Sniescooter
In sniescooter (ek skreaun as snieskûter) of motorslide is in behindich soarte fiertúch foar op lân, dat spesjaal makke is foar it bereizgjen fan in tsjûk besnijde ûndergrûn of iis. Sokke masines hawwe gjin ferlet fan in wei of paad. It apparaat hat de foarm fan leech soarte fan scooter, dy't men oerskrank sittend 'beriidt'. It wurdt yn 'e regel oandreaun troch rupsbannen oan 'e efterkant en kin bestjoerd wurde mei skys oan 'e foarkant. Yn it Ingelsk sprekt men fan snowmobile, en dy term en de lienfertaling sniemobyl wurde ek wol yn it Frysk brûkt. Dêrby hoecht it lykwols net om in scooter te gean, want dêr kinne ek gruttere rupsbânfiertugen foar ferfier oer snie of iis mei oantsjut wurde, dy't bgl. tarist binne mei in kabine, mei in iepen platfoarm foar transport fan guod of mei in kraan.
Skiednis
bewurkje seksjeDe ûntwikkeling fan 'e sniescooter is net it wurk fan ien beskate útfiner, mar in stadich proses fan it hieltyd fierder ferbetterjen fan fiertugen foar it bereizgjen fan snie en iis. Ien fan 'e earste motorisearre ferfiermiddels foar ferfier oer snie wie de Aerosan, in fiertúch op skys dat oandreaun waard troch in propeller. Dat waard yn 1909-1910 boud troch de Russyske útfiner Igor Sikorsky. Sokke apparaten waarden letter troch it Reade Leger ynset yn 'e Winteroarloch tsjin Finlân (1939-1940) en de Twadde Wrâldoarloch tsjin nazy-Dútslân yn syn bûnsgenoaten (1941-1945). Mei't de Aerosan gjin rupsbannen hie, ferskille de mienings oer de fraach oft er wol foar sniescooter oanmurken wurde kin.
Yn elts gefal waard de earste echte sniescooter sa't dy term tsjintwurdich opfet wurdt (mei rupsbannen efter en skys foar) yn 1916 ûntwurpen troch Ray H. Muscott út Waters yn 'e Amerikaanske steat Michigan, dy't dêrfoar op 27 juny fan dat jier in oktroai ûntfong. Yn 'e 1920-er en 1930-er jierren waarden yn Noard-Amearika in protte T-Fords oanpast mei rupsbannen en skys, net yn pleats fan 'e tsjillen, mar deropta. Sokke sniemobilen waarden "snowflyers" neamd. De oanpaste T-Fords wiene tige gaadlik foar de relatyf drûge snie fan 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten, mar net foar de wietere snie fan Kebek, om't de smelle rupsbannen dêr yn weisakken. Dêrom ûntwurp de Kanadees Joseph-Armand Bombardier in rupsbannestysteem dat gaadlik wie foar alle soarten snie. De earste sniemobyl dy't er produsearre, wie in grut fiertúch foar sân persoanen yn 1937.
De earste praktyske ienpersoanssniescooter foar de grutte merk waard ûntwikkele troch Edgar en Allen Hetteen en David Johnson út Roseau yn Minnesota, dy't it earste model (de Sno Traveller) yn 1957 yn produksje namen. Harren bedriuw, Hetteen Hoist & Derrick Co. waard letter omneamd ta Polaris Industries, dat noch altyd ien fan 'e wichtichste produsinten fan sniescooters is. De earste sniescooters wiene tige swier (450 kg) en ek botte stadich (30 km/h). Fan 1959 ôf waarden se lykwols almar lichter en flugger. Bombardier Inc., it bedriuw dat oprjochte wie troch Joseph-Armand Bombardier, kaam yn 1960 mei de Ski-Doo, dat ien fan 'e bekendste modellen sniescooters is. Konkurrinten namen de foarm dêrfan oer en fierden ferbetterings troch.
Yn 'e iere 1970-er jierren wiene der wrâldwiid, mar benammen yn Noard-Amearika, mear as hûndert fabrikanten fan sniescooters aktyf, en fan 1970 oant en mei 1973 waarden der twa miljoen fan 'e masines ferkocht. De Oaljekrisis fan 1973 soarge foar in keldering fan 'e fraach, wat late ta it fallisemint fan in protte lytse produsinten. Neitiid woeks de fraach wer oan ta in maksimum fan 260.000 ferkochte eksimplaren yn 1997, mar dêrnei sakke de merk wer yn. Dat kaam fan 'e stadichoan opwaarmjende winters dy't troch it broeikaseffekt feroarsake wurde en de yntroduksje fan lytse ien- of twapersoans all terrain vehicles, dy't it hiele jier troch brûkt wurde kinne.
Hjoeddeistige sitewaasje
bewurkje seksjeDe fjouwer grutste produsinten fan sniescooters binne op 't heden Bombardier Recreational Products (BRP), Arctic Cat, Yamaha en Polaris Industries. Sniescooters wurde yn 'e poalstreken ynset foar transport, mar op 'e measte oare plakken benammen foar rekreätyf gebrûk. Fral yn Noard-Amearika binne sokke apparaten populêr, wylst se yn noardlik Jeropa en Sibearje relatyf seldsum binne. Jiers giet der allinnich al yn 'e Feriene Steaten en Kanada foar sa'n $28 miljard om yn 'e sniescootermerk; dêrby is net inkeld de ferkeap meirekkene, mar ek ûnderhâld en ferkeap fan tabehear lykas klean en branje.
Krêftige sniescooters kinne no op flak terrein in faasje berikke fan wol 240 km/h, en se kinne yn seis sekonden oplûke fan 0 oant 160 km/h. Spesjaal ûntwikkele racesniescooters kinne in faasje fan wol 320 km/h berikke. De ynfloed fan sniescooters op it miljeu is al jierren ûnderwerp fan diskusje. De measten fan 'e masines binne noch tarist mei in twataktmotor, hoewol't der ek guon besteane mei in fjouwertaktmotor. Yn 'e ienentweintichste iuw hawwe benammen Yamaha en Arctic Cat it foartou nommen yn 'e ûntwikkeling fan minder fersmoargjende motors.
De hege faasje fan sniescooters kin, fral by bestjoerders sûnder ûnderfining, ta slimme ûngemakken liede. Elts jier komme der likernôch 10 minsken om by ûngelokken mei sniescooters. Dan giet it benammen om botsings mei beammen. Hiel inkeld wurdt in sniescooterder ûnthalze as er by fersin mei hege faasje troch troch in stek fan stikeltrie of skriktrie hinne riidt. Yn bercheftige gebieten kin it beriden fan in sniescooter op 'e ferkearde plakken ek in lawine opwekje.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.
|