Live Free or Die Hard

Live Free or Die Hard, bûten Noard-Amearika útbrocht as Die Hard 4.0, is in Amerikaanske aksjefilm út 2007 ûnder rezjy fan Len Wiseman, mei yn 'e haadrollen Bruce Willis en Justin Long. De titel betsjut "Libje Frij of Stjer Dreech". De film is it fjirde diel út 'e Die Hard-filmsearje en folget as sadanich op Die Hard with a Vengeance út 1995. It ferhaal folget plysjeman John McClane as er tegearre mei de jonge kompjûterekspêr Matthew Farrell in binde neat-ûntsjende terroristen besiket tsjin te kearen, dy't harsels in wei yn alle kompjûtersystemen fan 'e Amerikaanske oerheid en finansjele ynstellings hackt hawwe. Se binne skynber fan doel in "leechferkeap" te begjinnen, wat ynhâldt dat se de hiele lanlike ynfrastruktuer lamlizze wolle troch alle kompjûtersystemen út te skeakeljen. Live Free or Die Hard krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie in reuseftich kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. In fyfde film út deselde searje kaam yn 2013 út ûnder de titel A Good Day to Die Hard.

Live Free of Die Hard
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Len Wiseman
produsint Michael Fottrell
senario Mark Bomback
basearre op A Farewell to Arms
   fan John Carlin
kamerarezjy Simon Duggan
muzyk Marco Beltrami
filmstudio Cheyenne Enterprises
Dune Entertainment
Ingenious Film Partners
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Bruce Willis
Justin Long
byrollen Timothy Olyphant
Maggie Q
Cliff Curtis
Jonathan Sadowski
Mary Elizabeth Winstead
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 12 juny 2007
foarm langspylfilm
sjenre aksjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 129 minuten
budget en resultaten
budget $110 miljoen
opbringst $383,5 miljoen
filmsearje
filmsearje Die Hard
● foarich diel Die Hard with a Vengeance
● folgjend diel A Good Day to Die Hard

Yn it haadkertier fan 'e Amerikaanske federale resjerzje FBI falt inkele mominten de stroom út, mei as gefolch dat it hiele kompjûtersysteem eefkes op swart giet en dan wer op 'e nij opstart. Miguel Bowman, de ûnderdirekteur foar cyberbefeiliging, fermoedet dat de útfal opsetlik wie en dat der in kompjûterfirus yn syn systeem yntrodusearre is. Hy reägearret troch bekende hackers oppakke te litten foar ûnderfreging.

Underwilens is John McClane, in ynspekteur fan it New York Police Department (NYPD), yn Camden, yn Nij-Jersey, dêr't er besiket yn kontakt te kommen mei syn fan him ferfrjemde 23-jierrige dochter Lucy. Hy komt har oer it mad as se tútsjend yn in auto sit mei in jonge dêr't se mei op in ôfspraakje west hat. Lucy jout yn net mis te fersteane bewurdings oan dat se neat mei har heit te krijen hawwe wol. As er wer yn syn eigen auto stapt, wurdt McClane oproppen troch syn baas Jack Sclavino, dy't in fersyk fan 'e FBI binnenkrigen hat om 'e jonge hacker Matt Farrell thús op te heljen en him nei it FBI-haadkertier yn Washington, D.C. te eskortearjen. Mei tsjinnichheid nimt McClane, dy't him net fier fan it appartemintekompleks fan Farrell ôf befynt, dy opdracht oan.

McClane arrivearret krekt op 'e tiid yn Farrell syn appartemint om him te rêden as in team fan hiermoardners besiket him te fermoardzjen. Dyselden binne stjoerd troch Mai Linh, de assistinte fan Thomas Gabriel, dy't it masterbrein is efter in cyberoanfal op 'e hiele ynfrastruktuer fan 'e Feriene Steaten. McClane deadet trije man en ferslacht twa oaren en wit mei Farrell te ûntkommen. Underweis nei Washington, D.C. fertelt Farrell him dat er him te goeder trou troch Mai ynhiere litten hie om in algoritme te skriuwen dat in spesifyk befeiligingssysteem omsile kin.

Gabriel, dy't syn basis fêstige hat yn in truck mei in achttjintsjils oplizzer sadat syn lokaasje net opspoard wurde kin, lit syn trewanten yn 'e tuskentiid de kontrôle oer alle kompjûtersystemen oangeande transport oernimme. Hy set alle ferkearsljochten op grien, wat ûntelbere ferkearsûngemakken en in totale gaos op 'e wegen ta gefolch hat. Dêrnei nimt er de kompjûtersystemen fan 'e Amerikaanske effektebeurzen oer en lit alle oandieleprizen kelderje. Hy brekt yn op alle tillefyzjestjoerders mei in boadskip dat gearstald is út stikjes tekst út 'e taspraken fan ûnderskate Amerikaanske presidinten, en dat bedoeld is om 'e befolking eangst oan te jeien, sadat de gaos noch fierder oanboazje sil. Farrell beseft dat immen in "leechferkeap" útfiert, in cyberoanfal wêrby't de folsleine kompjûterisearre ynfrastruktuer fan in lân lamlein wurdt.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

McClane bringt Farrell nei it haadkertier fan 'e FBI, mar dat is ûntromme nei't Gabriel dêr in alaarm ôfgean litten hat dat oanjout dat der spoaren fan myltfjoer yn 'e lucht waarnommen binne. Yn it tydlike wurkplak fan Bowman yn in autobus, hinget in rige foto's oan 'e wand fan hackers dy't yn 'e ôfrûne 24 oeren fermoarde binne; Farrell ken harren wer as syn konkurrinsje foar it skriuwen fan it algoritme. Bowman stjoert Farrell en McClane ûnder bewekking fan in stikmannich FBI-aginten troch nei it Ministearje fan Thúslânbefeiliging (DHS). Mai brekt lykwols yn it systeem yn, docht har foar as radioferbiner en stjoert it konfoai de ferkearde kant út, sadat se yn in mûklaach fan 'e trewanten fan Gabriel ride.

De measte FBI-aginten komme dêrby om, wêrnei't McClane efter it stjoer fan 'e auto krûpt dêr't hy en Farrell yn sitte. Hy naait út, efterfolge troch in helikopter mei de swierbewapene hiermoardners yn 'e tsjinst fan Gabriel. McClane siket foar de oanhâldende besjittings beskûl yn in tunnel, dêr't de helikopter net folgje kin. Gabriel set lykwols fan beide kanten ôf alle rydbanen yn 'e tunnel iepen foar ferkear en skeakelet dan de ferljochting yn 'e tunnel út, mei as gefolch dat midden yn 'e tunnel it ferkear mei hege faasje opinoar yn riidt. McClane en Farrell oerlibje dat mar nauwerneed. Neitiid is McClane sa nidich dat er syn plysje-auto op topfaasje út 'e tunnel ride lit wylst er der sels út springt. De auto fljocht by in obstakel op 'e grins tusken twa rydbanen op en wurdt de loft yn lansearre, wêrnei't er him yn 'e helikopter boarret, dy't delstoart.

Farrell fertelt McClane dat it folgjende doelwyt fan Gabriel, no't er de transportsystemen en de finansjele sektor yn syn macht hat, nei alle gedachten de nutsbedriuwen wêze sille. De kompjûtersystemen dêr't dy ûndernimmings gebrûk fan meitsje, binne lykwols sletten systemen, dy't net ferbûn binne mei it ynternet. Sadwaande sille Gabriel of guon fan syn trewanten dêr fysyk hinne moatte om 'e boel te sabotearjen. Mei't de autoriteiten folslein mei de sitewaasje oan binne en net by steat binne om adekwaat yn te gripen, beslút McClane dat hy de iennichste is dy't de terroristen tsjinhâlde kin. Dat, hy en Farrell ride nei in enerzjysintrale yn West-Firginia, net fier bûten Washington, D.C., dêr't de enerzjyfoarsjenning regele wurdt foar it hiele eastlik trêdepart fan 'e Feriene Steaten.

By de sintrale yn West-Firginia oankommen, treffe McClane en Farrell dêr al in trijemans team fan Gabriel oan, dat ûnder lieding stiet fan Mai. It team hat it personiel fan 'e sintrale fermoarde en is dwaande om 'e enerzjyfoarsjenning út te skeakeljen. Wylst Farrell besiket it útskeakelingsproses om te draaien, deadet McClane ien fan 'e beide manlike trewanten fan Gabriel en rekket yn gefjocht mei Mai. Hja blykt oefene te wêzen yn Easterske fjochtsport en skopt McClane troch in finster út it gebou, wêrnei't se Farrell twingt om alles dat er dien hat wer ûngedien te meitsjen.

McClane is delkommen yn 'e parkeargaraazje en riidt mei in SUV it gebou yn. Hy skept Mai en riidt har mei auto en al in liftskacht yn. De SUV bliuwt mei de efterbumper earne oan heakjen, wêrnei't McClane en Mai harren skeel útfjochtsje al klimmend oan 'e liftkeabels en yn 'e prekêr hingjende auto. It twadde manlike lid fan it team fan Gabriel besiket McClane dea te sjitten, mar Farrell slacht him fan efteren del en smyt him yn 'e liftskacht. Hy komt op 'e auto del, dy't troch it ekstra gewicht los rekket en nei de boaiem fan 'e skacht falt mei Mai der noch yn, wylst McClane mei de skrik frijkomt en oan 'e keabels hingjen bliuwt. By it delkommen ûntploft de auto ta ien grutte fjoersee dy't nimmen oerlibje kin.

As Gabriel Mai opskillet om te hearren hoefier't it is mei it útsetten fan 'e sintrale, nimt McClane op en fertelt him dat er Mai net mear weromsjen sil. Gabriel, dy't in relaasje mei Mai ûnderhold, wurdt alhiel breinroer by it hearren fan dat nijs en lit ierdgas út alle rjochtings weromliede nei de enerzjysintrale om dy op te blazen. McClane en Farrell witte op it nipperke te ûntsnappen, mar mei de ferneatiging fan 'e sintrale falt yn it easten fan 'e Feriene Steaten oeral de stroom en it gas út. As McClane tillefoanysk kontakt mei Bowman wit te krijen, fertelt dy him dat Gabriel as ekspêr op it mêd fan befeiliging foar it Amerikaanske Ministearje fan Definsje wurke hat, dêr't er syn superieuren mei ûnotterdokse metoaden safier besocht te krijen dat se wat diene oan 'e befeiliging fan 'e Amerikaanske kompjûtersystemen, dy't sa lek as in tjems wiene. Dat waard dêr net op priis steld, dat hy waard ûntslein en syn reputaasje waard stikken makke, sadat er neitiid nearne mear oan it wurk kaam.

Farrell wol no nei Baltimore om help te freegjen oan Warlock, in masterhacker dy't er min ofte mear as yn mentor beskôget. Hy wit McClane fan 'e needsaak dêrfan te oertsjûgjen. Yn 'e jierren sûnt syn lêste treffen mei terroristen hat McClane syn fleanbrevet helle, dat se fleane yn Mai har helikopter nei Baltimore. 'Warlock' blykt eins Freddie Kaludis te wêzen, in obese tritiger dy't yn 'e kelder fan syn memme hûs wennet. Hy is net bliid dat Farrell him by syn swierrichheden belûkt en alhielendal net dat er in plysje by him yn 'e hûs brocht hat, mar as McClane him tabyt dat er him totaal yninoar slaan sil as er net meiwurket, wol er wol om lyk. Warlock fertelt dat it algoritme dat Farrell skreaun is, inkeld oerienkomt mei it kompjûtersysteem fan in fasiliteit fan 'e Social Security Administration (SSA), de Amerikaanske oerheidsynstelling dy't oer de útkearings giet, yn Woodlawn. It gebou omfettet lykwols trije kuoltuorren, wat in oanwizing is dat it nei alle gedachten in serversintrum is dat neat mei de SSA te krijen hat.

Underwilens wurdt Bowman troch de ferbiningsofsieren fan DHS en de NSA ynljochte dat it gebou yn Woodlawn in topgeheime fasiliteit fan 'e NSA is, dêr't yn it gefal fan it ynstoarten fan 'e Amerikaanske finansjele sektor alle ynformaasje fan krekt tefoaren opslein wurdt. Mei syn 'leechferkeap' hat Gabriel derfoar soarge dat alle finansjele data nei Woodlawn ta stjoerd is. As it him slagget om dy ynformaasje te downloaden en de fasiliteit sels te ferneatigjen, kin er útpike mei in bút fan miljarden dollars. Gabriel wit fan 'e fasiliteit te Woodlawn om't er dy sels ûntwurpen hat.

Gabriel-en-dy merke op dat de systemen fan Woodlawn hackt wurde en trasearje de hack nei Warlock. Gabriel skillet Warlock op en rekket oan 'e praat mei McClane, wêrby't beide mannen misledigings en bedrigings útwikselje. McClane besiket it petear sa lang te rekken dat Warlock in traceroute útfiere kin om Gabriel syn lokaasje te bepalen. Gabriel, op syn beurt, lit McClane bylden sjen fan syn dochter Lucy, dy't fêst sit yn in lift sûnt yn Nij-Jersey de stroom útfallen is. Wylst McClane meiharkje mar net mei Lucy kommunisearje kin, skillet Gabriel har op en docht him foar as in meiwurker fan 'e meldkeamer, en bewissiget har derfan dat er immen stjoere sil om har út 'e lift te befrijen.

McClane set ôf nei Woodlawn en ried Farrell oan om by Warlock te bliuwen, mar de hacker beslút dat McClane ferlet fan him hat as er mei kompjûters te meitsjen kriget, want dêr wit McClane dúdlik neat fan. Tsjin 'e tiid dat se op har bestimming oankomme, hawwe Gabriel syn mannen Lucy út 'e lift befrijd en dêrnei ûntfierd nei Woodlawn. As der in alaarm ôfgiet om't it befeiligingssysteem in ynkringer yn in fentilaasjekanaal gewaarwurden is, wit Lucy dat har heit deroan komt, mei't dy altyd yn fentilaasjekanalen omskaait. By in fjochtpartij mei ien fan Gabriel syn mannen reitsje Farrell en McClane útinoar. Farrell ûntdekt it tagongssysteem dêr't er sels it algoritme foar makke hat en brekt yn it hert fan it kompleks yn. Dêr beskoattelet er de nei Woodlawn downloade ynformaasje digitaal, sadat Gabriel-en-dy der net by kinne. Neitiid wurdt er lykwols finzen nommen troch Emerson, ien fan Gabriel syn trewanten.

Gabriel pykt yn in bestelbuske út mei de lêsten fan syn mannen en Farrell en Lucy, wylst de truck mei oplizzer mei syn mobile basis der efteroan komt. McClane springt fan it dak fan 'e Woodlawn-fasiliteit op 'e oplizzer en kaapt de truck, wernei't er de efterfolging op Gabriel-en-dy ynset. Gabriel hackt it kommunikaasjesysteem fan in Lockheed Martin F-35 Lightning-strieljager fan it Amerikaansk Marinierskorps, dy't op fersyk fan Bowman in eachje yn it seil hâldt boppe Woodlawn, en oarderet de piloat om 'e truck oan te fallen. Om't Gabriel oer alle korrekte útfierkoades beskikt, hat de piloat gjin reden om te twifeljen oan it komôf fan syn befel. Op in rûngeand fiadukt sjit er de oplizzer en úteinlik ek de truck oan grôt, mar syn fleantúch wurdt dêrby troffen troch fallende brokstikken en stoart del. McClane ûntsnapt op spektakulêre wize oan 'e dea en set geandefoets de efterfolging fuort.

Deunby hat Gabriel in reservebasis ynrjochte yn in hangaar. Dêr besiket er Farrell te twingen om 'e digitale beskoatteling fan 'e downloade finansjele gegevens op te heffen. Farrell wegeret, ek as Gabriel him yn 'e skonk sjit. Pas as er driget Lucy dea te sjitten, jout Farrell ta. Tsjin dy tiid hat McClane de hangaar berikt. Hy sjit twa fan 'e trije lêste trewanten fan Gabriel dea foar't er sels yn it skouder sketten wurdt troch Emerson, de lêste fan Gabriel syn mannen. Dêrby rekket McClane syn pistoal kwyt, dat oer de flier rûchwei yn 'e rjochting fan Farrell glidet. Gabriel nimt McClane yn gizeling troch efter him stean te gean en him mei in earm om 'e kiel hinne fêst te hâlden.

As McClane bewusteleas driget te reitsjen fan al syn oprûne ferwûnings, drukt Gabriel de loop fan syn pistoal yn 'e skotwûne yn McClane syn skouder om him wekker te hâlden troch it tabringen fan ekstra pine. Hy hat lykwols de ûnmeilydsumens fan McClane ûnderskat, dy't Gabriel syn hân fêstpakt en him twingt de trekker oer te heljen. De kûgel fljocht troch de skotwûne yn McClane syn skouder en ferfolget dan syn wei troch it hert fan Gabriel dy't efter him stiet. Op itselde stuit skuort Lucy har los fan Emerson. Farrell grypt McClane syn pistoal en sjit Emerson dea.

Koarte tiid letter arrivearret Bowman mei in team fan 'e FBI, mar syn minsken binne allinnich noch mar op 'e tiid om 'e wûnen fan McClane en Farrell fersoargje. Nei't de wûnen fan har heit provisoarysk ferbûn binne, stjoert Lucy him nei Farrell ta om te sjen hoe't it mei de hacker is. McClane betanket Farrell foar it rêden fan it libben fan syn dochter. Farrell antwurdet dat der nimmen oars wie dy't it dwaan koe, wat deselde riddenearring is dy't McClane earder brûkte om syn eigen dieden te ferklearjen. Farrell freget oft Lucy in freon hat, mar dan trapet McClane gau-gau op 'e rem. As er werom komt by Lucy wol sy lykwols witte oft Farrell ek wat oer har sein hat.

 
Bruce Willis yn 2018.
 
Justin Long yn 2014.
 
Timothy Olyphant yn 2011.
 
Maggie Q yn 2010.

Rolferdieling

bewurkje seksje
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
ynspekteur John McClane Bruce Willis
Matt Farrell Justin Long


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Thomas Gabriel Timothy Olyphant
Mai Linh Maggie Q
FBI-ûnderdirekteur foar Cyberbefeiliging Miguel Bowman Cliff Curtis
Trey Jonathan Sadowski
Lucy Gennero-McClane Mary Elizabeth Winstead
Freddie "Warlock" Kaludis Kevin Smith
Emerson Edoardo Costa
Rand Cyril Raffaelli
Russo Yorgo Constantine
FBI-agint Molina Željko Ivanek
FBI-aginte Taylor Christina Chang
FBI-agint Raj Sung Kang
Jim (Lucy har date) Jake McDorman
frou Kaludis (Freddie syn mem) Rosemary Knower
DHS-agint Jack Parry Joe Gerety
NSA-agint Chuck Sommer Tim Russ
haadynspekteur Jack Sclavino Chris Ellis
piloat fan 'e Lockheed Martin F-35 Lightning Len Wiseman (cameo)
Casper Andrew Friedman
Del Chris Palmero
Robinson Bryon Weiss
Clay Matt O'Leary

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Live Free or Die Hard waard regissearre troch Len Wiseman nei in senario fan Mark Bomback. Dat gie úteinlik werom op it non-fiktyf artikel A Farewell to Arms fan sjoernalist John Carlin, dat yn 1997 yn it tydskrift Wired ferskynde. Yn it stik beskreau Carlin in foarm fan cyberterrorisme dy't in "leechferkeap" (Ingelsk: fire sale) neamd wurdt, wêrby't hackers in koördinearre oanfal yn trije stadia útfiere op 'e transportnetwurk, de finansjele sektor en tillekommunikaasje, en de nutsbedriuwen fan in lân. Dat lân wurdt as gefolch dêrfan hielendal lamlein; it wurdt in 'leechferkeap' neamd om't, wat de kompjûtersystemen fan dat lân oanbelanget, alles derút smiten wurdt.

Senarioskriuwer David Marconi skreau op basis fan A Farewell to Arms in skript mei de wurktitel WW3.com, mar de ferfilming dêrfan kaam stil te lizzen nei de terroristyske oanslaggen fan 9/11 op it World Trade Center yn New York en it Pentagon by Washington, D.C. Ferskate jierren letter waard it bewurke troch Doug Richardson en dêrnei nochris troch Mark Bomback, dy't der it senario foar Live Free or Die Hard fan makke.

Doe't de produksje fan 'e fjirde Die Hard-film yn 2005 oankundige waard, persiis tsien jier nei't it trêde diel, Die Hard with a Vengeance, útkommen wie, waard de titel Die Hard 4.0 brûkt, mei't it it fjirde diel wie en oer kompjûters gie (updates fan software krije gauris in tafoeging lykas 2.0 of 3.2, dy't de ferzje oantsjut). De webside IGN skreau letter dat de úteinlike titel Die Hard: Reset wurde soe, mar distributeur 20th Century Fox makke noch wer letter bekend dat de film Live Free or Die Hard neamd wurde soe, in wurdboarterij fan 'e titel fan 'e Die Hard-searje en it biedwurd fan 'e Amerikaanske steat Nij-Hampshire, Live Free or Die ("Libje Frij of Stjer"). Bûten Noard-Amearika waard yn 'e meast lannen en territoaria lykwols de namme Die Hard 4.0 oanholden.

 
Opnamen foar Live Free or Die Hard yn septimber 2006 yn Baltimore, mei Bruce Willis, Justin Long en regisseur Len Wiseman op 'e filmset.

As produsint wie Michael Fottrell by it projekt belutsen foar de filmstudio's Cheyenne Enterprises, Dune Entertainment en Ingenious Film Partners. Foar de film wie in budget beskikber fan $110 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Simon Duggan, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Marco Beltrami.

De opnamen foar Live Free or Die Hard setten op 23 septimber 2006 útein. Der waard filme yn Baltimore en oare plakken yn Marylân, yn Washington, D.C. en yn Nij-Jersey. Guon binnendoarsênes waarden opnommen yn 'e studio yn Los Angeles. Der waarden tusken de 200 en 250 ûnderskate stuntlju ynset om alle stunts yn 'e film út te fieren. Larry Rippenkroeger, de stunt double fan akteur Bruce Willis, rekke bewusteleas doe't er in fal fan 71/2 m makke fan in brântrep op it trottoir. Dêrby briek er beide polzen, ferskate ribben en inkele bonken yn syn gesicht en prikte in brutsen rib troch ien fan syn longen. Willis betelle út eigen bûse foar it ferbliuw fan Rippenkroeger syn âldelju yn in hotel, sadat se deunby him bliuwe koene wylst er yn it sikehûs lei.

Willis sels, dy't him op syn rol taret hie troch ferskate moannen lang eltse dei te trainen, rekke op 24 jannewaris 2007 ferwûne by de opname fan 'e gefjochtssêne tusken syn personaazje John McClane en dat fan aktrise Maggie Q yn 'e kontrôlekeamer fan 'e enerzjysintrale. De stunt double fan Q hie skuon mei nullehakken oan en rekke Willis by in skop mei in hakke krekt boppe syn rjochtereach. Neffens Willis stelde it allegear net folle foar, mar doe't regisseur Len Wiseman de wûne ynspektearre, stelde er fêst dat Willis syn foarholle oant op 'e bonke iepenlei. De akteur waard nei it sikehûs stjoerd en krige sân hechtings. Dy hechtings binne by fersin yn 'e film te sjen, mar troch it non-lineêre opnameskema yn in eardere sêne, wêryn't McClane Farrel ôfleveret by Bowman.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Live Free or Die Hard waard fersoarge troch 20th Century Fox. De film gie op 12 juny 2007 yn Tokio yn premiêre, en iepene dêrnei op 27 juny yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 2 july 2007 by platemaatskippij Varèse Sarabande. Live Free or Die Hard waard op 29 oktober 2007 útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Live Free or Die Hard oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Richard Roeper yn it tillefyzjeprogramma Ebert & Roeper de film in tomme omheech. Hy sei dat Live Free or Die Hard "net de bêste of spannendste Die Hard-film [is], mar it is in hiel fermaaklike film". Dêr heakke er oan ta: "Willis is yn topfoarm yn syn karriêredefiniëarjende rol." De webside IGN skreau: "Krekt as de resinte film Rocky Balboa wurket dizze nije Die Hard behalven as in ferhaal op himsels oer in held dêr't it jongste fan ôf is mar noch altyd libben yn sit, ek as in nostalgysk reiske werom yn 'e tiid foar dyjingen dy't mei de orizjinele films opgroeid binne."

 
In plysje-auto fan 'e FBI dy't foar de opnamen fan Live Free or Die Hard brûkt waard.

Oan 'e oare kant fan it spektrum skreau resinsint Lawrence Toppman yn 'e krante The Charlotte Observer: "Ik kin sûnder oerdriuwen sizze dat ik noch nea wat sjoen haw dat sa healwiis is as Live Free or Die Hard." Neffens him litte de film dêrnjonken oan in gebrek oan memorabele antagonisten. Ek fûn er dat plysjeman John McClane no neat oars mear wie as "inkeld in keale Terminator mei bettere oneliners."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Live Free or Die Hard in frij heech goedkarringspersintaazje fan 82%, basearre op 210 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is dan miskien bespotlik, mar it is ek in effisjinte simmerfilm dy't smoarfol mei aksje sit en ek mei spannende stunts en in oertsjûgjende aktearprestaasje fan Bruce Willis. Fans fan eardere Die Hard-films sille net teloarsteld wurde." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Live Free or Die Hard in goedkarringspersintaazje fan 69%, basearre op 34 resinsjes.

Live Free or Die Hard brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $134,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $249,0 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $383,5 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $110 miljoen betsjut dat in winst fan $273,5 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Live Free or Die Hard de op alve nei meast opbringende film fan 2007 en kommersjeel sjoen it súksesfolste diel fan 'e Die Hard-searje.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Die Hard (filmsearje)
Die Hard (1988) • Die Hard 2 (1990) • Die Hard with a Vengeance (1995) • Live Free or Die Hard (2007) • A Good Day to Die Hard (2013)