Charlie's Angels (film út 2019)

Charlie's Angels is in Amerikaanske aksjekomeedzje út 2019 ûnder rezjy fan Elizabeth Banks, mei yn 'e haadrollen Naomi Scott, Ella Balinska en Kristen Stewart. De titel betsjut: "Charlie's Ingels". It is it trêde diel út 'e Charlie's Angels-filmsearje, dy't basearre is op 'e populêre tillefyzjesearje Charlie's Angels út 'e 1970-er jierren. As sadanich folget dizze film op Charlie's Angels út 2000 en Charlie's Angels: Full Throttle út 2003. De plot draait om in nij enerzjybesparringsapparaat mei in flater yn it ûntwerp dy't potinsjeel deadlik is foar minsken. In nije generaasje 'ingels' fan it Townsend Detektiveburo moat de ûntwerpster fan it apparaat, Elena Houghlin, helpe om foar te kommen dat har útfining yn 'e ferkearde hannen falt. Charlie's Angels krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy en flopte yn 'e bioskopen.

Charlie's Angels
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Elizabeth Banks
produsint Doug Belgrad
Elizabeth Cantillon
Max Handelman
Elizabeth Banks
útfierend
   produsint
Drew Barrymore
senario Elizabeth Banks
basearre op Charlie's Angels (tillefyzjesearje)
kamerarezjy Bill Pope
muzyk Brian Tyler
filmstudio Columbia Pictures
Perfect World Pictures
2.0 Entertainment
Brownstone Productions
Cantillon Company
distribúsje Sony Pictures Releasing
spilers
haadrollen Naomi Scott
Ella Balinska
Kristen Stewart
byrollen Elizabeth Banks
sir Patrick Stewart
Jonathan Tucker
Sam Claflin
Djimon Hounsou
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 14 novimber 2019
foarm langspylfilm
sjenre aksjekomeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 118 minuten
budget en resultaten
budget $48–55 miljoen
opbringst $73,3 miljoen
filmsearje
filmsearje Charlie's Angels
● foarich diel Charlie's Angels: Full Throttle

In team fan 'e 'ingels' (froulike privee-detektives anneks spionnen) fan it Townsend Detektiveburo fiere ûnder lieding fan John Bosley, koadenamme Bosley 001, in undercoveroperaasje út yn Rio de Janeiro. Dêrby wurdt de Australyske fertsjusterder Jonny Smith, dy't yn 'e Feriene Steaten socht wurdt, yn 'e hechten slein en oerdroegen oan 'e Amerikaanske autoriteiten. Twa fan 'e 'ingels' dy't by dy aksje gearwurkje moatte, binne Jane Kano, in eardere Britske geheim aginte foar de ynljochtingetsjinst MI6, en de Amerikaanske rebelske rikeljusdochter Sabina Wilson. Hja fetsje fuortendaliks in slimme antypaty foar inoar op.

In jier letter giet Bosley mei pinsjoen. Syn wurk komt lykwols net stil te lizzen, mei't er troch de jierren hinne oare liedingjaande aginten foar it detektiveburo oplaat hat, dy't allegearre "Bosley" neamd wurde. It Townsend-buro hat no net inkeld fêstigings yn ferskate Amerikaanske stêden, mar ek yn 'e measte Jeropeeske lannen, elts mei in eigen "Bosley".

Yn Hamburch hat Elena Houghlin, in briljante Amerikaanske kompjûterprogrammeur, foar it bedriuw fan miljardêr Alexander Brok in radikaal nij enerzjybesparringsapparaat útfûn dat 'Callisto' hjit. Brok stiet op it punt om dat op 'e merk te bringen en noch helte riker te wurden as er al is. By in test hat lykwols bliken dien dat der in flater yn it programma fan Callisto sit: it apparaat siket mei in elektro-magnetyske puls triedleas kontakt mei oare apparaten om se suniger wurkje te litten, mar soms siket it ek kontakt mei minsken, wat liede kin ta in potinsjeel deadlike oerhaal. Elena giet mei dat nijs nei har baas, it haad Undersyk en Untwikkeling Peter Fleming, mar dy fertelt har dat der gjin sprake wêze kin fan it útstellen fan 'e lansearring fan Callisto, en dat se leare moat in bettere teamspiler te wêzen.

Elena nimt kontakt op mei it Townsend Detektiveburo, dêr't se op mysterieuze wize in fisitekaartsje fan krigen hat. Se moetet yn in ynternetkafee Edgar Dessange, in "Bosley", en 'ingel' Jane Kano, oan wa't se help freget om as klokkelieder yn kontakt te kommen mei Alexander Brok sels, dy't foar har ûnberikber is. Harren moeting wurdt rou ûnderbrutsen as se oanfallen wurde troch de hiermoardner Hodak. Elena, Dessange en Jane flechtsje yn in auto, mar wurde neisitten troch de hiermoardner yn in eigen auto, dy't tarist is mei in masinegewear. De efterfolging einiget as Elena-en-dy mei de auto op 'e kop yn in kanaal bedarje nei't Dessange, dy't efter it stjoer sit, deadlik rekke is troch in kûgel. Wylst Jane ûnder wetter Elena út it autowrak rêdt, arrivearret 'ingel' Sabina op 'e kade by it plak fan it ûngemak, dêr't se de wachtsjende Hodak fuortjaget.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De oanhâldend kibjende Jane en Sabina bringe de raar kjel wurden Elena by in oare 'Bosley': de eardere 'ingel' Rebecca. Dyselde jout Jane en Sabina opdracht om Elena te helpen by in ynbraak yn it haadkertier fan it bedriuw fan Brok, mei as doel om 'e prototypes fan Callisto te stellen foar't se duplisearre wurde kinne. Elena hellet de iene op dy't se yn 'e klûs yn har eigen laboratoarium bewarret, mar Jane ûntdekt dat de oaren al troch Fleming efteroerdrukt binne. Sabina, dy't foar ôflieding fan 'e befeiliging soarge, slagget feilich it gebou út, mar Jane en Elena reitsje ynsletten. Elena brûkt har eksimplaar fan Callisto om in digitaal slot koart te sluten, mar by fersin ferdmoardet se dêrby it haad befeiliging Ralph, dy't te ticht by it apparaat yn 'e buert komt as it in elektro-magnetyske puls útstjoert.

Underwilens ûntdekt John Bosley by tafal dat Rebecca him sûnder dat er it trochhie foarsjoen hat fan in spesjalisearre ûnderhûdsk ymplantaat, wêrmei't se syn bewegings yn 'e gaten hâlde kin. Rebecca spoart Peter Fleming op yn Istanbûl, wêrnei't se mei Jane, Sabina en Elena dêrhinne ôfreizget. It docht bliken dat Fleming besiket de eksimplaren fan Callisto oan 'e heechste bieder te ferkeapjen as wapens wêrmei't in moard begien wurde kin sûnder in spoar nei te litten. Jane, Sabina en Elena spoare Fleming op in hynstedraafbaan op, dêr't se him om 'e nocht besykje út te skeakeljen.

Dêrnei folgje se him nei in ôfhandich stiengat, dêr't Jonny Smith, dy't eins yn in Amerikaansk tichthûs heart te sitten, de tuskenpersoan foar de keaper blykt te wêzen. Smith wurdt bystien troch de hiermoardner Hodak, dy't Fleming deasjit as bliken docht dat er gjin demonstraasje fan it gebrûk fan Callisto jaan kin, om't er him nea yn 'e wurking fan it apparaat ferdjippe hat. Fuort dêrnei ferdwynt Rebecca ynienen, dy't út 'e flechtauto wei de lieding oer de operaasje hie. As de 'ingels' de gearkomste fersteure, brekt der sjitten en slaanderij út, wêrby't Smith Sabina te fluch ôf is, wylst Hodak mei de prototypes fan Callisto ûntkomt wannear't Jane weromroppen wurdt om Sabina út in stienfergruzer te rêden.

Jane, Sabina en Elena keare werom nei it safehouse fan it Townsend Detektiveburo yn Istanbûl. De hommelse ferdwining fan Rebecca bringt Sabina derta om mei de oare beide froulju har oanwaaksende leauwe te dielen dat Rebecca in ferriedster is dy't temûk wurket om sels de prototypes fan Callisto yn 'e hannen te krijen. Wylst Jane en Elena dat yn harren omgean litte, wurdt der troch Hodak in bomoanslach op it safehouse dien. Elena komt mei de skrik frij, mar as se heal ferdwaasd nei bûten strompelet, ferskynt Rebecca, dy't mei in pistoal yn 'e hân op har takomt. Foar't se by Elena komme kin, wurdt Rebecca lykwols delsketten troch John Bosley, dy't Elena meiskuort dêrwei.

Koarte tiid letter komt Jane, dy't in skoftke bewusteleas rekke wie, wer by besleur. Se tilt in ferwûne rekke Sabina út 'e rikjende púnheap fan it safehouse en bringt har foar medyske fersoarging nei Fatima, in goekunde fan har, dy't yn Istanbûl in klinyk runt. Dêr dûkt letter Rebecca ek op, dy't troch har kûgelfrij fest fan 'e dea rêden is. Sy leit oan 'e skokte Jane en Sabina út dat John Bosley de wiere ferrieder is, en dat sy him al in hiel skoft efter de hakken sit. Bosley wrokket om't er nei de dea fan 'e oarspronklike Charlie Townsend net útkeazen waard om him op te folgjen as haad fan it Townsend Detektiveburo. Dêrom hat er de lêste desennia in parallelle organisaasje opboud njonken it buro, mei lju lykas Hodak, dy't ree binne om alles te dwaan foar finansjeel gewin.

Bosley nimt Elena mei nei de filla fan Alexander Brok yn Chamonix, dêr't oan it ljocht komt dat Bosley no it haad befeiliging fan it bedriuw fan Brok is, en as sadanich efter de eardere oanslach op it libben fan Elena sit. Brok sels blykt boppedat folslein op 'e hichte te wêzen fan 'e flater yn Callisto, mar hy ferwyt Elena dat se de minste wurknimmer fan 'e wrâld is, om't it har wurk is om har baas út 'e wyn te hâlden en net om problemen te meitsjen. Dêrom hat er Bosley opdracht jûn om har út 'e wei te romjen. Hy mient dat hy dejinge is dy't oan 'e toutsjes lûkt, mar no't er mei Elena immen yn 'e hannen hat dy't him de kontrôle oer Callisto jaan kin, lit Bosley blike dat er Brok syn befellen inkeld opfolget salang't dat him goed útkomt. It is syn bedoeling Callisto troch Brok op 'e merk bringe te litten, sadat hy (Bosley) de flater yn it programma brûke kin foar de iene hiermoard nei de oare, wêrfoar't er him goed betelje litte sil. Troch Elena har kollega en bêste freon Langston te gizeljen, twingt Bosley har om him as iennichste tagong te jaan ta it programma fan Callisto. As dat ienris beret is, stelt er it apparaat sa yn dat it in elektro-magnetyske puls útstjoere sil dy't Elena en Langston allebeide ombringe sil.

Nei't Bosley him mei Brok en Hodak en de oare prototypes fan Callisto ôfjûn hat om net ek sels om te kommen troch de puls, bringt Elena lykwols oan Langston út dat se de kontrôle oer Callisto net echt oan Bosley oerdroegen hat, mar it inkeld programmearre hat om it lykje te litten as reägearre it apparaat op syn opdrachten. Rebecca, Jane en Sabina binne ûnderwilens it spoar fan Bosley en Elena nei Chamonix folge, dêr't se in feest yn 'e filla fan Brok crashe. Jane weeft ôf mei Hodak, dy't omkomt as er fan in balkon op 'e punt fan in iisskulptuer falt, wylst Sabina regaad makket wat guon oare trewanten fan Bosley oangiet. Tegearre befrije se Elena en Langston (op wa't Jane in eachje hat). Rebecca konfrontearret Bosley mei syn ferrie, mar hy is ûnberoufol. Hy lit har, Jane, Sabina en Elena besingelje troch syn mannen, mar dan docht bliken dat Jonny Smith omkocht is troch Rebecca en derfoar soarge hat dat tsientallen oare 'ingels' it de filla ynfiltrearre hawwe. Bosley syn mannen wurde dan op har beurt besingele, en de 'ingels' weve handich mei harren ôf. Bosley sels wurdt delhuft troch in opsternate Sabina.

Neitiid wurdt Brok arrestearre foar al syn misdieden, wylst Jane en Langston in relaasje begjinne. Elena wurdt troch Rebecca rekrutearre as de nijste 'ingel' fan it Townsend Detektiveburo. Yn in sêne dy't healwei de ôftiteling ynpast is, wurdt se offisjeel as folweardige 'ingel' oannommen en kriget se, lykas gebrûklik oer de tillefoan, de lokwinsken fan 'e nije "Charlie". Inkeld de sjoggers wurde gewaar dat de manljusstim makke wurdt mei in stimferfoarmer, en dat de nije 'Charlie' eins de eardere 'ingel' Kelly Garrett is.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Naomi Scott.
 
Ella Balinska.
 
Kristen Stewart.
haadrollen
personaazje        akteur/aktrise
Elena Houghlin Naomi Scott
Jane Kano Ella Balinska
Sabina Wilson Kristen Stewart


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Bosley 342 / Rebecca Elizabeth Banks
Bosley 001 / John Bosley sir Patrick Stewart
Hodak Jonathan Tucker
Alexander Brok Sam Claflin
in Bosley / Edgar Dessange Djimon Hounsou
Peter Fleming Nat Faxon
Jonny Smith Chris Pang
Langston Noah Centineo
Saint Luis Gerardo Méndez
Fatima Ahmet Marie-Lou Sellem
befeiligingsman Ralph David Schütter
Ingrid Hannah Hoekstra
Charlie Townsend Robert Clotworthy (stim)
nije 'ingel' Hailee Steinfeld (cameo)
nije 'ingel' Lili Reinhart (cameo)
nije 'ingel' Aly Raisman (cameo)
nije 'ingel' Huda Kattan (cameo)
nije 'ingel' Chloe Kim (cameo)
'ingel'-ynstruktrise Ronda Rousey (cameo)
'ingel'-ynstruktrise Danica Patrick (cameo)
'ingel'-ynstruktrise Laverne Cox (cameo)
Bosley New York Michael Strahan (cameo)
Kelly Garrett Jaclyn Smith (cameo)

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Yn septimber 2015 makke Sony Pictures buorkundich dat de filmstudio fan doel wie om in reboot te meitsjen fan 'e Charlie's Angels-franchise, dy't nei de lêste film mei Cameron Diaz, Drew Barrymore en Lucy Liu, Charlie's Angels: Full Throttle (2003), stil kommen wie te lizzen. De nije ferzje fan Charlie's Angels waard regissearre troch Elizabeth Banks nei in senario fan harsels op basis fan in ferhaal fan Evan Spiliotopoulos en David Auburn.

 
De Elbphilharmonie wie ien fan 'e filmlokaasjes yn Hamburch.

As produsinten wiene Banks, Doug Belgrad, Elizabeth Cantillon en Max Handelman by it projekt belutsen foar de filmstudio's Columbia Pictures, Perfect World Pictures, 2.0 Entertainment, Brownstone Productions en de Cantillon Company. Drew Barrymore hie as útfierend produsinte it tafersjoch oer de hiele produksje. Foar Charlie's Angels wie in budget beskikber fan $48 oant 55 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Bill Pope, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Brian Tyler.

De opnamen foar Charlie's Angels setten op 24 septimber 2018 útein en duorren oant en 9 desimber fan dat jier. De film waard frijwol hielendal opnommen yn Hamburch, yn Dútslân, en yn Istanbûl, yn Turkije. Yn Hamburch waard û.m. filme by de Elbphilharmonie, wylst yn Istanbûl opnamen plakhiene op 'e Speserijbazaar, op 'e Veliefendi Draafbaan en yn 'e wyk Sultanahmet.

 
Yn Istanbûl waard û.m. op 'e Speserijbazaar filme.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Charlie's Angels waard fersoarge troch Sony Pictures Releasing, de distribúsjepoat fan Sony Pictures, dat de memme-ûndernimming fan Columbia is. De film gie op 14 novimber 2019 yn 'e Australyske bioskopen yn premiêre, en in dei letter yn dy yn 'e Feriene Steaten. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 1 novimber 2019 by platemaatskippij Republic Records. De leadsingle fan 'e soundtrack, Don't Call Me Angel, songen troch Ariana Grande, Miley Cyrus en Lana Del Rey, wie al op 13 septimber útbrocht. Charlie's Angels kaam op 18 febrewaris 2020 beskikber as digitale download en waard op 10 maart fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Charlie's Angels mingde resinsjes. Owen Gleiberman skreau yn it tydskrift Variety dat de rezjy fan Elizabeth Banks ien fan 'e sterke punten fan 'e film wie. Hy fûn dat se "bewiist in filmmakker te wêzen dy't pyrotechnyske effekten mei ekstreme flêr yn byld bringe kin". Yn Rolling Stone wie Peter Travers mear kritysk. Hy hie problemen mei it tempo fan 'e film en mei de komyske dialooch, mar omskreau haadrolspylsters Naomi Scott, Ella Balinska en Kristen Stewart as "de ingels dêr't je ferlet fan hawwe as in film rêden wurde moat." Johnny Oleksinski fan The New York Post fûn lykwols dat de trije aktrises harren foargongsters Cameron Diaz, Drew Barrymore en Lucy Liu yn gjin inkeld opsicht belykje koene.

Stephanie Zacharek fan Time moast net folle fan Charlie's Angels hawwe, dat se omskreau as in "wollige, lusteleaze aksjefilm, dy't te rommelich is om oan te sprekken." Yn 'e Los Angeles Times foel Kenneth Turan har by. Neffens him wie de plot fan 'e film ûnnedich yngewikkeld makke. Op 'e webside fan it Britske tillefyzjenetwurk BBC liet kollumnist Nicholas Barber Charlie's Angels ôfrinne as "aaklik frij fan ferbyldingskrêft" en "ferfeelsum formulefêst".

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Charlie's Angels in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 52%, basearre op 232 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "It pulperige Charlie's Angels fan Elizabeth Banks is oprjocht en sit fol enerzjy, en sels as it in wat ûngelikens tempo hat, foeget it dochs nije flêr ta oan 'e franchise mei leuke aktearprestaasjes fan 'e trije haadrolspylsters." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Charlie's Angels in goedkarringspersintaazje fan 52%, basearre op 41 resinsjes.

 
De sênesekwinsje op 'e hynstedraafbaan waard opnommen op 'e Veliefendi Draafbaan.

Charlie's Angels brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $17,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $55,5 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $73,3 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $48 oant 55 miljoen betsjut dat in winst fan teminsten $18,3 miljoen. Dêr moatte lykwols de marketingkosten noch ôf, en dêr waard nei skatting nochris $50 miljoen oan útjûn. Sadwaande draaide Charlie's Angels yn 'e bioskopen eins in ferlies fan teminsten $24,7 miljoen en moat de film as in flop beskôge wurde.

It liet Don't Call Me Angel fan Ariana Grande, Miley Cyrus en Lana Del Rey, waard nominearre foar de Satellite Award yn 'e kategory bêste orizjinele liet.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.