Windy Leigh, echte namme ûnbekend (Pittsburgh, 13 maaie 1973), is in Amerikaansk rêstend neakenmodel en stripper.

Windy Leigh
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme ?
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 13 maaie 1973
berteplak Pittsburgh (Pennsylvania)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 1991 – ±2005
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre bewurkje seksje

Windy Leigh is hikke en tein yn Pittsburgh, yn 'e steat Pennsylvania, dêr't se opgroeide yn 'e binnenstêd. As bern wie hja wat in wyldkat. Yn har tinerjierren hie se der aardichheid oan om as monteur mei auto's om te pielen. Op 'e middelbere skoalle folge se sels twa jier lang klassen yn automeganika. Fuort nei't se slagge wie foar har eksamen, troude Leigh en ferhuze hja nei Altoona.

Yn 1991, doe't se achttjin jier wie, sette Leigh útein mei in karriêre as stripper. Fanôf de midden fan 'e jierren njoggentich waard se tige populêr, en reizge se as feature dancer by stripklubs yn 'e hiele Feriene Steaten lâns. Dêrnjonken wurke se ek in protte as neakenmodel foar manljusblêden. Sa stie hja ferskate kearen yn Score en Busty Beauties.

Ek fear se in kear (yn 2000) mei op 'e jierlikse Boob Cruise (in rûnfeart op in echt cruiseskip foar lêzers fan Score en oare belangstellenden wêrby't modellen net inkeld jûns optrede, mar harren ek oerdeis by de oare passazjiers jouwe, sadat dy echt mei harren yn 'e kunde komme kinne). Yn 2000 waard Windy Leigh útkeazen ta Miss Nude America. Hja wie te sjen yn 'e neakenfideo's Boob Cruise 2000 (út 2000) en Boobs Ahoy (2003), dy't beide útbrocht waarden troch The Score Group. Uteinlik hold Leigh om 2005 hinne op har wurk as neakenmodel en stripper.

Lichaamlike skaaimerken bewurkje seksje

Neffens har offisjele opjefte wie de blûnjierrige Windy Leigh ûnder har karriêre 1.73 m lang, mei in gewicht fan 56 kg en in natuerlike kupmaat 36B. Yn 1997 liet se har boarsten fergrutsje ta kup 38EE. Neitiid neamde se har boarsten nei't it skynt Jake en Elwood. Leigh hat in opfallende tatoeaazje fan in tigerkop op har lofterboppeskonk. Dêrnjonken hat se in lytsere tatoeaazje sette litten op har rjochterskouder, har rjochterheup en de middelfinger fan har lofterhân. Ek hat se in piercing troch har klitoris.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: