Andrew Carnegie
Andrew Carnegie (Dunfermline (Skotlân), 25 novimber 1835 - Lenox (Massachusetts), 11 augustus 1919) wie in Amerikaansk stielmagnaat en filantroop fan Skotske komôf. Bûten Amerika is hy grif it bekendst troch syn bydrage oan de Carnegie Hall yn New York, mar syn namme is ek ferbûn mei it Haachske Fredespaleis.
Biografy
bewurkje seksjeAndrew Carnegie emigrearde mei syn âlden oan reapsein yn 1848 nei Pittsburgh, USA. Dêr stelden se fêst dat de arbeidssituaasje fan de wevers net folle better wie as thús yn Skotlân. Andrew syn heit wie in damastwever waens hânwurk ferkrongen waard troch de opkomst fan weefmasines. Andrew Carnegie begûn as trettjinjierrich helpke yn in katoenspinnerij. Dan fûn hy wurk by de Ohio Telegraph Company en letter by de Pennsylvania Railroad. Hy einige as eigener fan it grutste stielbedriuw fan de wrâld, de Carnegie Steel Company. Dit bedriuw ferkocht hy yn 1901 oan de bankier John Pierpont Morgan, dy't it ûnderbrocht yn U.S. Steel. Mei de opbringst waard Carnegie ien fan de rykste minsken fan de wrâld.
Syn rykdommen woe er net allinnich oan syn neisieten neilitte, mar noch by libben oan goede doelen besteegje. Dat moast sa barre dat de minsken dy't derfan profitearren harsels ek fierder ûntwikkelje koene. Sa wie de sirkel wer rûn, want elkenien yn Amearika woe graach leauwe dat der in 'selfmade man' yn him skûle, en Carnegie woe de minsken de gelegenheid jaan om it séls te meitsjen.
Yn 1902 rjochte Carnegie it Carnegie Institution of Washington for Fundamental and Scientific Research op. Hy bestede it meastepart fan syn ferskuorrend grutte fortún ek oan de bou fan 2500 iepenbiere biblioteken yn tolve Ingelssprekkende lannen, wêrûnder Skotlân, de Fiji-eilannen en de Seychellen. De stêd dêr't de bibleteek kaam moast de bougrûn skinke en de boeken en dêrby moast it stêdsbestjoer ynstean foar de wurking derfan. By gebrek oan in famyljewapen kaam der in eks-libris dy't in opgeande sinne foarstelde, boeken en de spreuk Let there be light.
Carnegie skonk yn 1903 in bedrach fan $1.500.000 foar de bou fan it Fredespaleis, dat tusken 1907 en 1913 yn De Haach boud waard en wêryn letter ek it Ynternasjonaal Gerjochtshof fêstige wurde soe.
Bibliografy
bewurkje seksje- Alberto Manguel, The Library at Night. Utjouwerij Knopf, Kanada, 2006 (Nederlânske oersetting: De bibliotheek bij nacht, 2007 - sjoch haadstik IV: De bibliotheek als macht).