In baaipak,[1] badpak[2] of swimpak[3] is in stik klean dat ta de baaiklean heart. It wurdt droegen troch froulju en famkes by it swimmen yn 'e see of in oar oerflaktewetter (lykas in mar of in poel), of yn it swimbad. Ek hawwe se it wol oan by oare aktiviteiten, lykas sinnebaaien. By guon aktiviteiten, bgl. skoalswimmen en swimwedstriden, wurdt fan famkes en froulju ferwachte dat se in baaipak drage.

De Amerikaanske swimster Chloe Sutton yn in gongber baaipak.

It moderne baaipak bestiet, yn tsjinstelling ta de bikiny, út ien stik stof en bedekt it lichem fan 'e skamstreek oant de boarsten. It lit hals, earms en skonken bleat, en yn 'e regel de skouders ek fierhinne, hoewol't dêr ornaris wol skouderbannen oerhinne rinne. Ofhinklik fan 'e styl fan it baaipak kin it ek in dekolletee hawwe. Krektsa is de rêch by guon baaipakken iepen, mar by oaren bedutsen. It baaipak sit froulju strak om 'e lea, sadat de foarm fan boarsten en stuten dúdlik waar te nimmen is. It hat dêrom faak in dûnkere kleur, om't ljochte kleuren as wyt, giel, rôze en ljochtgrien by wietwurden faak trochsichtich wurde. It baaipak wurdt yn guon, benammen leauwige, fermiddens sjoen as sediger as de bikiny, dy't de búk ek bleat lit.

 
Annette Kellerman yn it baaipak wêrfoar't se yn 1907 yn Boston arrestearre waard.

Foarôfgeande oan 'e yntroduksje fan it baaipak bedieken frijwol alle soarten baaiklean foar froulju de hiele romp. Yn dy tiid droegen manlju trouwens itselde soarte baaiklean. It baaipak kaam yn 'e twadde helte fan 'e 1900-er jierren yn 'e moade. De yntroduksje derfan wurdt rûnom taskreaun oan 'e Australyske swimster Annette Kellerman, dy't yn 1907 in baaipak droech op it strân by de Amerikaanske stêd Boston yn in styl dy't se oernommen hie fan doetiidske Ingelske baaiklean foar manlju. Hja waard lykwols arrestearre foar skeining fan de iepenbiere earberheid om't it baaipak har earms, skonken en hals bleat liet. Dat ynsidint loek in protte oandacht, en der waard yn 'e Feriene Steaten rûnom skande sprutsen fan har arrestaasje. Neitiid begûn Kellerman, dy't ek in slûchslimme sakefrou wie, baaipakken te ferkeapjen, en it baaipak yn har styl waard sa populêr dat er bekend kaam te stean as 'de Annette Kellerman'.

Tsjin 1910 wie it baaipak út Amearika oerwaaid nei guon dielen fan Jeropa, en yn 1912 wie it de offisjeel goedkarde dracht foar it frouljusswimmen, dat in nij ûnderdiel wie op 'e Olympyske Simmerspullen fan dat jier, dy't yn Stokholm holden waarden. Doe't yn 1921 foar it earst de Miss America-skientmewedstryd holden waard, hie dat evenemint in ûnderdiel wêrby't de dielnimsters yn baaipak op it poadium ferskynden. Nettsjinsteande dat waard it baaipak lange tiid net oaral akseptearre. Sels yn 1943 noch waarden foto's fan Annette Kellerman yn har baaipak opfierd as foarbylden fan oerdúdlike ûnseedlikheid yn 'e Amerikaanske rjochtsaak Esquire v. Walker, Postmaster General.

Tsjin 'e 1930-er jierren ûntjoech him in nije styl fan it baaipak, wêrby't it boppeste part fan 'e rêch bleat kaam, de skouderbantsjes smeller waarden en de boksen fan wat by 'de Annette Kellerman' eins in soarte fan koarte broek west hie, ferdwûnen. Troch de tapassing fan nije materialen, yn 't bysûnder lateks en nylon, kaam it baaipak de draachster yn dyselde snuorje ek stadichoan strakker om 'e lea te sitten. Guon fan sokke baaipakken hiene skouderbantsjes dy't losmakke wurde koene foar it sinnebaaien. De filmyndustry fan Hollywood smiet syn ynfloed efter it baaipak, mei films as Neptune's Daughter (1949), wêryn't swimster en aktrise Esther Williams wiidweidich te sjen wie yn baaipakken. Williams fertolke ek de rol fan Kellerman yn 'e biografyske film Million Dollar Mermaid, út 1952.

 
It Brazyljaanske model Juliana Imai yn 2007 yn in modieus baaipak mei tige brede, suver T-shirteftige skouderbannen, mar in hiel djip dekolletee.

Yn dyselde snuorje ûntwurp moade-ûntwerpster Adele Simpson, dy't fan miening wie dat klean noflik sitte en praktysk wêze moasten, in grutte kolleksje baaipakken dy't harren tiid fier foarút wiene en der sels 35 jier letter, yn 'e 1980-er jierren, noch mei troch koene. Frijwol tagelyk brocht Cole of California 'bleatere' baaipakken op 'e merk en yntrodusearre Catalina Swimwear baaipakken mei in hast hielendal bleate rêch. Dy feroaring hie dermei te krijen dat it baaipak konkurrinsje begûn te ûnderfinen fan 'e bikiny.

De bikiny waard yn 1946 útfûn, mar gie tebek op 'e sitewaasje yn 'e Twadde Wrâldoarloch doe't der krapte bestie oangeande materialen as katoen, side, nylon, wol, lear en rubber. Om't de oarlochsynset it wichtichst wie, lei yn 1942 de Amerikaanske War Production Board de kleanprodusinten Regulation L-85 op, dy't delkaam op in besuniging fan 10% op 'e stoffen dy't brûkt waarden foar frouljusbaaiklean. De kleanfabrikanten begûnen doe earst alle oerstallige dielen fan it baaipak fuort te snijen, lykas boksen, rokpanielen en (te) brede skouderbannen. Dêrnei brochten se twadielige baaipakken op 'e merk dêr't ek it middelste stik, oer it mulruft hinne, út fuortsnien wie. It boppe- en ûnderstik wiene dêrby noch wol sa grut, dat men eins net fan bikiny sprekke kin, mar dy kaam dêr nei de oarloch wol út fuort.

De bikiny wie in betinksel fan 'e Frânske yngenieur Louis Réard, wêrby't foar it earst de nâle fan 'e draachster bleat litten waard. Dat wie yn dy tiid skokkend, en it wie in dúdlike brek mei it baaipak. Réard ferneamde syn nije stik baaiklean nei it eksoatysk klinkende atol Bikini, yn 'e Marshalleilannen, dat doedestiden yn 'e bekendheid kommen wie troch de proeven mei atoombommen dy't de Feriene Steaten dêrsanne útfierden. Yn 't earstoan gie de bikiny de measte minsken fierstente fier, en koe it baaipak it skoan foar syn nije konkurrint oer hâlde.

Boppedat waard de bikiny ferbean yn Spanje, Portegal, Itaalje, Belgje, Austraalje, oan 'e Atlantyske kust fan Frankryk en yn guon Amerikaanske steaten. Paus Pius XII ferklearre dat de bikiny sûndich wie. Yn 1951, doe't de Miss World-skientmewedstryd ûntstie, waard de winneresse, de Sweedske Kiki Håkansson, kroane yn bikiny, mar nei't roomsk-katolike lannen drigen om tenei net wer mei te dwaan, waard fan 1952 ôf it dragen in baaipak ferplichte. Troch de yntroduksje fan 'e bikiny wie it baaipak yn inkele jierren tiid sels yn 'e konservatyfste fermiddens akseptabel wurden. Sûnt de 1960-er jierren is de bikiny yn 'e Westerske wrâld folslein ynboargere rekke. Nettsjinsteande dat hat it baaipak syn plak as populêr stik baaiklean foar froulju witten te behâlden.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 58.
  2. Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 62.
  3. Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 1993.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.