catacomb (1898)
  • The Retirement of Signor Lambert (1898)
  • The Sealed Room (1898)
  • A True Story of the Tragedy of Flowery Land (1899)
  • B.24 (1899)
  • The Croxley Master (1899)
  • The Brown Hand (1899)
  • The Japanned Box (1899)
  • The Jew's Breastplate (1899)
  • The Usher of Lea House School (1899)
  • An Impression of the Regency (1900)
  • Playing with Fire (1900)
  • The Debut of Bimbashi Joyce (1900)
  • The Leather Funnel (1902)
  • The Pot of Caviare (1908)
  • The Silver Mirror (1908)
  • The Home-Coming (1909)
  • The Lord of Falconbridge (1909)
  • The Coming of the Huns (1910)
  • The First Cargo (1910)
  • The Last Galley (1910)
  • The Last of the Legions (1910)
  • The Terror of Blue John Gap (1910)
  • Through the Veil (1910)
  • An Iconoclast (1911)
  • Giant Maximin (1911)
  • One Crowded Hour (A Pirate Of The Land) (1911)
  • The Contest (1911)
  • The Red Star (1911)
  • The Fall of Lord Barrymore (1912)
  • Borrowed Scenes (1913)
  • How It Happened (1913)
  • The Horror of the Heights (1913)
  • Danger! (1914)
  • The Prisoner's Defence (1916)
  • A Point of View (1918)
  • Speculations (1918)
  • Three of Them (1918)
  • The Nightmare Room (1921)
  • The Centurion (1922)
  • The Lift (1922)
  • Spedegue's Dropper (1929)
  • The Death Voyage (1929)
  • The End of Devil Hawker (1930)
  • The Last Resource (1930)
  • The Parish Magazine (1930)

Ferhalebondels

bewurkje seksje
  • The Captain of the Polestar, and Other Tales (1890)
  • My Friend the Murderer and Other Mysteries and Adventures (1893)
  • Round the Red Lamp (1894)
  • The Exploits of Brigadier Gerard (1896)
  • The Green Flag and Other Stories of War and Sport (1900)
  • The Adventures of Gerard (1903)
  • Round the Fire Stories (1908)
  • The Last Galley (1911)
  • Danger! and Other Stories (1918)
  • The Great Keinplatz Experiment and Other Tales of Twilight and the Unseen (1919)
  • Tales of Adventure and Medical Life (1922)
  • Tales of Terror & Mystery (1923)
  • The Black Doctor and Other Tales of Terror and Mystery (1925)
  • The Dealings of Captain Sharkey (1925)
  • The Man from Archangel and Other Tales of Adventure (1925)
  • Songs of Action (1898)
  • Songs of the Road (1911)
  • The Guards Came Through, and Other Poems (1919)
  • The Great Boer War (1900)
  • The War in South Africa: Its Cause and Conduct (1902)
  • Through the Magic Door (1907)
  • The Crime of the Congo (1909)
  • The Case of Oscar Slater (1912)
  • The British Campaign in France and Flanders (1916-1920)
  • The New Revelation (1918)
  • The Vital Message (1919)
  • The Coming of the Fairies (1921)
  • The Case for Spirit Photography (1925)
  • The History of Spiritualism (1926)
  • The Edge of the Unknown (1930)
  • Dangerous Work: Diary of an Arctic Adventure (2012; in earder nea publisearre deiboek oer Doyle syn ûnderfinings as skipsdokter oan board fan 'e walfiskfarder Hope of Peterhead)

Autobiografysk

bewurkje seksje
  • The Wanderings of a Spiritualist (1921)
  • Our American Adventure (1923)
  • Our Second American Adventure (1924)
  • Memories and Adventures (1924)

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.