Elizabeth Maresal Mitchell (Pittsfield, 10 febrewaris 1974) is in Amerikaansk telefyzje- en (benammen) filmaktrise. Sy hie har debút as filmaktrise yn 1998 yn Surrender Dorothy en hie geregeldwei in gastrol yn (ûnder oaren) de komedysearje Scrubs, as Dr. Kim Briggs.

Elizabeth Banks un Toronto (2008)
Banks (2007)

Ien fan Mitchells filmrollen wie dy fan strippersonaazje Betty Brant yn sawol superheldefilm Spider-Man, Spider-Man 2 en Spider-Man 3. Krekt foar it ferskinen fan it tredde diel spile se yn Invincible, ek in film mei superheldestrips as tema. Mitchell wurdt net útsocht op ien soarte rol (typecasting), mar ferskynt yn sawol romantyske komedys (The 40 Year Old Virgin en Definitely, Maybe) as yn horrorfilms (Slither en The Uninvited).

Persoanlik libben

bewurkje seksje

Har heit Mark Mitchell en mem Ann Mitchell krigen fjouwer bern, dêr't sy de âldste fan is. Op 5 july 2003 troude Banks sportsjoernalist en produsint Max Handelman,[1] dêr't hja al ferkearing mei hie sûnt de earste dei op de universiteit (6 septimber 1992).[2] Sy bekearde har ta it joadendom doe't sy mei him troude.[3]

Telefyzjerigen

bewurkje seksje

*Sûnder gastrollen

  • Scrubs - Dr. Kim Briggs (2006-2009, 15 ôfleveringen)
  • American Dad! - Lisa Silver (2007-2008, 3 ôfleveringen)
  • Wainy Days - Shelly (2007-2008, 3 ôfleveringen)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. [1]Celebrity Wedding: Elizabeth Banks & Max Handelman yn In Style, 2009-01-06
  2. Tiger, Caroline 2010. "How to Succeed in Show Business by Really Really Trying". The Pennsylvania Gazette Jan.-Feb., Vol. 108, No. 3, s. 46-50.
  3. New Movies, Interfaith Connections - InterfaithFamily.com, 2008-11-01