Die Hard 2
Die Hard 2, soms oantsjut as Die Hard 2: Die Harder of koartwei as Die Harder, is in Amerikaanske aksjefilm út 1990 ûnder rezjy fan Renny Harlin, mei yn 'e haadrollen Bruce Willis en Bonnie Bedelia. De titel hat de letterlike betsjutting fan "ien dy't dreech stjert", wat yn dit gefal yndie sa opfet wurde kin, hoewol't der ornaris yn 'e figuerlike sin in "taaien-ien" mei bedoeld wurdt. De film is basearre op 'e roman 58 Minutes fan Walter Wagner. It ferhaal folget plysjeman John McClane, dy't mei de kryst syn frou Holly fan 'e Ynternasjonale Lofthaven Washington Dulles yn Washington, D.C. ophelje sil. Wylst er wachtet oant har fleantúch lâne is, komt er lykwols in gearspanning op it spoar om in oan 'e Feriene Steaten útlevere Latynsk-Amerikaanske diktator en drugsbaron te befrijen. Die Hard 2 is it twadde diel fan 'e Die Hard-filmsearje, en folget as sadanich op Die Hard, út 1988. Fan 'e filmkritisy krige Die Hard 2 oer it algemien positive resinsjes en yn 'e bioskopen wie de film in grut kommersjeel súkses. In folgjend diel út 'e rige wie Die Hard with a Vengeance, út 1995.
Die Hard 2 | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Renny Harlin | |
produsint | Charles Gordon Lawrence Gordon Joel Silver | |
senario | Steven E. de Souza Doug Richardson | |
basearre op | 58 Minutes fan Walter Wagner | |
kamerarezjy | Oliver Wood | |
muzyk | Michael Kamen | |
filmstudio | Gordon Company Silver Pictures | |
distribúsje | 20th Century Fox | |
spilers | ||
haadrollen | Bruce Willis Bonnie Bedelia | |
byrollen | Art Evans Dennis Franz Fred Dalton Thompson William Sadler John Amos William Atherton | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 29 juny 1990 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | aksjefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 123 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $70 miljoen | |
opbringst | $239,5 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Die Hard | |
● foarich diel | Die Hard | |
● folgjend diel | Die Hard with a Vengeance |
Plot
bewurkje seksjeOp krystjûn, op 'e kop ôf twa jier nei de foarfallen yn 'e Nakatomi Tower yn Los Angeles, giet plysjeman John McClane nei in swier besnijde Ynternasjonale Lofthaven Washington Dulles yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. om syn frou Holly ôf te heljen, dy't dy jûns mei it fleantúch út Los Angeles arrivearje sil. Dat is wêr't se no wenje, en McClane is no resjersjeur by it Los Angeles Police Department. Hy is Holly mei de bern foarútreizge, mei't se de hjeldagen by har âldelju trochbringe sille. De jûn begjint al goed as de auto, dy't McClane fan syn skoanmem te lien hat, fuortsleept wurdt om't er him earne delset hat dêr't net parkearre wurde mei. Dêrby kriget McClane it oan 'e stôk mei de obese lofthavenplysje Vito Lorenzo.
Yn 'e lofthaven binne ferskate kameraploegen gearklofte, wêrûnder dy fan Samantha Coleman, in ferslachjouster foar WNTW Night Time News. Dêr wurdt nammentlik de oankomst ferwachte fan in militêr transportfleantúch út it (fiktive) Latynsk-Amerikaanske Val Verde, dat de eardere faksistyske diktator fan dat lân oerbringe sil nei de Feriene Steaten. Dy generaal Ramón Esperanza wie foarhinne, yn 'e tiid fan 'e Kâlde Oarloch, in Amerikaanske bûnsgenoat, mar no't it kommunisme gjin gefaar mear ynhâldt, is er yn ûngenede fallen, benammen om't er him ek dwaande hold mei de hannel yn kokaïne. Sadwaande is er koartby mei Amerikaanske help ûnder fuotten brocht en no wurdt er útlevere om foar lange tiid yn in Amerikaansk tichthûs te ferdwinen.
Yn it ferkearsfleantúch Northeast Airlines flecht-140 kriget ferslachjouwer Richard Thornburg in sitplak tawiisd yn deselde rige as McClane syn frou Holly. Hy is deselde dy't twa jier earder Holly har bern foar eigen gewin misbrûkt hie foar in nijsreportaazje en dêrmei Holly har identiteit oan har gizelnimmers útbrocht hie, wêrnei't se him twa tosken út 'e mûle sloech. Mei't er in kontaktferbod tsjin har útfurdigje litten hat, protestearret er tsjin 'e gong fan saken yn it fleantúch, mar mei syn arrogante hâlden en dragen hat er him al net botte dierber makke by de stewardessen. Dy biede Holly in fergees glês sjampanje oan as se it ferhaal hearre.
Wylst McClane yn in bar yn 'e lofthaven sit te wachtsjen oant Holly har fleantúch lânet, en him dêr stierlik ferfeelt, merkt er út beropsdefisjinsje in pear manlju op dy't har fertocht hâlde en drage. Om't er neat betters te dwaan hat, folget er ien fan harren en sjocht hoe't dy ferdwynt troch in doar dy't inkeld foar lofthavenpersoniel tagonklik heart te wêzen. McClane giet der efteroan en as er de man mei in maat fan him yn petear yn in bagaazjesortearromte oantreft, freget er harren wat se dêr moatte. Ta antwurd lûke se pistoalen en besykje him dea te sjitten. McClane, dy't syn eigen pistoal al klear hie, sjit werom. De sjitpartij liedt ta slaanderij, wêrby't McClane ien fan 'e mannen deadet, wylst de oare ûntkomt. Haadynspekteur Carmine Lorenzo, de sjef fan 'e lofthavenplysje, dy't de broer fan 'e grouwe Vito blykt te wêzen en dêrom net folle mei McClane op hat, hâldt it derop dat it om in pear bagaazjedieven giet. Hy kin him der sadwaande net botte drok om meitsje, nammenste mear net om't it troch de oankommende kryst in gekkeboel yn 'e lofthaven is, eat dat noch oanboaze wurdt troch de opskuor dêr't de oankomst fan generaal Esperanza foar soarget.
McClane is der, mei troch de djoere fjoerwapens fan 'e mannen dêr't er mei fochten hat, fan oertsjûge dat der mear efter sit. As er tefolle oankringt, lit Lorenzo him lykwols út syn kantoar sette. McClane leit him dêr net by del. Hy nimt op yllegale wize fingerôfdrukken ôf fan 'e deade man, dy't er neitiid mei help fan 'e freonlike resepsjoniste Pam trochfakst nei in maat fan sines yn Los Angeles, brigadier Al Powell. As dy de ôfdrukken neilûkt, docht bliken dat de man dy't McClane deamakke hat, in Oswald Cochrane, offisjeel al twa jier dea is. Hy wie in Amerikaansk militêr adviseur yn Hondoeras, dy't omkommen is by in helikopterûngemak. McClane ken daliks it curriculum vitae fan in profesjonele hierling werom, en ornearret dat de oanwêzigens fan sa'nent op dit stuit yn 'e lofthaven wat te krijen hat mei de oankomst fan generaal Esperanza. Hy stapt mei syn befinings nei Ed Trudeau, de direkteur fan 'e lofthaven, dy't de lieding hat yn 'e ferkearstoer.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Underwilens hat William Stuart, in âld-kolonel by de kommando's fan it Amerikaanske Leger, mei oare eardere leden fan syn ienheid in tydlike basis opset yn in tsjerkegebou fuortby de lofthaven, dêr't se earst de koster deamakke hawwe. Dêrwei slute se har eigen apparatuer oan op 'e systemen fan 'e lofthaven, dêr't de keabels fan oer it tsjerketerrein rinne. Tagelyk slute se de ferkearstoer bûten. Alle lâningsbaanljochten geane út. Dy oername fynt plak krekt as McClane yn 'e ferkearstoer is, en sa't er al fermoede, is it Stuart-en-dy te dwaan om Esperanza te befrijen, wêrnei't se mei him weromkeare sille nei Val Verde om dêr de macht wer oer te nimmen. Dêrta easket Stuart dat der in Boeing 747 foar harren klear set wurdt om mei ôf te reizgjen. Fierders warskôget er Trudeau-en-dy dat se net besykje moatte om harren kontrôle oer de lofthaven werom te winnen. Hy partet harren krekt genôch tiid ta om alle arrivearjende fleantugen òf útwike te litten nei oare lofthavens, òf, as se dêr te min brânstof foar hawwe, oant neier oarder boppe Dulles rûntsjedraaie te litten, foar't er harren en it fermogen ta kommunikaasje mei de fleantugen ôfnimt. De fleantugen en har ynsittenden wurdt op dy wize eins gizelders yn in gizelingssitewaasje.
Nei in nije oanfarring mei Lorenzo wurdt de opsternate McClane, dy't him der mar al te bewust fan is dat Holly yn ien fan 'e rûntsjedraaiende fleantugen sit, út 'e ferkearstoer set. Hy dielt in lift mei ferslachjouster Samantha Coleman, dy't yllegaal de ferkearstoer binnenkrongen wie. Troch har ûntdekt McClane dat kolonel Stuart, dy't in beskate bekendheid genietet, ek op 'e lofthaven sinjalearre is. McClane klimt út 'e lift en bejout him fia de liftskacht nei de kelder fan it lofthavenkompleks, dêr't er de konsjerzje Marvin treft. Dy helpt him om te begripen wat er Leslie Barnes, de haadyngenieur, yn 'e ferkearstoer sizzen heard hat. It docht bliken dat op Dulles in nij gebou yn oanbou is, de Annex Skywalk, mei in eigen stjoerder dy't noch los stiet fan 'e lofthavensystemen. Barnes wol besykje om fia dy stjoerder mei de fleantugen yn kontakt te kommen om harren foar de ûntstiene sitewaasje te warskôgjen.
Under bewekking fan 'e bêst trainde ienheid dêr't de lofthavenplysje oer beskikt, bejout Barnes him nei it nije gebou. McClane, dy't wol foar it ferstân hat dat as Barnes it betinke kin, Stuart-en-dy it perfoarst ek betocht hawwe, hastiget him derefteroan, mar wurdt opholden om't er troch fentilaasjekanalen krûpe moat om yn it nije gebou te kommen. By de Annex Skywalk wurde Barnes-en-dy yndie opwachte troch in fjouwertal mannen fan Stuart, dy't koart wurk meitsje fan 'e lofthavenplysjes. Barnes, dy't ûnder it fjoergefjocht dekking socht hat, wurdt neitiid ûntdutsen en stiet op it punt om fermoarde te wurden as ynienen McClane út in fentilaasjekanaal rûgelet. Hy komt de hierlingen oer it mad en wit harren yn in gefjocht allegear te deadzjen. Stuart lit dêrop by wize fan represaille Windsor Airlines-flecht 114, in fleantúch dat hast sûnder brânstof sit, lânje troch himsels foar te dwaan as in ferkearslieder. Hy stelt lykwols it grûnnivo yn it instrument landing system (ILS) 200 foet te leech yn, mei as gefolch dat Windsor 114 te pletter stoart, sadat alle 230 ynsittenden omkomme.
Neitiid skeakelet Trudeau de Amerikaanske autoriteiten yn, dy't in kommandoteam fan it Amerikaanske Leger stjoere om mei Stuart ôf te weven. De ienheid wurdt oanfierd troch majoar Grant, dy't seit dat Stuart alles dat er wit fan him leard hat. McClane fynt dat net sa gerêststellend as Grant it grif bedoelde. Mei't him hjitten wurdt dat er de boel fierder oan professionals oerlitte moat, giet McClane werom nei Marvin om 'e plattegrûnen fan 'e lofthaven te bestudearjen dy't de konsjerzje troch de jierren hinnen gearfandele hat. It docht bliken dat Marvin de portofoan fan Cochrane fûn hat, dy't, oars as de oare portofoans fan Stuart syn mannen dy't McClane al tsjinkommen wie, net beskoattele is. Sadwaande kin McClane no Stuart-en-dy ôflústerje.
Hy komt dêrtroch oan 'e weet dat Esperanza ûnderwilens syn bewekkers deade en it transportfleantúch kaapt hat. As Stuart in lâningsbaan mei him ôfpraat, bejout McClane him dêr ek hinne. Hy is as earste by it lâne transportfleantúch en nimt Esperanza finzen sadree't dy útstapt. As fuort letter Stuart en syn mannen arrivearje, moat er de drugsbaron lykwols wer gean litte om himsels yn 'e cockpit fan it transportfleantúch te ferskânzjen. Stuart lit syn mannen de ruten stikken sjitte en in stik as acht hângranaten nei binnen smite, mar McClane rêdt himsels troch op it plak fan 'e piloat sitten te gean en de sjitstoel te aktivearjen.
Neitiid komt Barnes by McClane mei it plan om it haadkertier fan Stuart-en-dy te finen. Dat kin mar op in beheind tal plakken fêstige wêze, om't Stuart deunby de bekeabeling fan 'e lofthaven wêze moat om dy nei syn eigen apparatuer om te lieden. Nei't de bekeabeling oanlein wie, is der letter in wenwyk foar in part oerhinne boud. McClane en Barnes geane dêr op ûndersyk út en komme úteinlik by it tsjerkegebou. As McClane dêr omsneupt, wurdt er trappearre troch in skyldwacht fan Stuart, dy't er yn in man-tsjin-mangefjocht deadet troch him in iisjûkel yn it each te stekken.
Barnes jout de lokaasje fan 'e tsjerke troch oan Grant, dy't der mei syn mannen in wraam op docht. Stuart-en-dy witte mei Esperanza te ûntkommen op klearsteande sniescooters, en litte harren eigen apparatuer foarsjoen fan springstofladings efter, sadat it foar it lofthavenpersoniel ûnbrûkber is. McClane sjit twa hierlingen dea, nimt in sniescooter oer en set de efterfolging yn. As er dêrby mei in bútmakke mitrailleur op Stuart syn mannen sjit, mist er eltse kear, oant er úteinlik crasht en de efterfolging opjaan moat. Erchtinkend wurden, lûkt McClane it magazyn út 'e mitrailleur en stelt ta syn ôfgriis fêst dat it wapen laden is mei losse flodders. Hy beseft dat it net oars kin, as dat moat betsjutte dat Stuart en Grant mei-inoar ûnder ien tekken skûlje.
As McClane nei Lorenzo om help giet, wegeret dy nei nim te harkjen, oant McClane bewiist dat der losse flodders yn 'e bútmakke mitrailleur sitte troch mei it wapen op Lorenzo te sjitten. Underwilens is in erchtinkende Thornburg yn Northeast Airlines-flecht 140 fia de apparatuer fan syn lûdsman begûn mei it ôflústerjen fan 'e kommunikaasje tusken de piloaten en de lofthaven. Barnes hat it idee krigen mei de fleantugen te praten troch dêrfoar it bûtenste lofthavenbeaken te brûken, dat normaal inkeld mei geregelde tuskenskoften in piiptoan fuortbringt. Mei't it beaken in autonoom systeem is, hearre de hierlingen der neat fan as Barnes de wachtsjende fleantugen warskôget dat der in gek is dy't him as ferkearslieder foardocht om fleantugen delstoarte te litten.
Thornburg heart dat lykwols al. Ta gruttere ear en gloarje fan himsels komt er neitiid oer de fleantúchtillefoan op 'e tillefyzje mei in sensasjonele en oerdreaun foarstelde stân fan saken op Dulles. As de minsken yn 'e lofthaven syn ferslach hearre, brekt der grutte panyk út, en Lorenzo syn plysje-auto's komme fêst te sitten yn 'e tarin fan folk. Sadree't Holly foar it ferstân kriget wat der bart, lit se ien fan 'e stewardessen de doar fan 'e fleantúch-wc iepenje, dêr't Thornburg him ferskânze hat, wêrnei't se him oant bewusteleazens elektrokutearret mei it stroomstjitwapen fan it eksintrike âldwyfke yn 'e stoel njonken harres.
McClane klampet ferslachjouster Samantha Coleman oan foar help, en mei de nijshelikopter fan har tillefyzjestjoerder ûntkomt er oan it gedrang. Hy lit him nei de Boeing 747 fleane, dêr't Stuart en Grant en harren mannen ûnderwilens yn plaknommen hawwe, en dy't mei Esperanza as piloat nei de lâningsbaan taksyt om fuort te fleanen. McClane springt fan 'e helikopter op 'e wjuk fan it fleantúch, dêr't er it rolroer sabotearet troch syn jas dertusken te stopjen. Majoar Grant komt nei bûten ta om mei him ôf te weven. Om't de wjuk fol sit mei kerosine en it gebrûk fan fjoerwapens dêrom tige ûntriedber is, reitsje de mannen ferwikkele yn in man-tsjin-mangefjocht. Grant seit ûnderwilens dat it him spyt dat er McClane fermoardzje moat, om't er him eins wol lije mei. McClane antwurdet dat er al genôch freonen hat en skopt Grant fan 'e wjuk ôf de strielmotor yn, dêr't er oan grôt meald wurdt.
Wylst McClane de tagong ta de brânstoftank yn 'e wjuk iepenet, komt kolonel Stuart nei bûten ta. By in nije fjochtpartij skopt dy McClane fan 'e wjuk ôf, mar McClane wit, sûnder dat Stuart it sjocht, de dop fan 'e brânstoftank noch los te krijen ear't er op 'e lâningsbaan kneppelet. Wylst in oanhâldende tsjûke striel kerosine út 'e wjuk lekt, hellet Stuart de jas ûnder it rolroer wei en keart dan sûnder euvelmoed werom nei binnen yn it fleantúch. Esperanza lit it tastel opstige. Fier efter harren hellet McClane in oanstekker út 'e bûse, dêr't er ûnder it uterjen fan 'e wurden "Yippee ki yay, motherfucker!" de kerosine mei oanstekt. It fjoer folget it brânstofspoar tsien kear sa fluch as it fleantúch giet, earst troch de snie fan 'e lâningsbaan, en dan troch de loft, as it fleantúch los komt fan 'e grûn. As it fjoer de brânstoftank berikt, komt de Boeing yn ljochte lôge te stean. Stuart, Esperanza en harren mannen hawwe krekt genôch tiid om te beseffen wat der bart foar't it tastel eksplodearret yn in reuseftige fjoerbal dy't delstoart oan ein fan 'e lâningsbaan.
Underwilens hawwe de piloaten fan Holly har fleantúch, Northeast Airlines-flecht 140, besletten om mar in bline lâning te weagjen, want as se noch langer wachtsje, falt harren tastel út 'e loft fanwegen brânstofgebrek. Ticht by de grûn sjogge se ynienen de brânbulte fan 'e Boeing en it fjoerspoar dat dêrwei oer de lâningsbaan rint. Se brûke dat as provisoaryske lâningsbaanferljochting om harren fleantúch feilich oan 'e grûn te setten. Neitiid jouwe se oan 'e oare wachtsjende fleantugen troch hoe't se dat hân hawwe, sadat dy allegearre feilich lânje kinne. Coleman en har kameraploech, dy't McClane syn gefjocht op 'e wjuk fan 'e Boeing filme hawwe, filmje no de weriening fan McClane mei Holly. Lorenzo ferskynt en ferskuort de parkearboete dy't McClane earder dy jûns krigen hie. Marvin riidt syn karke foar om McClane en Holly nei de lofthavenútgong te bringen, en dêr nimme se tankber yn plak, tegearre bewuolle yn ien tekken.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
ynspekteur John McClane | Bruce Willis |
Holly Gennero McClane | Bonnie Bedelia |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Leslie Barnes | Art Evans |
haadynspekteur Carmine Lorenzo | Dennis Franz |
Ed Trudeau | Fred Dalton Thompson |
kolonel Stuart | William Sadler |
majoar Grant | John Amos |
Richard Thornburg | William Atherton |
generaal Ramón Esperanza | Franco Nero |
Samantha Coleman | Sheila McCarthy |
Marvin de konsjerzje | Tom Bower |
brigadier Al Powell | Reginald VelJohnson |
Garber | Donald Patrick Harvey |
brigadier Vito Lorenzo | Robert Costanzo |
Miller | Vondie Curtis-Hall |
Oswald Cochrane | John Costelloe |
resepsjoniste Pam | Connie Lillo-Thieman |
piloat fan Northeast Airlines-flecht 140 | Michael Francis Clarke |
piloat fan Windsor Airlines-flecht 114 | Colm Meaney |
Baker | Tony Ganios |
Thompson | Peter Nelson |
Burke | John Leguizamo |
Kahn | Tom Verica |
O'Reilly | Robert Patrick |
Shockley | Mark Boone jr. |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeDie Hard 2 waard regissearre troch Renny Harlin nei in senario fan Steven E. de Souza en Doug Richardson op basis fan 'e roman 58 Minutes, fan Walter Wagner, út 1987. It útgongspunt fan dat boek is frijwol itselde: in plysjeman moat ôfweve mei terroristen dy't in hiele lofthaven yn gizeling nommen hawwe, wylst it fleantúch mei syn frou deryn boppe it fleanfjild rûntsjedraait. Hy hat 58 minuten om dat te berikken foar't de brânstof op is en it fleantúch delstoart. Dat konsept waard, yn justjes oanpaste foarm, keppele oan 'e haadpersoanen út it boek Nothing Lasts Forever, dêr't de earste Die Hard-film op basearre wie. Roderick Thorp, de skriuwer fan dy roman, waard yn 'e begjintitels en op 'e ôftiteling fan Die Hard 2 neamd as de skepper fan "beskate orizjinele personaazjes", hoewol't syn namme dêrby misstavere waard (as "Roderick Thorpe").
As produsinten wiene Charles Gordon, Lawrence Gordon en Joel Silver by it projekt belutsen foar de filmstudio's Gordon Company en Silver Pictures. Foar de film wie in budget beskikber fan $70 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Oliver Wood, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Michael Kamen. De opnamen foar Die Hard 2 fûnen plak yn 'e winter fan 1989 op 1990 yn 'e Amerikaanske steaten Kalifornje, Colorado, Michigan en Washington.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan Die Hard 2 waard fersoarge troch 20th Century Fox. De film gie op 29 juny 1990 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige Die Hard 2 oer it algemien positive resinsjes. In útsûndering wie datoangeande Jay Boyar, fan 'e Orlando Sentinel, dy't de film in teloarstelling fûn en skreau dat "it bytsje wille dat [deryn] sit foar it meastepart feroarsake wurdt troch it oerbleaune goede gefoel fan 'e earste film". Ferskate oare resinsinten ferlieken Die Hard 2 ek ûngeunstich mei Die Hard út 1988. Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times, dy't net folle op hân hie mei de earste film, omskreau Die Hard 2 lykwols as "geweldich fermaaklik", al joech er ta dat de ûntjouwings yn 'e plot bytiden fiersocht wiene. Yn it Britske tydskrift Empire parte William Thomas de film 3 fan 5 stjerren ta en omskeau him as "fermaaklike ûnsin dy't de magy fan 'e orizjinele film net alhiel belykje kin." Gene Siskel fan 'e Chicago Tribune neamde Die Hard 2 de op fiif nei bêste film fan 1990.
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Die Hard 2 in goedkarringspersintaazje fan 69%, basearre op 61 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hoewol't er de orizjinele spanning fan syn foargonger mist, wurket Die Hard 2 dochs goed as in wat oerdreaune, mar ridlik strakke bigbudgetferfolchfilm, mei mear as genôch selsstannich operearjende ûnderdielen om 'e tekoartkommings fan 'e plot te fertsjustermoanjen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Die Hard 2 in goedkarringspersintaazje fan 67%, basearre op 17 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeDie Hard 2 brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $117,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $122,0 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $239,5 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $70 miljoen betsjut dat in winst fan $169,5 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dat is hast dûbel de opbringst fan 'e earste Die Hard-film, en dêrmei is Die Hard 2 ien fan 'e meast opbringende krystfilms aller tiden.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
Die Hard (filmsearje) | |
---|---|
Die Hard (1988) • Die Hard 2 (1990) • Die Hard with a Vengeance (1995) • Live Free or Die Hard (2007) • A Good Day to Die Hard (2013) |