Christoffel Bisschop
Christoffel Bisschop (Ljouwert, 24 april 1828 - Skeveningen, 5 oktober 1904) wie in Nederlânsk keunstskilder.
Christoffel Bisschop | ||
keunstner | ||
Christoffel Bisschop (1902) troch Hendrik Johannes Haverman | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 24 april 1828 | |
berteplak | Ljouwert | |
stoarn | 5 oktober 1904 | |
stjerplak | Skeveningen | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | keunstskilder |
Hy wurke yn Ljouwert by H. Schaaf. Hy ferhuze mei 18 jier nei Delft en wurke dêr by skilder W. H. Schmidt. Dêrnei bedarre er yn De Haach by Huib van Hove mei wa't er ek yn Parys wurke. Yn 1869 boaske er syn ingelske kollega en learlinge Catherine Seaton Forman Swift (Kate Bisschop-Swift, Londen, 1834 - 1928). Sy hiene in filla yn De Haach, 'Villa Frisia' en beide hearden ta de Hollansche Teeken-Maatschappij.
Bisschop wie ek in grut samler. Neffens syn winsk is syn samling 17e iuwske Hollânske folkskeunst yn 1908 oant 1915 oerbrocht nei it Frysk Museum. Der waarden in stikmannich stylkeamers fan ynrjochte, dy't oant de nijbou te sjen wiene.
Hy makke meast portretten, sjenrefoarstellings en skildere âld Hylpener ynterieurs.[1]
Under oare it Steedlik Museum yn Amsterdam en it Haachsk Gemeentemuseum hawwe syn wurk.
Galery
bewurkje seksje-
It sinneskyn hoekje, tafreel út Hylpen
-
Frou yn reade jurk
-
De Hylper skildersjonge
-
Winter yn Fryslân
Literatuer
bewurkje seksje- Liefde-Brakel, Tiny de, Schilderen en wonen op Scheveningen in de Belle Époque, Skeveningen, 2008
- Boeles, P.C.J.A., Gids door de kunstverzameling Bisschop in het Friesch Museum te Leeuwarden, Ljouwert, 1915
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Christoffel Bisschop fan Wikimedia Commons. |