Mycroft Holmes
Mycroft Holmes (útspr.: [ˈmaːi̭kɹɔft ˈhoʊmz], likernôch "maai-kroft hoomz") is in fiktyf personaazje út 'e Sherlock Homes-searje fan detektiveromans en -ferhalen fan 'e Britske skriuwer sir Arthur Conan Doyle. It personaazje waard yntrodusearre yn it ferhaal The Adventure of the Greek Interpreter en komt mar yn twa oare ferhalen foar. Mycroft Holmes is de âldere, noch yntelligintere broer fan 'e privee-detektive Sherlock Holmes, dy't as hege amtner foar de Britske oerheid wurket.
Mycroft Holmes personaazje út 'e Sherlock Holmes-searje | ||
Mycroft Holmes op in yllustraasje fan Sidney Paget yn The Strand Magazine út 1893. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | manlik | |
soarte personaazje | minske | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berop/amt | heechpleatst amtner | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Sherlock Holmes dokter Watson ynspekteur Lestrade Irene Adler professor Moriarty | |
geastlike heit | sir Arthur Conan Doyle | |
ûntstean | 1893 |
Neiere beskriuwing
bewurkje seksjeUterlik en âldens
bewurkje seksjeMycroft Holmes is de âldere broer fan privee-detektive Sherlock Holmes, dy't yn The Adventure of the Greek Interpreter troch syn geastlike heit sir Arthur Conan Doyle omskreaun wurdt as "in folle langere en grouwere man" as de detektvie. Ek yn The Adventure of the Bruce-Partington Plans wurdt Mycroft omskreaun as "lang en obees" en as "swier boud en massyf". Mycroft en Sherlock skele sân jier. Neffens Holmes-ekspêr Leslie S. Klinger betsjut dat dat Mycroft Holmes yn 1847 berne wêze moat. Hy komt ta dat bertejier op basis fan in sydlingse opmerking dat Sherlock sechstich jier is yn it ferhaal His Last Bow, dat spilet yn 1914.
Persoanlikheid
bewurkje seksjeNeffens Sherlock Holmes sels beskikt Mycroft oer fermogens fan waarnimming en deduksje (ôflieding út waarniming), dy't sels dy fan himsels te boppen geane. Nettsjinsteande dat is Mycroft ûngeskikt foar it wurk fan in detektive, mei't er in grouwéligen hekel hat oan alles dat te krijen hat mei fysike ynspanning. Yn The Adventure of the Greek Interpreter seit Sherlock oer syn broer: "Hy hat it der net iens foar oer om syn eigen oplossings te ferifiëarjen, en hat leaver dat de lju miene dat er mis is as dat er de muoite nimme moat om syn gelyk te bewizen."
Mycroft is in gewoantedier. Hy wennet op keamers yn 'e Londenske wyk Pall Mall. Eltse moarn kuieret er de hoeke om nei syn wurk yn Whitehall, en oan 'e ein fan 'e middei rint er wer werom nei Pall Mall. Dêr ferbliuwt er fan kertier foar fiven oant tsien minuten oer healwei achten jûns yn 'e Diogenes Club, in heareklub dy't rjocht foar syn wenadres oer fêstige is, wêrnei't er nei hûs giet om te risselwearjen om op bêd. It is mar komselden dat Mycroft him op in oare lokaasje bejout as de trije foarneamden.
Mycroft wurket by de Britske amtnerij, dêr't er in unike posysje beklaait as in soarte fan minsklik neislachwurk oer alles dat mei regear en behear te krijen hat. Nettsjinsteande it feit dat er, neffens Sherlock Holmes "de ûnmisberste man fan it lân" is, hat Mycroft alhiel gjin ambysjes. Syn posysje is ien fan lege rang en dêr is er tefreden mei, krekt as mei syn relatyf beskieden salaris fan (yn The Adventure of the Bruce-Partington Plans) £450, wat omrekkene nei jild fan 2021 delkomt op £55.299 yn 't jier.
Ferskinings yn 'e Sherlock Holmes-searje fan Doyle
bewurkje seksjeYn Doyle syn hiele Sherlock Holmes-rige is Mycroft Holmes it iennichste personaazje dat de grutte privee-detektive altyd oansprekt as "Sherlock". Mycroft spilet in wichtige rol yn mar twa fan 'e 56 Sherlock Homes-ferhalen (en yn net ien fan 'e 4 romans). Hy wurdt yntrodusearre yn The Adventure of the Greek Interpreter, út 1893, wêryn't er in saak by Sherlock oanbringt dêr't ien fan syn buorlju by belutsen is. Yn it ferhaal sykje Sherlock en dokter Watson Mycroft op yn 'e Diogenes Club, en letter komt er by Sherlock del op 221B Baker Street. It twadde ferhaal is The Adventure of the Bruce-Partington Plans, wêryn't Mycroft op Baker Street by Sherlock oan 'e doar komt om dyselde om help te freegjen by it weromfinen fan 'e missende blaudrukken foar in nije Britske ûnderseeboat, dêr't er út syn wurk wei kennis fan hat. Yn dat ferhaal seit Sherlock tsjin Watson dat Mycroft noch mar ien kear earder syn appartemint besocht hat; dat moat dus de kear wêze dy't beskreaun is yn The Adventure of the Greek Interpreter.
Ofsjoen fan 'e boppeneamde beide ferhalen hat Mycroft wat tsjintwurdich in cameo neamd wurde soe, in flechtige ferskining, yn it ferhaal The Final Problem. Sherlock jout Watson dêryn sekuere ynstruksjes om op in beskate wize Londen te ferlitten, om sa te ûntkommen oan 'e trewanten fan syn aartsfijân, professor Moriarty, dy't it op him foarsjoen hawwe. In diel fan dat ûntsnappingsplan omfiemet in rydtúch mei in bemantele koetsier dy't Watson net werom ken, oant Sherlock him letter fertelt dat it syn broer Mycroft wie. Nei it ferstjerren fan Holmes oan 'e ein fan it ferhaal lêst Watson in brief fan syn freon wêryn't Sherlock al syn besittings neilit oan "myn broer Mycroft". Fierders wurdt Mycroft noch in kear neamd (mar komt er net foar) yn it ferhaal The Adventure of the Empty House, wêryn't bliken docht dat Sherlock syn eigen dea yn sêne set hat. De iennichste dy't er dêroer yn fertrouwen nommen hat, is Mycroft, dy't him it jild ferskaft hat dêr't er ferlet fan hie. Ienris weromkeard yn Londen ûntdekt Sherlock dat Mycroft al dy tiid (fan 1891 oant 1894) syn keamers op 221B Baker Street yn 'e âlde steat beholden hat.
Yn 2015 skreaune Anna Waterhouse en de eardere basketballer Kareem Abdul-Jabbar de roman Mycroft Holmes, wêryn't it personaazje fan Mycroft Holmes de haadrol spilet.
Fertolkings
bewurkje seksjeDe rol fan Mycroft Holmes is yn films fertolke troch û.o. Christopher Lee (The Private Life of Sherlock Holmes, 1970), Stephen Fry (Sherlock Holmes: A Game of Shadows, 2011) en Hugh Laurie (Holmes & Watson, 2018). Op 'e tillefyzje is de rol spile troch û.o. Richard E. Grant (Sherlock: Case of Evil, 2002) en Rhys Ifans (Elementary, 2012-2019).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |