Fred Claus

film út 2007 fan David Dobkin

Fred Claus is in Amerikaanske krystfantasykomeedzjefilm út 2007 ûnder rezjy fan David Dobkin, mei yn 'e haadrollen Vince Vaughn en Paul Giamatti. It ferhaal giet oer Fred Claus, de broer fan 'e krystman (Nicholas "Santa" Claus), dy't fan dyselde ferfrjemde rekke is. De krystman besiket de bannen wer oan te heljen, mar Fred hat sa syn eigen ideeën oer hoe't it krystfeest beävensearre wurde moat, en riidt dêrmei syn broer yn 'e tsjillen. De film waard loskes basearre op it gedicht A Legend of Santa en His Brother Fred fan Donald Henkel. Fred Claus krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes, mar wie in beskieden kommersjeel súkses yn 'e bioskopen.

Fred Claus
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur David Dobkin
produsint Joel Silver
David Dobkin
Jessie Nelson
senario Dan Fogelman
basearre op it gedicht fan Donald Henkel
kamerarezjy Remi Adefarasin
muzyk Christophe Beck
filmstudio Silver Pictures
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Vince Vaughn
Paul Giamatti
voice-over Trevor Peacock
byrollen Rachel Weisz
John Michael Higgins
Elizabeth Banks
Kevin Spacey
Miranda Richardson
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 9 novimber 2007
foarm langspylfilm
sjenre krystfantasykomeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 116 minuten
budget en resultaten
budget $37 miljoen
opbringst $97,8 miljoen

Lang lyn en fier fuort groeide Fred Claus as bern op yn it skaad fan syn jongere broer Nicholas, dy't sa alderraarste ûnbaatsuchtich, goederjousk en gewoanwei goed wie, dat alles wat Fred die der ûngeunstich by ôfstiek. Harren mem makke der gjin geheim fan dat Nicholas har leaflingssoan wie, en se frege Fred geregeldwei wêrom't er net mear as syn broer wie. Meitiid begûn Fred wrok tsjin syn broer te koesterjen, en nei't Nicholas (mei de bêste bedoelings) Fred syn leaflingsbeam omseage, sadat er dêr tenei binnendoar fan genietsje kinne soe, kaam it nea wer goed tusken de bruorren. Nicholas wie sa goed, dat er meitiid in hillige waard, en sa't bekend is, stoppet de tiid foar hilligen en harren oarehelten en neiste famyljeleden, wat ynhold dat net inkeld Nicholas, mar ek Fred en harren âlden ûnstjerlik waarden.

Yn 'e moderne tiid is Nicholas Claus de krystman wurden, dy't op 'e Noardpoal wennet mei syn frou Annette en de heallange krystelfkes dy't boartersguod foar him meitsje. Dat jout Nicholas mei de kryst wei oan alle bern op 'e wrâld, alteast ynsafier't dy it ôfrûne jier net mear stout as goed west hawwe. Fred wennet no yn Chicago, dêr't er doarwarder is, en hat amper noch kontakt mei syn broer, útsein út en troch ris oer de tillefoan. Syn iennichste freonen binne de swarte weesjonge Slam Gibbons, dy't yn it appartemint boppe sines wennet, en syn faam Wanda Blinkowski, in Ingelse dy't as parkearwachter wurket.

Fred hat it plan opfet om in kasino te iepenjen yn in gebou fuort foar de effektebeurs fan Chicago oer, sadat er klandyzje lokje kin dy't dochs al net fiis is fan in gokje. Om 'e oanbetelling op it pân te dwaan dat er dêrfoar op it each hat, is er $50.000 nedich dêr't er net oer beskikt. As er ferskate manlju ferklaait as de krystman oan it kollektearjen sjocht foar it Leger des Heils, kriget er in helder idee en beslút er fan 'e goederjouske kryststimming fan 'e ynwenners fan Chicago te profiteajen troch it jild dêr't er ferlet fan hat yn te sammeljen mei in kollekte dy't sabeare foar it goede doel is. De kollektearjende krystmannen hawwe it der net op stean dat Fred mei syn flotte babbel harren donateurs ynpikt, en as bliken docht dat jin in fergunning nedich binne om kollektearje te meien, moat Fred mei syn ammerke jild ûnder de earm flechtsje. Nei in lange efterfolging wurdt er yn in boartersguodwinkel troch in stik as tweintich krystmannen ynsletten en yninoar slein foar't er yn 'e sel einiget foar oplichting om't er net foar it goede doel oan it kollektearjen wie, mar foar himsels.

Ut it plysjeburo wei skillet Fred Wanda op, mei wa't er dy jûns op in ôfspraakje soe om't it har jierdei is. Sy sit yn in rumoerich restaurant op him te wachtsjen en heart har mobile tillefoan net. Dêrop hat Fred gjin oare kar as om syn broer Nicholas te skiljen mei de fraach oft dy $5.000 ynlizze wol sadat hy op boarchtocht frijkomme kin. No't er syn broer dochs te wurd is, freget er mei-iens ek om in liening fan $50.000 dy't er mei in pear wiken as $60.000 werombetelje sil, dus eins docht er syn broer in geunst, want hy skinkt him $10.000. Nicholas lit him net troch it geëamel fan Fred fan 'e wize bringe, mar seit ta it jild jaan te sillen as Fred dyselde jûns noch delkomt op 'e Noardpoal om dêr yn 'e oanrin nei de kryst foar it jild te wurkjen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Op boarchtocht frijlitten siket Fred earst Wanda op, mar dy wol neat mear fan him witte no't er har (net foar it earst) sitte litten hat. Fred wurdt yn 'e belslide mei rindieren fan 'e krystman ophelle troch Willie, in foaroanman fan 'e krystelven, dy't him nei de Noardpoal bringt. Dêr ynstallearret Nicholas him yn in kantoar en jout him de dossiers fan alle bern op 'e wrâld, mei de opdracht om te beoardieljen oft de bern oer it algemien goed of oer it algemien stout binne. (As se stout binne, krije se fan 't jier gjin kadootsje mei de kryst.) Underwilens arrivearret op 'e Noardpoal ek Clyde Northcutt, in effisjinsje-ekspêr dy't wurket yn opdracht fan in skimige 'Rie fan Bestjoer'. Hy ynformearret Nicholas dat it noch mar de fraach is oft er de krystman bliuwe kin, mei't de effisjinsje op 'e Noardpoal nearne nei liket en almar minder wurdt. As Nicholas en syn organisaasje foar de kryst noch trije grutte misse setten dogge, dan is it út en sil de krystfiering tenei outsourced wurde nei de in goedkeaper wurkjende organisaasje op 'e Súdpoal.

DJ Donnie, de radio-discjockey fan 'e krystelven, draait de hiele dei hieltyd itselde liet, (it fiktive) Here Comes Santa Claus, oant Fred wol by de muorren opfleane kin. Hy slút Donnie op yn in kast en set de radio op in muzykstjoerder om wat fariaasje te krijen. Dat liedt ta in grut feest yn it boartersguodfabryk fan 'e krystman, dêr't alle krystelven, oanfitere troch Fred, begjinne te dûnsjen. As Northcutt dat sjocht, ynterpretearret er it as soe de krystman syn eigen wurknimmers net yn 'e macht hawwe. It giet yn 'e boeken as de earste misse set.

Dy jûns docht bliken dat de âlden fan Nicholas en Fred ek op 'e Noardpoal binne, en dat Nicholas, ta ôfgriis fan Fred, ferwachtet dat se allegear mei-inoar in harmonieus famyljediner hawwe sille. De oanhâldende lof foar Nicholas en krityk op Fred dy't ûnder iten troch harren mem op 't aljemint brocht wurdt, wurket Fred op 't lêst sa op 'e senuwen, dat er lulk fuortrint. Northcutt, dy't tsjûge west hat fan 'e minne famyljedynamyk, sprekt Fred letter bûtendoar oan en stokelet noch wat mear. Dy nachts kringt er Fred syn kantoar binnen en hellet dêr in steapel brieven mei ferlanglistkes fan bern troch de papierfersnipeler, wittend dat Fred de skuld krije sil fan it ferdwinen fan dy brieven. Sels beskrobbet er Nicholas letter om't der gjin kopyen fan 'e ferlanglistkes makke binne foar as der wat mis giet, in fersom dat er notearret as de twadde misse set.

Northcutt riedt Nicholas oan om Fred fan syn ferkearde paad ôf te bringen troch in famylje-yntervinsje tsjin him te organisearjen. Dêrfoar wurdt Wanda ek út Chicago nei de Noardpoal oerflein. Sy besaut har oer de famyljerelaasjes fan Fred, dy't har dêr (om begryplike redens) nea wat fan ferteld hie. De yntervinsje rint, sa't de bedoeling fan Northcutt ek wie, út op in grut fiasko. Fred en Wanda krije rûzje en Wanda rint derút en easket om werombrocht te wurden nei Chicago. De oanhâldende krityk op him fan Nicholas, Annette en heit en mem Claus, bringt Fred derta om te sizzen dat er hjir gelokkich noch mar ien dei hoecht te wurkjen om syn diel fan 'e ôfspraak nei te kommen. Dêrnei hoecht er syn famylje nea wer te sjen.

As er dêrnei de namme fan syn maat Slam op 'e list fan stoute bern oantreft (om't Slam yn in weeshûs bedarre is dêr't er it yn 'e kant set tsjin 'e lieding en de oare bern), rekket Fred noch lulker as er al wie. Hy ferpoft it langer om oan in yn syn eagen dwersferkeard systeem mei te wurkjen en begjint alle dossiers fan it stimpel "goed" te foarsjen ynstee dat er de bern beoardielet op goedens en stoutens. Dat hat lykwols as konsekwinsje dat der kadootsjes nei folle mear bern moatte as yn oare jierren, wylst it systeem fan Nicholas en de krystelven de fraach dochs al amper oankoe. Charlene, Santa's Little Helper, sis mar de sekretaresse fan 'e krystman, spoart it probleem op, wêrnei't Nicholas Fred oansprekt op syn dwaan. De bruorren reitsje slaande deilis, wêrby't de obese krystman troch de rêch giet. Nicholas besiket foar Northcutt geheim te hâlden dat er no net foar elts goed bern op 'e tiid in kadootsje produsearje kin, mar Northcutt, dy't hjirop siet te wachtsjen, komt it likegoed te witten en notearret it as de trêde misse set. Fan gefolgen slút er it boartersguodfabryk fan 'e krystelven en kriget Nicholas dien as krystman.

Fred set ôf, werom nei Chicago, wêrby't er behalven de ôfpraten $50.000 ek noch in kado fan syn broer meikriget. As er dat by thúskomst útpakt, blykt der in replika fan it fûgelhúske yn te sitten dat er as bern hie, en dat nei gychem gien is doe't Nicholas syn leaflingsbeam roaide. Der sit in bryfke by mei dêrop simpelwei skreaun: "It spyt my dat ik dyn beam omseage haw." Fred beseft dat syn broer wol deeglik om him jout, en dat it no oan him is om it tusken harren goed te meitsjen.

Dat hy brûkt de $50.000 net om it pân foar syn kasino te keapjen, mar jout it ynstee út oan in reisburo om op konvinsjonele wize sa fluch mooglik wer op 'e Noardpoal te kommen. Dêr ropt er mei help fan Willie, mei wa't er befreone rekke is, alle krystelven byinoar. Hy stelt foar om allinne noch mar de ienfâldichste soarte jongesboartersguod en famkesboartersguod te meitsjen: in honkbalkneppel en in hoep. Neffens Charlene har berekkenings kin op dy wize foar de kryst noch krekt foar alle bern in kado makke wurde. As guon krystelven dêrtsjin ynlizze dat de bern net frege hawwe om in honkbalkneppel of in hoep, seit Fred dat it it wichtichste is dat de bern in kado krije, ek al is dat net it kado dêr't se om frege hawwe, sadat se witte dat der immen is dy't om har tocht hat.

In folgjend probleem is dat Nicholas de kado's dit jier net rûnbringe kin, mei't er noch altyd mei in seare rêch op bêd leit. Fred stelt foar dat Willie it docht, dy't poerbêst mei de rindiereslide omgean kin, mar yn it krystreglemint blykt te stean dat it beslist in lid fan 'e famylje Claus wêze moat. De logyske kar is Fred, mar dàt giet him te fier. Nicholas hat dêr alle begryp foar en ferwyt him neat. Fred druit syn broer yn dat der neat doocht fan syn oanpak fan 'e kryst, mei't der gjin stoute bern binne, allinne mar bern dy't har stout hâlde en drage om't se yn minne sitewaasjes sitte. Nicholas tinkt dêroer nei en jout dan ta dat er al dy jierren mis west hat. It gefolch fan Nicholas syn meigeandheid is dat Fred der troch syn eigen skuldgefoelens ta brocht wurdt om it besoargjen fan 'e kado's op him te nimmen. Hy docht in krystmanpak oan en klimt op 'e bok fan 'e belslide, wylst Willie as navigator efteryn by de sekken mei kado's krûpt. Northcutt besiket de ôfreis fan 'e slide noch tsjin te kearen troch yn it paad stean te gean, mar Fred is de goedhertige Nicholas net en him kin it neat skele as er Northcutt fan 'e sokken riidt.

Northcutt besiket it oanbringen fan 'e kado's te sabotearjen troch de stroom op 'e Noardpoal út te skeakeljen, sadat der gjin radiokommunikaasje mei de belslide mear mooglik is en Fred en Willie op harrensels oanwiisd binne. Nicholas beseft dat de opstelling fan Northcutt fuortkomt út it feit dat er as bern sels foar "stout" oanmurken waard, sadat er gjin krystkado krigen hat krekt doe't dat it wichtichst foar him wie. Hy sprekt Northcutt dêrop oan en biedt syn ûntskuldigings oan, wêrnei't er him dochs noch it kado jout dêr't Northcutt al dy jierren lyn om frege: in Supermancape. Dat fermurvet Northcutt, en tegearre sette Nicholas en hy de stroom wer oan, om dan te ûntdekken dat der by it útskeakeljen wat mis gien is, en dat der wiidweidige reparaasjes oan it systeem plakfine moatte.

Yn 'e foarm fan 'e krystman besiket Fred ûnderwilens syn maat Slam yn it weeshûs, om it jonghûntsje te jaan dêr't er om frege hie. En ek om him te fertellen dat er alle goerie net leauwe moat dy't er koartby fan immen (himsels) krigen hat, oer hoe't de wrâld in hurd plak is en dat je inkeld slagje kinne yn it libben as je sels like hurd binne. Ynstee moat er der eltse dei nei stribje om in bettere minske te wurden. Nettsjinsteande it gebrek oan begelieding fan 'e Noardpoal ôf, slagget it Fred en Willie om alle kado's foar sinne-opgong te besoargjen. As se op 'e Noardpoal weromkomme, stapt Willie op 'e twa kear sa lange Charlene ôf, op wa't er al lange tiid smoarfereale is, om te dwaan wat er earder nea doarst, nammentlik har te tútsjen. Se beäntwurdet syn tút fol fjoer.

Fred en Nicholas lizze no harren skeel foargoed by, Northcutt nimt ûntslach by de Ried fan Bestjoer en wurdt troch Nicholas oannommen as consultant op it mêd fan effisjinsje, sadat hy en syn krystelven nea wer sa mei de tiid yn 'e knipe komme sille as dizze kryst. Fred keart werom nei Chicago, dêr't er troch de skoarstien Wanda har hûs binnengiet en har wekker makket om him mei har te fermoedsoenjen en har te fertellen dat er by har ynlûkt. Slam wurdt al rillegau dêrnei adoptearre troch in gelokkich gesin. De folgjende kryst kin de hiele famylje Claus einlings it harmonieuze famyljediner hawwe dêr't Nicholas fan dreamde. Mem Claus fertelt Fred wol dat Wanda eins te goed foar him is, mar dêr is er it folslein mei iens.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Vince Vaughn.
 
Paul Giamatti.
 
Rachel Weisz.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Fred Claus Vince Vaughn
Nicholas "Santa" Claus Paul Giamatti


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Wanda Blinkowski Rachel Weisz
Willie John Michael Higgins
Charlene, "Santa's Little Helper" Elizabeth Banks
Clyde A. Northcutt Kevin Spacey
Annette Claus Miranda Richardson
mem Claus Kathy Bates
heit Claus Trevor Peacock
Slam Gibbons Bobb'e J. Thompson
D.J. Donnie Ludacris
dokter Goldfarb Allan Corduner
himsels Frank Stallone
himsels Roger Clinton jr.
himsels Stephen Baldwin
man dy't parkearboete kriget Jeffrey Dean Morgan
de jonge Fred Claus Liam James
de jonge Nicholas Claus Theo Stevenson

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Fred Claus waard regissearre troch David Dobkin nei in senario fan Dan Fogelman. Dat wie basearre op in idee fan Fogelman sels en Jessie Nelson nei oanlieding fan it gedicht A Legend of Santa en His Brother Fred fan Donald Henkel. As produsinten wiene Joel Silver, regisseur Dobkin en Jessie Nelson by it projekt belutsen foar de filmstudio Silver Pictures. Foar de film wie in budget beskikber fan $37 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Remi Adefarasin, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Christophe Beck. De opnamen foar Fred Claus fûnen alteast foar in part plak yn 'e Pinewood Studios yn it Ingelske greefskip Buckinghamshire.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Fred Claus waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 9 novimber 2007 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. Op 25 novimber 2008 waard Fred Claus foar it earst útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Fred Claus oer it algemien negative resinsjes. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Fred Claus in leech goedkarringspersintaazje fan 20%, basearre op 142 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "In hiele slompe talint is fergriemd oan dizze forsearre en te sentimintele krystfilm, dy't it lykwicht net rjocht fine kin tusken slapstickeftige humor en sentimintele famyljemominten." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Fred Claus in goedkarringspersintaazje fan 42%, basearre op 31 resinsjes.

Fred Claus brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $72,0 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $25,8 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $97,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $37 miljoen betsjut dat in winst fan $60,8 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Fred Claus in beskieden kommersjeel súkses.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.