221B Baker Street

221B Baker Street is it fiktive wenadres fan 'e ferneamde fiktive privee-detektive Sherlock Holmes yn Londen. It wie in skepping fan 'e geastlike heit fan Sherlock Holmes, de skriuwer sir Arthur Conan Doyle, en it waard foar it earst neamd yn 'e roman A Study in Scarlet, út 1887. Yn it Feriene Keninkryk jouwe adressen wêrfan't it hûsnûmer oanfolle wurdt troch in letter ornaris oan dat it om in appartemint giet dat ûnderdiel útmakket fan in grutter gebou. En yndie wennet Holmes yn 'e romans en koarte ferhalen fan Doyle by syn hospita, frou Hudson, op keamers dy't er dield mei syn freon en assistint dokter Watson. As it adres wier bestien hie, soe it nei alle gedachten diel útmakke hawwe fan in rychjeshûs yn 'e georgiaanske boustyl.

221B Baker Street yn Londen.
Plakkette oan 'e muorre op 221B Baker Street yn Londen.

Hoewol't Baker Street wol deeglik in echte strjitte is yn Londen, kamen de hûsnûmers dêre yn 'e tiid dat de romans en ferhalen oer Holmes en Watson publisearre waarden net oan 221 ta. Yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw is de strjitte lykwols ferlinge, sadat der wol in nûmer 221 ûntstie, mar gjin 221B. Yn 1932 fêstige de Abbey National Building Society him yn 'e gebouwen op 219–229 Baker Street. ("Building society" hat neat mei "bouwen" te krijen, mar is in typysk Britske oantsjutting foar in koöperative bank.) Jierrenlang hie Abbey National in sekretaresse yn 'e tsjinst dy't har foltiids dwaande hold mei it beäntwurdzjen fan post dy't oan Sherlock Holmes adressearre wie.

Yn 1990 waard der in blauwe plakkette fan English Heritage (in Britske oerheidsynstelling foar monumintesoarch), dy't ferwiisde nei 221B Baker Street, oan 'e muorre befêstige by it Sherlock Holmes Museum, hoewol't dat eins op 237–241 Baker Street fêstige is. Doe folge in fyftjin jier duorjende striid tusken Abbey National en it museum oer wa't it rjocht hie om 'e post te ûntfangen dy't adressearre wie oan it fiktive adres 221B Baker Street. Nei't de fêstiging fan Abbey National oan Baker Street yn 2005 tichtgie, loek de bank him út 'e striid werom. It Sherlock Holmes Museum moast it doe lykwols opnimme tsjin 'e gemeenteried fan Westminster, mei't pleatslike bestjoerders de hûsnûmers yn 'e strjitte op folchoarder hâlde woene en 221B dus net by 237–241 sitte koe. Pas doe't der troch de kwestje negative publisiteit foar beide partijen ûntstie, waard in kompromis sletten wêrby't it museum in spesjale ûntheffing krige om op 237–241 post foar 221B te ûntfangen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.