Drew Barrymore
Drew Barrymore (folút: Drew Blyth Barrymore; Culver City (Kalifornje), 22 febrewaris 1975), is in Amerikaansk aktrise, model, regisseur en filmprodusinte út in âlde Hollywood-famylje. Hja waard foar it earst bekend doe't hja mei seis jier ien fan 'e haadrollen fertolke yn Steven Spielberg syn science fiction-film E.T. the Extra-Terrestrial. Nei jierren fan wrakseljen mei ferslavingsproblemen makke se fanôf 1992 in comeback mei films as Poison Ivy, Bad Girls, Charlie's Angels, The Wedding Singer en 50 First Dates.
Drew Barrymore | ||
akteur | ||
Drew Barrymore yn 2014. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Drew Blyth Barrymore | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 22 febrewaris 1975 | |
berteplak | Culver City (Kalifornje) | |
etnisiteit | Hongaarsk Iersk Ingelsk | |
jierren aktyf | 1980 – no | |
offisjele webside | ||
www.drewbarrymore.com |
Libben
bewurkje seksjeKomôf
bewurkje seksjeDrew Barrymore waard yn 1975 berne yn it Súdkalifornyske Culver City, as de dochter fan akteur John Drew Barrymore en aspirant-aktrise Jaid Makó. Wylst har heit fan mingd Ingelsk-Iersk etnysk komôf wie, waard har mem oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch berne yn in kamp foar Hongaarske flechtlingen yn West-Dútslân. Barrymore hat in healbroer, de akteur John Blyth Barrymore, en twa healsusters, Blyth Dolores ("Brahma") Barrymore, en Jessica Blyth Barrymore. Har peetâlden binne regisseur Steven Spielberg en aktrise Sophia Loren. (Sels is hja trouwens de petemem fan Frances Bean Cobain, de dochter fan sjongster en aktrise Courtney Love en sjonger Kurt Cobain.)
Drew Barrymore har pake oan heitekant wie akteur en Hollywood-leginde John Barrymore, en har beppe Dolores Costello, wylst har oerpakes en -beppes de akteurs Maurice Barrymore en Georgiana Drew Barrymore en Maurice Costello en Mae Altschuk Costello wiene. Ek har muoike Diana Barrymore en har âldomkes en -muoikes Lionel Barrymore, Ethel Barrymore en Helene Costello binne of wiene akteurs, krekt as har betoerpake John Drew en betoerbeppe Louisa Lane Drew, wylst har oerâldomke John Drew jr. yn syn tiid in Broadway-idoal wie en har oerâldomke Sidney Drew in akteur, senarioskriuwer en regisseur út it tiidrek fan 'e stomme film.
Bernestjerke
bewurkje seksjeDrew Barrymore sette útein mei har aktearkarriêre doe't se mei alve moannen in rol hie yn in reklamespotsje foar hûnefoer. Neffens it ferhaal waard hja dêrby biten troch har tsjinspiler, en de reklamelju tochten dat se doe wol ynpakke koene, mar Barrymore lake der allinne mar om.
Har filmdebút makke se yn Altered States, út 1980, dêr't se in lyts roltsje yn hie. In jier letter, op har sechsde, caste har peetheit Spielberg har yn 'e rol fan Gertie, it jongere suske fan Elliott, de haadpersoan yn 'e berne-science fiction-film E.T. the Extra-Terrestrial, wat har grutte trochbraak waard. Yn 'e folgjende jierren spile se ferskate haadrollen yn films en ûntjoech se har ta ien fan 'e meast ferneamde bernestjerren fan 'e wrâld. Yn 1984 waard se nominearre foar in Golden Globe foar har rol yn Irreconcilable Differences, wêryn't se in famke spile dat fan har âldelju skiede woe.
Ferslavingsproblematyk
bewurkje seksjeHar stjerrestatus wie mear as wêr't Barrymore op har jierren mei omgean koe, en doe't yn 1984 har âldelju skieden en se yn soarte fan opfiedkundich fakuum belâne, hie dat jammerdearlike gefolgen. Op har njoggende smookte se al geregeldwei sigaretten; doe't se alve jier wie, rekke se ferslave oan alkohol; mei tolve jier brûkte se marihûana; en op har trettjinde begûn se kokaïne te snuven. Tsjin 'e tiid dat se fjirtjin jier wie, siet se yn in ûntwenningsklinyk en fanwegen in besykjen om harsels tekoart te dwaan bedarre se foar har fyftjinde noch wer yn in oare klinyk. Neitiid waard se in fearnsjier opfongen by sjonger David Crosby-en-dy thús, om't se, neffens Crosby, minsken om har hinne hawwe moast dy't net dei yn, dei út nei de drank en de drugs griepen. Dat jiers, yn 1990, skreau se har autobiografy Little Girl Lost. It jiers dêrop, yn 1991, frege Barrymore de rjochter om har te ûntheffen fan 'e âlderlike fâdij, en doe't yn dat fersyk tastimd waard, sette se har nei wenjen yn in eigen appartemint.
Comeback
bewurkje seksjeYn 1992 makke Barrymore in comeback as aktrise yn 'e film Poison Ivy, wat it begjin wie fan in hiele rige rollen dy't har mei opsetsin it imago fan in manipulative ferliedster yn har tinerjierren joegen. Hoewol't Poison Ivy yn 'e bioskoop flopte, waard it in súkses doe't it op fideo útbrocht waard. Datseldichste jiers, doe't se santjin wie, posearre se neaken foar de omslach fan it tydskrift Interview, tegearre mei har ferloofde Jamie Walters. Ek yn it blêd wie se neaken te sjen. Fierders ûndergie se yn 1992 ek in boarstferlytsingsoperaasje. Yn 1993 waard Barrymore jitris nominearre foar in Golden Globe, diskear foar har rol yn 'e film Guncrazy. Op har njoggentjinde, yn 1995, stie se neaken yn it jannewarisnûmer fan 'e Amerikaanske edysje fan 'e Playboy, wylst se letter dat jiers, doe't se te gast wie yn it praatprogramma de Late Show, by in berucht ynsidint har boarsten sjen liet oan presintator David Letterman, al hie se dêrby har rêch nei de kamera ta.
Yn 'e njoggentiger jierren hie Barrymore súkses mei films as de westernfilm Bad Girls (1994) mei Madeleine Stowe, Andie MacDowell en Mary Stuart Masterson, de dramakomeedzje Boys on the Side (1995), mei Whoopi Goldberg en Mary-Louise Parker, de komeedzje The Wedding Singer (1998), mei Adam Sandler, en it kostúmdrama Ever After (1998), in moderne fariant op it mearke Jiskepûster. Fierders ferfolle se ferskate cameoroltsjes, lykas yn 'e horrorfilm Scream en de superheldefilm Batman Forever. Yn 1997 rjochten Barrymore en har sakepartner Nancy Juvonen de filmstudio Flower Films op, mei as earste produksje Never Been Kissed, in film mei Barrymore sels yn 'e haadrol, dy't yn 1999 útkaam.
Ek de kaskreaker Charlie's Angels, út 2000, mei yn 'e haadrollen Barrymore, Cameron Diaz en Lucy Liu, waard produsearre troch Flower Films, krektlyk as de lettere súksessen 50 First Dates (2004) en Music and Lyrics (2007) en de kultfilm Donnie Darko (2001). Barrymore wie sels as filmprodusinte û.m. belutsen by it meitsjen fan Never Been Kissed, Charley's Angels, Donnie Darko en Charley's Angels: Full Throttle (2003), wêryn't se fannijs de rol fan Dylan Sanders spile, wat har in nominaasje foar in Emmy Award opsmiet. Dêrnjonken hat se ek wurksum west as regisseur fan 'e dokumintêre Choose or Lose Presents: The Best Place to Start (2004), de film Whip It (2009) en de fideoklip Our Deal foar de band Best Coast (2011). Fierders hat Barrymore wurke as tillefyzje-aktrise, stimaktrise, presintatrise, model en tillefyzjeprodusinte (foar de nije searje Charlie's Angels). Yn 2004 krige se har eigen stjer op 'e Hollywood Walk of Fame. Yn 2007 waard se beneamd ta ambassadrise fan it World Food Programme fan 'e Feriene Naasjes.
Priveelibben
bewurkje seksjeYn 1991, doe't se sechstjin jier wie, ferloofde Barrymore har mei Leland Hayward, de pakesizzer fan filmprodusint Leland Hayward, mar nei in pear moanne waard de ferloving ôfbrutsen. Fan 1992 oant 1993 wie se dêrnei ferloofd mei muzikant en akteur Jamie Walters. Op har njoggentjinde, op 20 maart 1994, troude se foar de earste kear, mei de fan oarsprong Britske bareigner Jeremy Thomas, mar se skiede minder as twa moannen letter alwer fan him. Yn 1999 begûn se om te gean mei MTV-presintator en komyk Tom Green, mei wa't se twa jier gearwenne ear't se yn july 2001 trouden. Mar ek dit twadde houlik strâne, yn oktober 2002.
Neitiid hie Barrymore fan 2002 oant 2007 in relaasje mei drummer Fabrizio Moretti fan 'e band The Strokes, folge troch in relaasje mei akteur Justin Long fan 2007 oant 2008 en nochris fan 2009 oant 2010. Begjin 2011 kaam Barrymore yn 'e kunde mei keunstkenner Will Kopelman, mei wa't se op 2 juny 2012 troude. Op 26 septimber fan dat jier waard harren dochter Olive Barrymore Kopelman berne. Barrymore hat sein dat se it joadske leauwe fan har man bewûnderet en it yn har omgean lit om har dêrta te bekearen. Ek hat se (yn 2003) planút oanjûn dat se biseksueel is en dat se ek in protte (romantyske) relaasjes mei froulju hân hat. Dêrfandinne dat Barrymore ek aktyf is as homorjochte-aktiviste en geregeldwei oer dat ûnderwerp publisearret.
Filmografy
bewurkje seksjeAs aktrise
bewurkje seksjeFilmografy as aktrise | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
films | |||
1980 | Altered States | Margaret Jessup | |
1982 | E.T. the Extra-Terrestrial | Gertie | |
1984 | Firestarter | Charlie McGee | |
1984 | Irreconcilable Differences | Casey Brodsky | |
1985 | Cat's Eye | Amanda | |
1986 | Babes in Toyland | Lisa Piper | |
1987 | Conspiracy of Love | Jody Woldarski | |
1989 | See You in the Morning | Cathy Goodwin | |
1989 | Far from Home | Joleen Cox | |
1991 | Motorama | Fantasy Girl | cameo |
1992 | Poison Ivy | Ivy | |
1992 | Waxwork II: Lost in Time | fampiereslachtoffer #1 | cameo |
1992 | Guncrazy | Anita Minteer | |
1993 | No Place to Hide | Tinsel Hanley | |
1993 | Doppelganger | Holly Gooding | |
1993 | Wayne's World 2 | Bjergen Kjergen | |
1994 | Bad Girls | Lilly Laronette | |
1995 | Boys on the Side | Holly Pulchik | |
1995 | Mad Love | Casey Roberts | |
1995 | Batman Forever | Sugar | |
1996 | Everyone Says I Love You | Skylar Dandridge | |
1996 | Scream | Casey Becker | |
1997 | Best Men | Hope | |
1997 | Wishful Thinking | Lena | |
1998 | The Wedding Singer | Julia Sullivan | |
1998 | Ever After | Danielle de Barbarac | |
1998 | Home Fries | Sally Jackson | |
1999 | Never Been Kissed | Josie Geller | ek útfierend produsinte |
2000 | Skipped Parts | Fantasy Girl | |
2000 | Titan A.E. | Akima Kunimoto | as stimaktrise |
2000 | Charlie's Angels | Dylan Sanders | ek filmprodusinte |
2001 | Donnie Darko | Karen Pomeroy | ek útfierend produsinte |
2001 | Freddy Got Fingered | resepsjoniste fan Davidson | cameo |
2001 | Riding in Cars with Boys | Bev Donofrio | |
2002 | Confessions of a Dangerous Mind | Penny Pacino | |
2003 | Charlie's Angels: Full Throttle | Dylan Sanders / Helen Zaas | ek filmprodusinte |
2003 | Duplex | Nancy Kendricks | ek filmprodusinte |
2004 | 50 First Dates | Lucy Whitmore | |
2005 | Fever Pitch | Lindsey Meeks | ek filmprodusinte |
2006 | Curious George | Maggie Dunlop | as stimaktrise |
2007 | Music and Lyrics | Sophie Fisher | |
2007 | Lucky You | Billie Offer | |
2008 | Beverly Hills Chihuahua | Chloe | as stimaktrise |
2009 | He's Just Not That Into You | Mary Harris | ek útfierend produsinte |
2009 | Everybody's Fine | Rosie Goode | |
2009 | Whip It | Smashley Simpson | ek regisseur en filmprodusinte |
2010 | Going the Distance | Erin Langford | |
2012 | Big Miracle | Rachel Kramer | |
2014 | Blended | Lauren Reynolds | |
2015 | Miss You Already | Jess | |
2020 | The Stand-In | Candy | |
tillefyzje | |||
1985 | ABC Weekend Specials | Con Sawyer | ôflevering The Adventures of Con Sawyer and Hucklemary Finn |
1985 | Star Fairies | Hilary | as stimaktrise; tillefyzjefilm |
1986 | The Ray Bradbury Theatre | Heather Leary | ôflevering The Screaming Woman |
1986 | Babes in Toyland | Lisa Piper | tillefyzjefilm |
1989 | CBS Schoolbreak Special | Susan | ôflevering 15 and Getting Straight |
1992 | Sketch Artist | Daisy | tillefyzjefilm |
1992 | 2000 Malibu Road | Lindsay Rule | 6 ôfleverings |
1993 | The Amy Fisher Story | Amy Fisher | tillefyzjefilm |
1996 | Bill Nye the Science Guy | harsels | ôflevering Flowers |
1999 | Olive, the Other Reindeer | Olive | as stimaktrise; tillefyzjefilm |
2000 | The Simpsons | Sophie | as stimaktrise; ôflevering Insane Clown Poppy |
2005-2013 | Family Guy | Lana Lockhart / Jillian Russell | 12 ôfleverings |
2009 | Grey Gardens | Edith Bouvier Beale | tillefyzjefilm |
2016 | Odd Mom Out | Meredith | ôflevering Knock of Shame |
2017-2019 | Santa Clarita Diet | Sheila Hammond | haadrol; ek útfierend produsinte |
2017 | First Dates | voice-over | |
2018 | Insatiable | harsels | argyfmateriaal |
2019 | The World's Best | harsels | sjuerylid |
fideoklips | |||
1995 | You Got It | fan Bonnie Raitt | |
1999 | Candy in the Sun | fan Swirl 360 | |
2017 | Drew Barrymore | harsels | SZA |
As regisseur
bewurkje seksjeFilmografy as regisseur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
films | |||
2009 | Whip It | Smashley Simpson | ek haadrolspylster en filmprodusinte |
fideoklips | |||
2011 | Our Deal | n.f.t. |
As produsinte
bewurkje seksjeFilmografy as produsinte | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
films | |||
1999 | Never Been Kissed | Josie Geller | útfierend produsinte; ek haadrolspylster |
2000 | Charlie's Angels | Dylan Sanders | filmprodusinte; ek haadrolspylster |
2001 | Donnie Darko | Karen Pomeroy | útfierend produsinte; ek haadrolspylster |
2003 | Charlie's Angels: Full Throttle | Dylan Sanders / Helen Zaas | filmprodusinte; ek haadrolspylster |
2003 | Duplex | Nancy Kendricks | filmprodusinte; ek haadrolspylster |
2005 | Fever Pitch | Lindsey Meeks | filmprodusinte; ek haadrolspylster |
2009 | He's Just Not That Into You | Mary Harris | útfierend produsinte; ek haadrolspylster |
2009 | Whip It | Smashley Simpson | filmprodusinte; ek regisseur en haadrolspylster |
2014 | Animal | n.f.t. | filmprodusinte |
2014 | How to Be Single | n.f.t. | útfierend produsinte |
2019 | Charlie's Angels | n.f.t. | útfierend produsinte |
tillefyzje | |||
2011 | Charlie's Angels | n.f.t. | útfierend produsinte |
2017-2019 | Santa Clarita Diet | Sheila Hammond | útfierend produsinte; ek haadrolspylster |
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Drew Barrymore
- (in) Folsleine filmografy fan Drew Barrymore yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|