Boys on the Side
Boys on the Side is in Amerikaansk-Frânske komeedzjedramafilm en roadmovie út 1995 ûnder rezjy fan Herbert Ross, mei yn 'e haadrollen Whoopi Goldberg, Mary-Louise Parker en Drew Barrymore. De titel betsjut: "Jonges as Bykomstichheid". It ferhaal folget trije froulju op in reis dwers troch de Feriene Steaten. De film krige positive resinsjes fan 'e filmkritisy, mar wist yn 'e bioskopen mar kwealk út 'e kosten te kommen.
Boys on the Side | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Herbert Ross | |
produsint | Herbert Ross Arnon Milchan Steven Reuther | |
senario | Don Roos | |
kamerarezjy | Donald E. Thorin | |
muzyk | David Newman | |
filmstudio | Le Studio Canal+ Regency Enterprises Alcor Films New Regency Productions | |
distribúsje | Warner Bros. | |
spilers | ||
haadrollen | Whoopi Goldberg Mary-Louise Parker Drew Barrymore | |
byrollen | Matthew McConaughey James Remar Billy Wirth Anita Gillette | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten Frankryk | |
premiêre | 3 febrewaris 1995 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | komeedzjedramafilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 115 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $21 miljoen | |
opbringst | $23,4 miljoen |
Plot
bewurkje seksjeJane DeLuca is in muzikante dy't sawol by har feint as har band weirekke is. Hja beslút om te ferhúzjen fan New York nei Los Angeles, dêr't se by in oare band spylje kin. Mei't se krap by kas sit, wol se dêr mei de auto hinne, om't dat goedkeaper is as mei it fleantúch. Nòch goedkeaper is it as se ien fine kin om mei te riden, sadat se de kosten diele kinne. Dêrom reägearret se op in kontaktadvertinsje yn in krante dy't pleatst is troch Robin Nickerson, in makelder dy't ek nei Kalifornje ferfarre wol. As se inoar moetsje, wegeret Jane earst om by Robin yn te stappen, om't dy har fierstente âlderwetsk en konservatyf taliket, mar se betinkt har as se ûntdekt dat har eigen auto fuortsleept is.
Underweis hâlde Jane en Robin ho yn Pittsburgh, om in besyk te bringen oan Jane har freondinne Holly. By Holly thús arrivearje de beide froulju krekt as Holly slaanderij hat mei har feint Nick, dy't net tebekskrillet foar húslik geweld. De rûzje giet oer wat drugs fan Nick dy't misse, en dy't Holly neffens him stellen hat. As de trije froulju gearwurkje tsjin Nick, slacht Holly Nick mei in honkbalkneppel op 'e plasse om foar te kommen dat er Jane wat oandwaan sil. Dêrnei bine de froulju de bewusteleaze Nick oan in stoel fêst en geane fuort. In pear oeren letter komt Nick by bewustwêzen, skuort himsels los, stroffelet, slacht dêrby mei de holle tsjin 'e honkbalkneppel oan en stjert.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Geandewei harren reis nei it westen reitsje de trije froulju befreone. As se ûntdekke dat Nick dea is, wylst Holly yn ferwachting is, beslute se trijeresom fierder te reizgjen nei Kalifornje. By in tuskenstop yn Tucson, yn Arizona, moat Robin mei longûntstekking opnommen wurde yn it sikehûs. Pas dan krije Jane en Holly te hearren dat se oanhelle rekke is mei it HIV-firus. Se beslute om yn Tucson te bliuwen, en dêr in nij libben op te bouwen. Neitiid lûke se mei syn trijen yn ien hûs dat Robin kocht hat. In skoftke hawwe se in protte wille mei-inoar. Holly rekket fereale op in pleatslike plysjeman dy't Abe Lincoln hjit. Robin is ûnderwilens fereale rekke op Jane, mar it is in gefal fan ûnbeäntwurde leafde.
It spul rint lykwols úteinlik op 'e non. De freonskip tusken Jane en Robin kriget in knau as Jane mei de bêste bedoelings oan 'e sympatike barkeeper Alex, dy't belangstelling foar Robin hat, fertelt dat Robin HIV hat. Robin fielt har ferret en set Jane út har hûs. As Abe Holly freget om mei him te trouwen, bychtet Holly de saak fan Nick oan him op. Nettsjinsteande it feit dat er noch altyd fan doel is om mei har te trouwen, arrestearret er har dan op fertinking fan moard. Holly wurdt oerbrocht nei Pittsburgh, dêr't se terjochtstean moat. Jane en Robin reizgje har los faninoar efternei en lizze harren skeel by as se inoar dêr yn it gerjochtsgebou treffe. Holly nimt in oanbod ta skikking oan en bekent skuld oan deaslach by fersin. Se wurdt feroardiele ta ien oant twa jier finzenisstraf. Nei de rjochtsaak sakket Robin yninoar troch in nije longûntstekking, en yn it sikehûs bekenne sy en Jane oaninoar dat se faninoar hâlde.
Nei it ferrinnen fan in ûnbeskate hoemannichte tiid is Holly wer frij. Se is gelokkich mei har man Abe en har dochterke, dat Abe oannommen hat as syn eigen. Robin, dy't no fier hinne is mei AIDS, sit yn 'e rolstoel, en har libbensferwachting is noch mar koart, mar Jane is by har. Yn 'e lêste sêne is Robin ferstoarn. Holly en Abe binne fan doel om yn Tucson te bliuwen en in grut gesin te krijen. Jane giet wer op 'en paad om in nij libben te sykjen yn Los Angeles.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Jane DeLuca | Whoopi Goldberg |
Robin Nickerson | Mary-Louise Parker |
Holly Pulchik | Drew Barrymore |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
plysjeman Abe Lincoln | Matthew McConaughey |
Alex | James Remar |
Nick | Billy Wirth |
Elaine Nickerson | Anita Gillette |
ofsier fan justysje Massarelli | Dennis Boutsikaris |
Louise | Estelle Parsons |
Anna | Amy Aquino |
Henry | Stan Egi |
Johnny Figgis | Stephen Gevedon |
Jerry | Jude Ciccolella |
Produksje
bewurkje seksjeBoys on the Side wie de lêste film fan regisseur Herbert Ross, dy't earder ek súksessen as Footloose (1984), The Secret of My Success (1987), en Steel Magnolias (1989) makke hie. Hy wurke op basis fan in senario fan Don Roos. As filmprodusinten wiene by Boys on the Side belutsen: Ross sels, Arnon Milchan en Steven Reuther, foar de filmstudio's Le Studio Canal+, Regency Enterprises, Alcor Films en New Regency Productions. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Donald E. Thorin, en de filmmuzyk waard fersoarge troch David Newman. Foar Boys on the Side wie in budget beskikber fan $21 miljoen. Warner Bros. die de filmdistribúsje. Boys on the Side gie op 3 febrewaris 1995 yn premiêre.
Untfangst
bewurkje seksjeBoys on the Side krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie de film in goedkarringspersintaazje fan 74%, basearre op 34 ûnderskate resinsjes. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle de film in goedkarringspersintaazje fan 61%, basearre op 18 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeWrâldwiid hie Boys on the Side yn 'e bioskopen in opbringst fan $23,4 miljoen. Dêrmei kaam de film mar kwealk út 'e kosten (fan $21 miljoen). Boys on the Side waard yn 1995 nominearre foar de filmpriis fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Moskou.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |