Bernard Blommers
Bernardus Johannes (Bernard) Blommers (Den Haach, 30 jannewaris 1845 – dêre, 12 desimber 1914) wie in Nederlânske keunstskilder. Hy wie ien fan de jongere skilders út de Haachske Skoalle.
Biografy
bewurkje seksjeBernard Blommers wie in learling fan Christoffel Bisschop. Oan de Haachske Akademy krige er ek ûnderrjocht fan Jacob Maris en foaral fan Jozef Israëls.
Hy wurke meast yn de omkriten fan Skeveningen en Katwyk en yn Noard-Brabân.
Hy skildere ek in part fan it Panorama Mesdag fan Hendrik Willem Mesdag.
Styl
bewurkje seksjeBlommers wie fral figuerskilder, hy skildere it fiskers- en strânlibben, it hat wol wat fan it wurk fan Isaac Israëls.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bernard Blommers fan Wikimedia Commons. |