In wetterscooter, ek skreaun as wetterskûter, en better bekend as in jetsky, is in behindich soarte motorisearre fartúch oandreaun troch in wetterjetmotor, dat men oerskrank sittend 'beriidt'. De gebrûklike oantsjutting, jetsky, is in heale lienfertaling fan it Ingelske jet ski, dat eins in auteursrjochtlik beskerme merknamme en in registrearre hannelsmerk is (te witten fan 'e Kawasaki Jet Ski, dy't yn 1972 op 'e merk kaam). De minder bekende algemien namme wetterscooter is basearre op 'e gelikensens fan dit type fartúch mei de 'gewoane' scooter, in motorfyts, bromfyts of snorfyts mei lege opstap op lytse, brede tsjillen. Yn Nederlân hat men ferlet fan in lyts farbewiis 1 om in wetterscooter bestjoere te meien.

It wetterscooter yn aksje.

De ierste wetterscooters kamen healwei de 1950-er jierren op 'e merk yn it Feriene Keninkryk en justjes letter op it fêstelân fan Jeropa. De ierste modellen wiene de Britske Vincent Amanda en de Dútske Wave Roller. Dy iere types lieken net bot op 'e tsjintwurdige wetterscooters. Yn 'e Feriene Steaten waard it fartúch mids 1960-er jierren fierder ûntwikkele, ta it ûntwerp sa't dat hjoed de dei bestiet, troch Clayton Jacobson II fan Lake Havasu City yn Arizona. Hy kaam op it idee om 'e oandriuwing te feroarjen fan in bûtenboardmotor mei in skroef ta in ynboude wetterjetmotor. Ek waard fan it stjoer in fêste struktuer makke dy't omheech wiisde. Om it gewicht fan it fartúch te beheinen, makke Jacobson it fan glêsfezelstof.

 
In trijepersoanswetterscooter fan it merk Yamaha.

It earste model wetterscooter op basis fan Jacobson syn ûntwerpferbettings wie de SeaDoo, dy't ein 1960-er jierren op 'e merk brocht waard troch it Kanadeeske merk Bombardier. Dat bedriuw hold lykwols al foàr 1970 op mei de produksje fan sokke fartugen. Yn 1972 wie de Japanske produsint Kawasaki de earste dy't in 'steanmodel' fan 'e wetterscooter makke, wêrby't it sitbankje ûntbriek en de brûker dus oanhâldend stean moast. De merknamme dy't dêrfoar betocht waard, wie Kawasaki Jet Ski (om't de steande hâlding oan skyen of wetterskyen tinken die). Yn 1973 kaam dat apparaat op 'e Amerikaanske merk út, dêr't it yn koarte tiid sa populêr waard, dat de merknamme 'jetsky' ynboargere rekke as generike oantsjutting foar alle wetterscooters en út Noard-Amearika nei oare dielen fan 'e wrâld ferspraat waard. Oare bekende merknammen fan wetterscooters binne WaveRunner (fan Yamaha) en AquaTrax (fan Honda).

Moderne wetterscooters besteane út in leech yn it wetter lizzend boatsje, dêr't boppe de wetterline in soarte fan motorfyts op boud is, mei in nei boppen útstykjend stjoer mei twa hânsels oan 'e sydkanten, lykas fan in motorfyts. Alle betsjinning fan 'e yn it boatdiel ynboude wetterjetmotor sit oan it stjoer en wurdt sadwaande mei de hân dien. It stjoer as gehiel kin faak op en del beweecht wurde, sadat de bestjoerder sawol sitte as stean kin. Sitten docht men op in seal op 'e efterein fan it boatsje. Wetterscooters sûnder sa'n seal sjocht men tsjintwurdich net folle mear. De measte wetterscooters kinne inkeld de bestjoerder en eventueel noch ien oare persoan ferfiere dy't dan efter de bestjoerder plaknimt en him oan 'e bestjoerder fêstklammet; dat is it type dat almeast jetsky neamd wurdt. Der binne lykwols ek gruttere wetterscooters, dêr't trije of soms wol fjouwer minsken op farre kinne; dy wurde mar selden oantsjut as jetsky.

Wetterscooters wurde almeast brûkt foar rekreaasje. By waarm waar oan it strân kin men prima op 'e wetterscooter yn in swimbroek of baaipak, mar yn kâldere omstannichheden wurdt driuwend oanret om earst in wetsuit oan te dwaan om ûnderkuolling foar te kommen. Yn djipper wetter is in swimfest likemin oerstallige lúkse. Wetterscooterfiskjen is it fiskjen fan in wetterscooter ôf. Wetterscooters wurde ek beriden by wize fan sport, wetterscooterracen, wêrby't it net inkeld oankomt op faasje, mar ek op behindichheid. De sport wurde wrâldwiid beävensearre troch de Ynternasjonale Wetterscooterrace Uny (Union Internationale Motonautique, UIM), dy't erkenning genietet fan it Ynternasjonaal Olympysk Komitee (IOC). Dêrnjonken wurde wetterscooters ek in protte brûkt troch rêdingstsjinsten lykas strânwachten en de wetterplysje.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.