Ynspekteur Lestrade

Ynspekteur Lestrade (útspr.: [lɛˈstɹaːd], likernôch "les-straad", of: [lɛˈstɹeːd], likernôch "les-streed"), folsleine namme (ynsafier bekend): G. Lestrade, is in fiktyf personaazje út 'e Sherlock Homes-searje fan detektiveromans en -ferhalen fan 'e Britske skriuwer sir Arthur Conan Doyle. It personaazje waard yntrodusearre yn 'e roman A Study in Scarlet, it alderearste Sherlock Holmes-ferhaal. Lestrade is in ynspekteur by de Londenske plysje fan Scotland Yard, dy't by ûndersiken gauris gearwurket mei de privee-detektive Sherlock Holmes. Hy is de meast promininte plysjeman yn 'e Sherlock Holmes-ferhalen en wurdt foarstelt as wisberet en hurdwurkjend, mar net by machte om 'e yngewikkelde saken op te lossen dy't Holmes syn spesjaliteit binne.

ynspekteur G. Lestrade
personaazje út 'e Sherlock Holmes-searje
Ynspekteur Lestrade arrestearret in fertochte op in yllustraasje fan Sidney Paget by it koarte ferhaal The Adventure of the Cardboard Box.
Ynspekteur Lestrade arrestearret in fertochte op in yllustraasje fan Sidney Paget by it koarte ferhaal
The Adventure of the Cardboard Box.
persoanlike bysûnderheden
sekse manlik
soarte personaazje minske
nasjonaliteit Britsk
berop/amt plysje-ynspekteur
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Sherlock Holmes
dokter Watson
Mycroft Holmes
Irene Adler
professor Moriarty
geastlike heit sir Arthur Conan Doyle
ûntstean 1887

De efternamme 'Lestrade' liket de geastlike heit fan it personaazje, sir Arthur Conan Doyle, opdien te hawwen fan in mei-studint fan sines oan 'e Universiteit fan Edinburgh, dêr't er medisinen studearre. Dat wie in Joseph Alexandre Lestrade út 'e doetiidske Britske koloanje Sint-Lusia. Hoewol't de namme 'Lestrade' dúdlik fan Frânske oarsprong is (l'estrade is Frânsk foar "it poadium" en der bestiet in doarp yn Frankryk dat Lestrade-et-Thouels hjit), hat ynspekteur Lestrade gjin dúdlike bannen mei Frankryk. Yn it koarte ferhaal The Adventure of the Cardboard Box komt oan it ljocht dat de inisjaal fan Lestrade syn foarnamme "G." is. It wurdt nea fertsjutske wêr't dy letter foar stiet. Der wurdt wol tocht dat it in ûntliening troch Doyle wie oan it detektiveferhaal The Purloined Letter fan 'e Amerikaanske skriuwer Edgar Allen Poe, oer de detektive C. Auguste Lepin, wêryn't in Paryske prefekt fan plysje foarkomd dy't inkeld "G" neamd wurdt.

Neiere beskriuwing

bewurkje seksje

Uterlik en âldens

bewurkje seksje

Ynspekteur Lestrade wurdt yn 'e Sherlock Homes-searje fan sir Arthur Conan Doyle ôfskildere as in lyts, meager, taai mantsje, mei in uterlik dat ferskate kearen ferlike wurdt mei dat fan in murd (of eins mei in fret, wat in nuete murd is). Hy wurdt ek omskreaun as "slûchslim útsjend" (The Boscombe Valley Mystery) en as "in bulldog fan in man" (The Hound of the Baskervilles). Sherlock Holmes ken de fuotprinten fan Lestrade der altyd út fanwegen de "draai nei binnen ta" fan syn lofterfoet. Oer de âldens fan Lestrade docht Doyle yn syn wurk gjin meidielings, mar Sherlock Holmes-ekspêr L.S. Holstein rûsde op basis fan alle ynformaasje dy't wól út 'e searje nei foarren komt, dat er likernôch tsien oant tolve jier âlder is as Holmes sels. Dat soe betsjutte dat er berne wie tusken 1842 en 1844.

Persoanlikheid

bewurkje seksje

By syn yntroduksje yn 'e roman A Study in Scarlet, it alderearste Sherlock Holmes-ferhaal, merkt Lestrade op dat er al tweintich jier by de plysje wurket. Holmes neamt him yn itselde wurk "in bekend resjersjeur". Neffens Holmes ûnderhâlde Lestrade en in oare resjerjeur fan Scotland Yard, in Tobias Gregson, in ûnderlinge rivaliteit. Hy neamt harren beiden "de bêsten fan in minne kloft. Se binne allebeide fluch en enerzjyk, mar konvinsjoneel – skokkend konvinsjoneel." De wichtichste karakterflater fan Lestrade is, neffens Holmes, syn gebrek oan ynbyldingsfermogen. Lestrade, op syn beurt, hat yn 't earstoan syn twifels oer de metoaden fan Holmes.

Lestrade en Holmes hawwe yn it begjin net folle mei-inoar op; Lestrade lit ferskate kearen syn minachting foar Holmes blike en Holmes is iepentlik ûnfatsoenlik oer de ynspekteur, dy't er bygelyk yn The Boscombe Valley Mystery omskriuwt as in "ymbesyl". Yn The Sign of the Four merkt Holmes fierder op dat "op 'e doele wêzen" de "normale mentale steat fan Lestrade" is.

Yn lettere ferhalen is er oer it algemien positiver oer de ynspekteur, dy't er yn The Hound of the Baskervilles omskriuwt as "de bêste fan 'e berops" (d.w.s. de bêste fan 'e beropsmjittige detektives fan Scotland Yard, yn tsjinstelling ta Holmes sels). En yn The Adventure of the Cardboard Box merkt Holmes op dat it Lestrade syn fêsthâldendheid is dy't him boppedriuwen komme litten hat op Scotland Yard. Lestrade leart meitiid om op 'e sprongen yn logika fan Holmes te fertrouwen, sa't bgl. bliken docht yn The Hound of the Baskervilles, dêr't dokter Watson, Holmes syn fêste selskipsman, beskriuwt hoe't de ynspekteur suver wol mei ferearing nei Holmes stoarret.

Tsjin 'e tiid dat it ferhaal The Adventure of the Six Napoleons spilet, binne Lestrade en Holmes befreone rekke en is de ynspekteur jûns geregeldwei te gast op 221B Baker Street, dêr't Holmes wennet. Neffens Watson binne "syn besiken Sherlock Holmes wolkom". Yn it ferhaal The Disappearance of Lady Frances Carfax ferwiist Holmes nei de ynspekteur as "myn freon Lestrade".

Ferskinings yn 'e Sherlock Holmes-searje fan Doyle

bewurkje seksje

Lestrade wurdt ek neamd yn 'e roman The Sign of the Four, mar komt dêr net yn foar.

Bondele koarte ferhalen

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.