Man on a Ledge
Man on a Ledge is in Amerikaanske aksjeskriller út 2012 ûnder rezjy fan Asger Leth, mei yn 'e haadrollen Sam Worthington en Elizabeth Banks. De titel betsjut "Man op in Râne". It ferhaal giet oer in man dy't yn in hotel út it finster stapt en op in útstekkende râne om in gebou hinne stean giet, skynber mei de bedoeling om selsmoard te dwaan troch te pletter te springen. As plysjeûnderhanneler Lydia Mercer derby roppen wurdt om him wer nei binnen te praten, docht lykwols stadichoan bliken dat it om hiel wat oars giet. De man is in út 'e finzenis ûnsnapte âld-plysjeman dy't nei eigen sizzen ûnskuldich is en noch wat rekkens te fereffenjen hat. Man on a Ledge krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes en flopte yn 'e bioskopen.
Man on a Ledge | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Asger Leth | |
produsint | Lorenzo di Bonaventura Mark Vahradian David Ready Jake Myers | |
senario | Pablo Fenjves | |
kamerarezjy | Paul Cameron | |
muzyk | Henry Jackman | |
filmstudio | Summit Entertainment di Bonaventura Pictures | |
distribúsje | Lionsgate Films | |
spilers | ||
haadrollen | Sam Worthington Elizabeth Banks | |
byrollen | Jamie Bell Genesis Rodriguez Ed Harris Titus Welliver | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 27 jannewaris 2012 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | aksjeskriller | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 102 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $42 miljoen | |
opbringst | $47,6 miljoen |
Plot
bewurkje seksjeYn New York komt in man it Roosevelt Hotel binnen en checkt dêr yn ûnder de namme 'Joe Walker'. Hy giet nei syn hotelkeamer op 'e tweintichste ferdjipping, docht it finster iepen en stapt op in útstekkende râne dy't by wize fan arsjitektoanyske fersiering om it hiele gebou hinne rint. Dêr stiet er, mei it skynbere doel om selsmoard te dwaan troch derôf te springen en te pletter te fallen. Op 'e strjitte kloftet in mannichte folk gear om ta te sjen. De plysje wurdt belle en ferskynt halje-trawalje op it toaniel. In groep unifoarmearre plysjes ûnder lieding fan ynspekteur Dante Marcus wurdt ynset foar crowd control, wylst resjersjeur Jack Dougherty om heech giet nei de hotelkeamer om Walker nei binnen ta te krijen.
It wurdt al rillegau dúdlik dat Walker net is wa't er seit te wêzen. Hy hâldt syn wiere identiteit lykwols geheim en hat alle oerflakken yn 'e hotelkeamer dy't er oanrekke hat, skjinfage om gjin fingerôfdrukken efter te litten. Hy makket Dougherty dúdlik dat er allinne mar prate wol mei de profesjonele plysjeûnderhannelster Lydia Mercer. Dyselde is op dat stuit mei ferlof nei't it har net slagge is om in suïsidale plysjeman fan 'e Brooklynbrêge te praten. Troch dat falen leit se op 't heden binnen it New York Police Department op in minne namme en wol nimmen mei har wurkje. Nettsjinsteande dat wurdt se der no by helle. Se arrivearret yn 'e hotelkeamer en wit Walker oan 'e praat te krijen. Se diele in sigaret, werfan't Lydia neitiid de peuk opstjoerd foar ûndersyk om Walker syn fingerôfdrukken nei te rinnen.
It docht bliken dat 'Joe Walker' eins Nick Cassidy is, in âld-plysjeman dy't twa jier lyn oppakt is foar it stellen fan 'e Monarchdiamant fan 'e rike en machtige sakeman David Englander. Hoewol't de diamant nea weromfûn is en Nick by heech en by leech syn ûnskuld folholden hat, is er feroardiele ta in finzenisstraf fan 25 jier. In moanne lyn is er lykwols ûntsnapt út 'e Sing Sing-finzenis nei't er tastimming krigen hie om 'e begraffenis fan syn heit Frank by te wenjen. As Lydia him mei de opdiene kennis oer syn wiere identiteit konfrontearret, hâldt Nick fol dat er ûnskuldich is. Hy beweart dat Englander, dy't troch in stikmannich ferkearde sakebeslissings yn finansjele need bedarre wêze soe, him opdraaie litten hat foar in misdriuw dat nea plakfûn hat. Sa koed der de fersekering $40 miljoen útbetelje litte en dochs ek de diamant sels hâlde.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
As bliken docht dat it Roosevelt Hotel lyk foar it kantoargebou fan Englander syn bedriuw oer stiet, begjinne sawol de plysje as Englander sels te fermoedzjen dat der mear spilet as in besykjen ta selsmoard. Wat se net witte, is dat Nick syn aksje op 'e râne fan it hotelgebou inkeld in ôfliedingsmaneuver is. Syn jongere broer Joey en dy syn faam Angie brekke ûnderwilens yn by Englander, troch Nick syn teätrale hâlden en dragen as dekmantel te brûken foar harren eigen ta ûntploffing bringen fan eksplosiven op it dak fan Engander syn gebou. Harren doel is om 'e swierbewekke klûs fan Englander binnen te kringen, de Monarchdiamant te stellen en sa de ûnskuld fan Nick te bewizen. Mei't er fia in earke yn ferbining stiet mei Joey en Angie, moat Nick allegeduerigen gebrûk meitsje fan dûbelsinnige útspraken om gjin euvelmoed te wekjen by Lydia.
Underwilens bringt Dougherty Marcus op 'e hichte fan Nick syn wiere identiteit. Dêrop lit Marcus troch de plysje de befeiliging fan Englander syn klûs neirinne, wêrby't se Joey en Angie op in hier nei trappearje. De beide ynbrekkers witte lykwols krekt op 'e tiid in sideplak yn in fentilaasjeskacht yn it plafon op te sykjen. As se letter it kreakjen fan Englander syn keamergrutte klûs ferfetsje, berikke se súkses ynsafier dat se der binnen witte te kommen, mar se treffe de Monarchdiamant der net oan. Oergeand op plan B litte se mei opsetsin it alaarm ôfgean. Englander hastiget him de klûs binnen en iepenet in efter in bline wand ferburgen twadde klûs, dêr't er de Monarchdiamant út hellet. Hy lit in sucht fan ferromming slûpe dat de ealstien net stellen is, en stekt him yn 'e binnenbûse om him foarearst mar by him te hâlden. As er wer yn syn kantoar komt, wurdt Englander dêr opwachte troch Joey en Angie, dy't him ûnder bedriging mei in pistoal twinge de diamant oan harren oer te langjen, foar't se him fêstsette den útnaaie.
Underwilens arrivearret resjersjeur Mike Ackerman, de âlde partner fan Nick, yn it hotel mei bewiis (beweart er) dat Nick wat oars as selsmoard yn 't sin hat. Hy easket yn 'e troch Nick ôfhierde hotelkeamer talitten te wurden, mar Lydia fertrout it spul net en stegeret him ôf, en Dougherty, dy't sa stadichoan respekt kriget foar Lydia har profesjonalisme, stipet har beslút. Ackerman wol hawwe dat er boutekenings foar in bom fûn hat yn in opslachromte dy't Nick hierd hat, en seit derfan oertsjûge te wêzen dat Nick de bom by him hat en earne ôfgean litte wol, nei alle gedachten op in plak dêr't er Englander it slimst mei treffe kin. Wylst de plysje it omsteand laach op 'e strjitte tebek driuwt, arrivearret de ekplosive-oprommingstsjinst om 'e saak oer te nimmen. Lydia kriget fan Marcus opdracht om 'e hotelkeamer te ferlitten, mar se wegeret om't se sa njonkelytsen yn Nick syn ûnskuld begjint te leauwen. Ynstee skillet se de ôfdieling Ynterne Saken op, dy't nei Nick syn arrestaasje ûndersyk nei syn saak dien hat, en komt sa oan 'e weet dat der slimme (mar net hurd te meitsjen) fertinkings fan omkeaping troch Englander bestiene oer trije plysjes: in Walker, dy't letter fermoarde is en waans namme Nick brûkt hat om yn it hotel yn te checken, en fierders Ackerman en Marcus.
Joey en Angie geane it hotel binnen en langje in tas mei de diamant deryn oer oan 'e freonlike resepsjonist, dy't der earder ek foar soarge hat dat Nick op 'e râne net foarbygie fan iten. Neitiid wurde Joey en Angie troch Marcus yn opdracht fan Englander finzen nommen mar net arrestearre. Marcus jout in arrestaasjeteam befel om fan it dak fan it hotel omleech te abseilen en Nick dea te sjitten sadat er de bom dy't er hawwe soe, net ôfgean litte kin. Nick wit lykwols om 'e hoeke fan it hotel hinne te ûntkommen, kringt dêr nei binnen ta yn in willekeurige hotelkeamer en slacht op 'e flecht mei de leden fan it arrestaasjeteam op 'e hakken. As er troch de kokens komt, stoppet de resepsjonist him de diamant ta en stjoert dan de efterfolgers de ferkearde kant út. Marcus lit him lykwols net ôfliede en efterfolget Nick nei it dak fan it hotel, mei Lydia efter him oan. Nei't er Nick op it dak yn it nau dreaun en ta oerjefte twongen hat, lit er Lydia arrestearje en ôffiere foar behindering fan 'e rjochtsgong, sadat er allinne mei Nick op it dak efterbliuwt. Englander en in pear fan syn trewanten bringe Joey en Angie ek op it dak, en Englander en Marcus driigje Joey fan it dak te smiten as Nick de Monarchdiamant net weromjout. Tsjin 'e protesten fan Joey yn docht Nick dat, wêrnei't Englander tefreden ôfset.
Yn 'e lift nei ûnderen oermasteret Lydia it lid fan it arrestaasjeteam dat har ôffiert. As de liftdoar iepengiet, stiet Dougherty derfoar, dy't de kâns hat om yn te gripen, mar derfoar kiest om neat te dwaan en de oare plysjeman oanriedt om mei te wurkjen om't Lydia in minne dei hân hat en wierskynlik net foar harsels ynstiet as er trochgiet mei dwersbongeljen. Lydia hastiget har wer nei it dak ta. Dêr hat Marcus Nick ûnderwilens foar de kar steld om sels fan it dak te springen as er wol dat Joey en Angie de boel oerlibje. Op dat stuit ferskynt lykwols Ackerman, dy't Marcus delsjit, wêrnei't er sels troch Marcus delsketten wurdt. De kûgels fan Ackerman hawwe Marcus yn syn kûgelfrij fest rekke, wylst Ackerman swier ferwûne is. Nick draaft nei Ackerman ta, dy't him syn ûntskuldigings oanbiedt en seit dat er net wist dat Englander en Marcus Nick foar it stellen fan 'e diamant opdraaie litte woene, en dat er sels neat dwaan koe om't er net yn 'e finzenis bedarje woe, mei't er dêr net wer libben út komme soe.
Marcus, dy't eefkes fersuft wie fan 'e kûgelynslaggen, komt oerein en risselwearret om Nick dea te sjitten, mar Lydia berikt it dak en sjit Marcus dea. Dêrnei besiket se wat se kin om it libben fan Ackerman te rêden. Nick sjocht fan it dak ôf hoe't Englander selsfoldien de strjitte oerstekt en yn in auto ôfsette sil, wêrby't er Nick noch eefkes de gek oanstekt mei in swierige wiuw. Mar Nick springt no echt fan it gebou ôf om del te kommen op in opblaaskjessen dat de brânwacht earder op 'e strjitte pleatst hie om him op te fangen. Hy hellet Englander yn, jout him in pear flinke opstoppers en hellet dan foar it each fan 'e oanwêzige plysjes en de kamera's fan 'e gearklofte media de Monarchdiamant by Englander út 'e binnenbûse, dêrmei bewizend dat Englander de ealstien altyd al hie en dat hysels ûnskuldich wie. Englander wurdt dêrom arrestearre, om te begjinnen foar fersekeringsfraude.
Letter wurdt Nick frijsprutsen fan alle oanklachten tsjin him. Hy moetet Lydia foar in ôfspraakje en nimt har mei nei in kroech dêr't de resepsjonist út it hotel efter de bar stiet. It docht bliken dat dat nimmen oars is as Frank Cassidy, de heit fan Nick en Joey, dy't syn eigen dea yn sêne set hie om Nick te helpen en ûntsnap út 'e finzenis. Lydia besaut har dêroer en wol no alles witte, mar ear't Nick syn ferhaal dwaan kin, docht Joey oan Angie in houliksoansiik, wêrby't er har in diamanten ring oanbiedt dy't er nei alle gedachten út 'e klûs fan Englander efteroer drukt hat. Sy jout him tawurd en alle oanwêzigen fiere mei-inoar feest.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Nick Cassidy / Joe Walker | Sam Worthington |
Lydia Mercer | Elizabeth Banks |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Joey Cassidy | Jamie Bell |
Angie López | Genesis Rodriguez |
David Englander | Ed Harris |
Dante Marcus | Titus Welliver |
Mike Ackerman | Anthony Mackie |
resjersjeur Jack Dougherty | Edward Burns |
resepsjonist / Frank Cassidy | William Sadler |
Suzie Morales | Kyra Sedgwick |
Nestor | Felix Solis |
Nina, de assistinte fan Englander | Pooja Kumar |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeMan on a Ledge waard regissearre troch Asger Leth nei in senario fan Pablo Fenjves. As produsinten wiene Lorenzo di Bonaventura, Mark Vahradian, David Ready en Jake Myers by it projekt belutsen foar de filmstudio's Summit Entertainment en di Bonaventura Pictures. Foar de film wie in budget beskikber fan $42 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Paul Cameron, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Henry Jackman.
De opnamen foar Man on a Ledge setten op 30 oktober 2010 útein en fûnen plak yn 'e studio en op lokaasje yn Manhattan. Yn 'e postproduksje waarden troch fisuele effekten ekstra ferdjippings oan it histoaryske Roosevelt Hotel tafoege, om it gebou heger lykje te litten. Haadrolspiler Sam Worthington, dy't in bytsje lêst hat fan hichtefrees, hie nei eigen sizzen op dat mêd hiel wat mei de opnamen te stellen.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan Man on a Ledge waard fersoarge troch Lionsgate Films. De film gie op 27 jannewaris 2012 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. Man on a Ledge waard op 29 maaie 2012 útbrocht op dvd en blu-ray.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige Man on a Ledge oer it algemien negative resinsjes. Sa skreau Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times dat it plan fan Nick Cassidy om gerjochtichheid te krijen tefolle ôfhong fan tafallichheden om serieus nommen wurde te kinnen. Yn it tydskrift Timeout skreau Anna Smith dat de film "syn eigen healwizens bêst genôch omearmet", mar se hie krityk op 'e "idioate ein". The New Zealand Herald fûn dat Man on a Ledge in "miste kâns" wie dy't in protte potinsjeel lizze liet.
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Man on a Ledge in leech goedkarringspersintaazje fan 31%, basearre op 162 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Unynspirearre aktearjen en in bespotlike plotûntwikkeling meitsje it myld yntrigearjende útgongspunt fan [de film] ûnklear." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Man on a Ledge in goedkarringspersintaazje fan 40%, basearre op 32 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeMan on a Ledge brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $18,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $29,0 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $47,6 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $42 miljoen betsjut dat in winst fan $5,6 miljoen. Om't dêr de marketingkosten noch ôf moatte, hat it der lykwols sterk fan wei dat de film mei dy meagere winst net út 'e kosten kaam en eins ferlies litte.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |