Pittsburgh is de op ien nei grutste stêd (nei Philadelphia) yn 'e Amerikaanske steat Pennsylvania. It is teffens it haadplak fan it omlizzende Allegheny County. Pittsburgh leit yn it westlike part fan 'e steat, persiis op it plak dêr't de rivieren de Allegheny en de Monongahela gearfloeie en sa de Ohio foarmje. Mei in befolking fan 306.000 (neffens in offisjele skatting út 2012) is it de grutste stêd yn sawol de Delling fan de Ohio as yn 'e Appalachen, en beset it it tweintichste plak op 'e ranglist fan 'e grutste stêden fan 'e Feriene Steaten. As stêdekloft, as alle foarstêden meirekkene wurde, hat it in ynwennertal dat de 2,4 miljoen benei komt. Pittsburgh wurdt wol the Steel City neamd (fanwegen syn stielyndustry) en ek wol the City of Bridges (fanwegen syn wrâldrekôr fan 446 brêgen yn ien inkele stêd).

Pittsburgh
Emblemen
            
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Pennsylvania
County Allegheny County
Sifers
Ynwennertal 306.211 (2012)
Oerflak 151 km² (ynkl. wetter)
144 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 2.140 / km²
Stêdekloft 2.360.733 (2012)
Hichte 220 – 420 m
Oar
Stifting 1758
Tiidsône UTC -5
Simmertiid UTC -4
Koördinaten 40°26′30″N 80°00′00″W
Offisjele webside
www.pittsburghpa.gov
Kaart
De lizzing fan Pittsburgh yn Allegheny County en yn 'e steat Pennsylvania.
Dizze side giet oer de stêd yn 'e Amerikaanske steat Pennsylvania. Foar oare betsjuttings, sjoch: Pittsburgh (betsjuttingsside).

De earste Jeropeeske ûntdekkingsreizger dy't de omkriten fan Pittsburgh besocht, wie de Frânsman Robert de la Salle, yn 1669. Yn 1717 setten de earste blanke kolonisten har nei wenjen op it plak dêr't Pittsburgh no leit. Yn 'e midden fan 'e achttjinde iuw besochten de Frânsen de Delling fan 'e Ohio yn 'e hannen te krijen om harren beide koloanjes Nij-Frankryk (it hjoeddeiske Kebek, yn Kanada]) en Louisiana (oan 'e rivier de Mississippy) mei in befarbere rûte mei-inoar te ferbinen. Yn 1749 kaam der in Frânsk leger út Nij-Frankryk om 'e krite te besetten, mar dat waard weromdreaun troch troepen út 'e Britske koloanje Firginia, ûnder lieding fan 'e lettere Amerikaanske presidint George Washington. Yn 1753-1754 leine de Britten yn it gebiet Fort Prince George oan, mar in grutter Frânsk leger makke dat mei de grûn lyk en boude der neitiid Fort Duquesne. Yn 'e dêropfolgjende Frânske en Yndiaanske Oarloch waard de hiele kontrei foargoed troch de Britten werovere.

 
De Cathedral of Learning, it haadgebou fan 'e Universiteit fan Pittsburgh.

Yn 1758, nei't de Frânsen har út 'e krite weromlutsen hiene, joech de Britske generaal John Forbes opdracht ta de bou fan Fort Pitt, dat er ferneamde nei de Britske steatsman William Pitt de Aldere. Fierdersoan joech er it doarp dat dêr fuortby lei de namme fan "Pittsborough". Dit wurdt beskôge as de stifting fan 'e stêd, hoewol't der dus foartiid al in delsetting op itselde plak bestie. Yn 1763, ûnder de Opstân fan Pontiac, waard Pittsburgh twa moanne lang belegere troch Yndianestammen út 'e Delling fan 'e Ohio en de regio fan 'e Grutte Marren. It belis waard beëinige doe't de Yndianen yn 'e Slach by Bushy Run, fuort beëasten de stêd, ferslein waarden, nei't men, sa giet it ferhaal, ûnder de belegerders by wize fan biologyske oarlochfiering tekkens ferspraat hie dy't mei opsetsin besmet wiene mei de pokken.

Yn 1768 sleaten de neikommelingen fan William Penn it Ferdrach fan Fort Stanwix mei de Irokeeske Konfederaasje, wêrby't se û.m. de krite fan Pittsburgh oankochten. Yn 'e koloniale tiid makken sawol Pennsylvania as Firginia oanspraak op 'e stêd, en dy ûnienichheid duorre fuort oant der yn 1780 besletten waard om by wize fan grinsôffreding de saneamde Mason-Dixon-line yn westlike rjochting troch te lûken, wat Pittsburgh planút oan 'e Pennsylvaanske kant fan 'e grins pleatste. De Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch murk men yn Pittsburgh net folle fan, mei't de stêd doedestiden noch oan 'e foargrins fan 'e kolonisaasje lei. Yn 1797 ûntstie de earste yndustry yn Pittsburgh, yn 'e foarm fan in glêsmakkerij.

Doe't de Feriene Steaten ûnder de Oarloch fan 1812 ôfsnien waarden fan 'e ymport fan Britsk guod, en sadwaande ôfhinklik waarden fan produkten fan eigen makkelei, foarme dat foar de ekonomy fan Pittsburgh in grutte stimulâns. Der waarden izer- brûns- en tinjitterijen oprjochte, en tsjin 1816 wie de befolking sadanich oanwoeksen dat Pittsburgh offisjeel de status fan stêd krige. Yn 'e 1830-er jierren kamen der grutte oantallen ymmigranten oer út it Welske izerstedsje Merthyr wei, nei dêr in oproer mei hurde hân de kop yn drukt wie. Tsjin 'e 1840-er jierren wie Pittsburgh útwoeksen ta ien fan 'e grutste izeryndustrystêden fan 'e Feriene Steaten.

De Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) wie foar Pittsburgh poer ekonomysk sjoen in meifallerke, mei't dy de fraach nei izer ta grutte hichte stiigje liet. Yn 1875 waard fierders úteinset mei de produksje fan stiel, doe't Andrew Carnegie, deselde dy't letter yn De Haach it Fredespaleis sette liet, de Carnegie Steel Company oprjochte. Tsjin 1911 wie Pittsburgh útgroeid ta de op sân nei grutste stêd fan it lân, dêr't tusken in trêdepart en de helte fan alle Amerikaanske stiel produsearre waard. De befolking groeide mar ta, mei't der almar mear stielarbeiders nedich wiene. Fral ymmigranten út Dútslân, Ierlân, Itaalje en Poalen wei setten har yn 'e stêd nei wenjen, en dêrnjonken kamen der yn 'e iere tweintichste iuw, as gefolch fan 'e folksferhuzing út it Suden, ek in protte Afro-Amerikanen. Under de Twadde Wrâldoarloch produsearre Pittsburgh 95 miljoen ton stiel.

 
In útsjoch oer it sintrum fan Pittsburgh.

Fan 'e 1950-er jierren ôf sette lykwols stadichoan de delgong yn. Troch meganisearring en automatisearring giene der in protte banen ferlern, al groeide de stielyndustry as gehiel earst noch troch. Mar fan 'e santiger jierren ôf rekke ek dy yn it neigean, doe't de ferâldere fabriken net mear konkurrearje koene mei de goedkeapere produksje yn ûntwikkelingslannen. Slutings en massale ûntslaggen wiene it gefolch. Fan 'e ein fan 'e jierren tachtich ôf die it stedsbestjoer sadwaande war om 'e ekonomyske basis fan Pittsburgh te ferskowen nei ûnderwiis, toerisme en de tsjinstesektor. Dat krewearjen wie sa súksesfol, dat it Pittsburgh ûnder de bankekrisis fan 2008 ekonomysk foar de wyn gean bleau, wêrby't der banen bykamen wylst oare stêden se ferlearen.

 
It sintrum fan Pittsburgh, mei loft fan 'e midden de U.S. Steel Tower.

Op 27 oktober 2018 kamen by in oanslach op in synagoge yn Pittsburgh alve minsken om. Nochris sân oaren rekken ferwûne, ûnder wa de dieder, dy't hannele út antysemityske oertsjûgings.

Pittsburgh hjoed de dei

bewurkje seksje

Sûnt de santiger jierren is de ekonomy fan Pittsburgh fierhinne oergien fan swiere yndustry nei hege technology (lykas roboatika en nukleêre en biomedyske technology). Fierders spylje sûnenssoarch, ûnderwiis, toerisme, it bankwêzen en de tsjinstesektor in grutte rol. Ek kompjûter- en ynternettechnology binne net ûnbelangryk, mei't bedriuwen as Google, Intel en Apple allegear fêstigings yn Pittsburgh hawwe. De stêd tsjinnet boppedat as it nasjonaal haadkertier foar de federale cyberdefense (ferdigening tsjin bûtenlânske kompjûteroanfallen). Ek grutte filmstudio's as Disney en Paramount Pictures hawwe kantoaren yn Pittsburgh. Op it mêd fan heger ûnderwiis binne benammen de Universiteit fan Pittsburgh en de Carnegie Mellon Universiteit wichtich, mar de stêd hat noch 66 oare kolleezjes en universiteiten. De grutste wurkjouwer yn 'e stêd is it Medysk Sintrum fan de Universiteit fan Pittsburgh (in akademysk sikehûs), mei 48.000 wurknimmers.

 
In strjitte yn Shadyside, in buert yn eastlik Pittsburgh.

Op it mêd fan besjensweardichheden hat Pittsburgh it Andy Warhol Museum, it Carnegie Museum of Art, it Frick Art Historical Center en it Pittsburgh Center for the Arts, allegear foaroansteande keunstmuseä. Fierders binne der de Pittsburgh Zoo and PPG Aquarium, de pleatslike dieretún, en de Phipps Conservatory and Botanical Garden, in botanyske tún. Teffens steane yn 'e stêd de iennichste kasino's fan hiele Pennsylvania, wêrfan't it grutste it Rivers Casino is, fuort oan 'e igge fan 'e rivier de Ohio. Ta ein beslút is PIttsburgh ek de thúsbasis fan it honkbalteam de Pittsburgh Pirates, it iishockeyteam de Pittsburgh Penguins en it Amerikaansk fuotbalteam de Pittsburgh Steelers.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie it ynwennertal fan Pittsburgh doe 306.000 minsken, wat in delgong is fan 8,6% sûnt 2000, doe't it noch 335.000 bedroech. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oanbelanget, dy wie yn 2010 sa: 64,8% blanken; 25,8% swarten; 4,4% Aziaten; 2,3% Latino's; 0,2% Yndianen; 2,5% oaren of fan mingd etnysk komôf. De blanke befolkingsgroep fan Pittsburgh bestiet foar in grut part út lju fan etnysk Dútsk (19,7%), Iersk (15,8%), Italjaansk (11,8%), Poalsk (8,4%) en Ingelsk komôf (4,6%). Pittsburgh hat ien fan 'e grutste Italjaanske mienskippen fan 'e Feriene Steaten. Yn 'e stêd wenje fierders ek de op fjouwer nei grutste Oekraynske mienskip en de grutste Kroätyske mienskip fan Amearika. Yn 'e stêdekloft mei Pittsburgh as sintrum wenje mear as 200.000 lju fan Kroätysk komôf.

Pittsburgh hat ien fan 'e meast ôfwikende stedsdialekten fan it Amerikaansk-Ingelsk, dat yn it ferline sterk beynfloede wurden is troch it Skotsk, Welsk, Dútsk, Poalsk, Kroätysk, Oekraynsk en oare Midden- en Eastjeropeeske talen. Pittsburghers dy't it dialekt sprekke, wurde wol fan "Yinzers" neamd, fan it pleatslike wurd yinz (of yunz) dat de twadde persoan meartal ("jimme") oantsjut. Yn it Standertingelsk bestiet dêr gjin apart wurd foar, en wurdt it lykslein mei de twadde persoan inkeltal as you, mar ek oare dialekten hawwe der in eigen wurd foar ûntwikkele (bgl. it Súdlik Amerikaansk-Ingelsk: y'all, in gearlûking fan you all). Oare typyske Pittsburgher wurden binne slippy foar "glêd" (Standertingelsk: slippery) en to redd up foar "oprêde" (to clean up). Fierders litte Pitsburghers gauris it tiidwurd to be ("wêze") falle, en sizze se dan bgl. the car needs washed (ferlykber mei: "de auto moat wosken") ynstee fan the car needs to be washed (ferlykber mei: "de auto moat wosken wurde").

Berne yn Pittsburgh

bewurkje seksje
 
De Carnegie Mellon Universiteit.
 
It PNC Park, it honkbalstadion fan 'e Pittsburgh Pirates.

Pittsburgh leit yn 'e oergongssône fan in fochtich lânklimaat nei in fochtich subtropysk seeklimaat, al fertoant it waar der mear skaaimerken fan 'e earste klimaatfoarm. Der dogge har fjouwer dúdlik ûnderskate jiertiden foar. De simmers binne hjit en near (mei út en troch in hjitteweach); de winters binne kâld en snieïch. De maityd en hjerst binne ornaris myld, mar ûnlijich. De waarmste moanne is july, mei in trochsneed temperatuer oerdeis fan 28,1 °C, wylst dat sifer yn 'e kâldste moanne, jannewaris, op 2,1 °C leit. Rekôrtemperatueren wiene –30 °C op 19 jannewaris 1994 en 39 °C op 16 july 1988. Wat de delslach oanbelanget, dêrfan falt it measte yn maaie en in minste yn oktober, en de jierlikse trochsneed hoemannichte bedraacht 969 mm. Oer it hiele winterhealjier ferdield falt der fierders trochstrings 105,4 sm snie. Yn 2010 stoarte de Earste Noardamerikaanske Sniestoarm fan 2010, pleatslik bekend as Snowpocalypse ("de Sniepokalyps", in wurdspiling op "apokalyps", de Ein fan 'e Tiden), binnen 24 oeren tiid 61 sm snie oer de stêd út.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.