Rachel Weisz
Rachel Weisz (Londen, 7 maart 1970) is in Ingelske model, film- en toanielaktrise.
Rachel Weisz | ||
![]() | ||
![]() | ||
Rachel Weisz yn 2015 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Britsk | |
berne | 7 maart 1970 | |
berteplak | Westminster, Londen | |
jierren aktyf | 1993 - no | |
offisjele webside | ||
IMDB-profyl Weisz |
Weisz studearre begjin jierren '90 oan de Universiteit fan Cambridge en spile yn har frije tiid by it teäterselskip Talking tongues. Healweis de jierren 1990 krige sy har kâns op it wite doek mei byrollen yn Chain Reaction en Stealing Beauty. Yn dy tiid gie sy ek oan it wurk foar telefyzje, wie te sjen yn Inspector Morse, de Britske minirige The Scarlet and the Black en de tv-film Advocates II.
Sy briek troch mei har rol yn The Mummy (1999) en wûn yn 2006 de Academy Award foar bêste frouljus byrol foar har rol yn de film The Constant Gardener.
Weisz wennet sûnt 2004 mei regisseur Darren Aronofsky, nei in eardere ferhâlding mei regisseur Sam Mendes. Mei de earste hat sy sûnt 2006 in soan. Yn 2011 boaske sy mei de akteur Daniel Craig.
FilmografyBewurkje
- Dirtysomething (1993) telefyzjefilm
- Scarlet and Black (1993) telefyzjefilm
- Death Machine (1995)
- Chain Reaction (1996)
- Stealing Beauty (1996)
- Bent (1997)
- Swept from the Sea (1997)
- Amy Foster (1997)
- The Land Girls (1998)
- The Mummy (1999)
- Sunshine (2000)
- Beautiful Creatures (2001)
- Enemy at the Gates (2001)
- The Mummy Returns (2001)
- About a Boy (2002)
- Envy (2003)
- Confidence (2003)
- The Shape of Things (2003)
- The Runaway Jury (2004)
- Constantine (2005)
- The Constant Gardener (2005)
- The Fountain (2006)
- Eragon (2006) - stim Saphira
- Fred Claus (2007) - Wanda
- My Blueberry Nights (2007) - Sue Lynne
- Definitely, Maybe (2008)
- The Brothers Bloom (2008)
- The Lovely Bones (2009)- Abigail Salmon
- Agora (2009) - Hypatia
- The Whistleblower (2010)
- Dream House (2011)
- Page Eight (2011)
- The Deep Blue Sea (2011)
- The Bourne Legacy (2012)
- Oz the Great and Powerful - Evanora (2013)
- The Lobster (2015)
- La giovinezza (2015)
- Youth (2015)
- The Light Between Oceans (2016)
- Denial (2016)
- My Cousin Rachel (2017)
- Disobedience (2017)
- The Mercy (2018)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Rachel Weisz fan Wikimedia Commons. |